Dit geskrift is formeard út de oerfloed fan reaksjes fan feestgongers.
It befettet sadwaande yn byld en lûd en wurd:
fleurige befiningen, oandwaanlike ympresjes,
fertederjende eachopslaggen – ja, kleare blydskip,
en ûnderwilens tuskenbeiden delikate eigen mieningen, dito ideeën,
ferfelende flarden fan preken en polemise opinys
– gjin korrekt-politike sjoernalistyk, likemin obligate oannames.
Ymplisyt is dit epistel in tinktenkje oer taaldiminsjes:
eigenheid, behâld, noarm, hâlding, ferbrekken en diskriminaasje.
Boppedat smyt it handige dokumintaasje, smertlik rekkenskip en oarsoartige stof ta oertinken op.
Dit praatstik is noch wurk yn útfiering.
(Op gesach fan neierhân omsichtige rinkelroaiers, skine skerpe toanen trouwens alwer flechtich ferflein te wêzen.)
Foto’s: Aukje de Jong, Baukje Miedema, Joliena Smit-van Engelenburg, Ilse Vos, Carla van der Zwaag en oaren.
Film: Myntsje Jensma, Baukje Miedema.
- Kommissaris: Fier OP dyn eigen taal
- Frysk Folksliet mei Ukrayns aksint
- Sierlike Fryske Dûnsers
- Nije Taalballade
- Sammelbondel: in wûnderbaarlike oerfloed
- Ferbining en krúsbestowing
- Genot fan tolve talen
- Prekêre taalkanten
- Gâns flecht op ’e boekekoai
- Debútbondel Bauke Terpstra
- Unmisbere stipe
- Draachflak en kontinuïteit -Start nij meartalich poëzyprojekt oer Frijheid
Voor Nederlands: gebruik Google Translate.
For English: use Google Translate.

Op sneon 29 novimber 2025 waard yn ’e Groate Kerk te St.-Jabik it meartalich Feest fan Fier dyn eigen taal fierd. In fleurige dei foar brûkers fan lytse talen, mei no en dan frij pittich dispuut. En dêrneist de presintaasje fan ’e dichtbondel Fier dyn eigen taal, in samling fan 333 siden mei fersen fan 222 dichters yn sa’n 70 lytse talen.
Sjoch foar de ynhâld: Fier dyn eigen taal

Kommissaris: Fier OP dyn eigen taal
It symboalys earste eksimplaar fan dy dichtbondel wurdt yn hannen steld fan Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân, as beëage ambassadeur en as sadanich statushâlder en emansipator fan eigen identiteit.
Brok: De titel fan de bondel seit it al: Fier dyn eigen taal. Ik soe der graach ien wurdsje oan taheakje wolle: Fier op dyn eigen taal.
Want wy hawwe alle reden om grutsk te wêzen.
It liket sa fanselssprekkend om dyn eigen taal te praten, mar dat is it net. Lytse talen steane ûnder druk. Se moatte plak meitsje foar de grutte talen fan de wrâld, foar de taal fan it ûnderwiis, fan de social-media, fan it wurk.
Hjoed fiere wy ús eigen talen, yn al har foarmen en kleuren.
Ook een warm welkom aan al die mensen die vanuit andere landsdelen hier naartoe gekomen zijn. Mijn verhaal zal in het Fries zijn, dat zal u denk ik niet verbazen. Mocht u iets niet verstaan, dan kunt u uw buurman of buurvrouw even gebruiken als tolk wellicht. Welkom!
Brok lit syn papieren speech lizze en ymproviseart foar de fûst wei spontaan in flamjend foargefjocht foar it brûken fan je eigen taal. Syn ynspiraasje hellet er út it libbene Frysk dat him as eigenste sprake oanflein is. De man taast yn eigen en oarfrous/mans moed.
Hy wurdearret by de oanfang de klank fan ’e Ukraynse sopraan as symboal fan ferbining fan talen oer grinzen hinne – en beneamd de frijheid dy’t foar ús sa fanselssprekkend is, mar foar de flechtling allegeduerigen wif.
Brok fielt him Frysk. Doe’t er hjir telâne kaam, wie er daliks thús en hy wist: Wol ik der by hearre, dan moat ik de taal leare. Hy hat it Frysk ek oannommen omdat er de betsjutting achter de wurden as safolle kleurriker belibbet as it Hollâns.
/…/Dat is ien fan ’e redenen dat it myn taal wurden is.
No is der in soad strideraasje oer: wat moat de oerheid dan mei de taal? Ek de lêste wiken is de diskusje: wannear bist Fries? Ast Frysktalich bist of net? No, dêr kom ik graach in kear op werom, om dêr ris wat breder en wat djipper oer te praten.
Mar wat is de rol ek fan ’e oerheid dêrby? Ik bin bliid dat ús deputearre fan taal der hjoed ek by is. Ik tink dat de oerheid in ôfgryslik wichtige rol hat yn it taalbelied. Want at der net in formeel ramt is, at der net in formele wet is wêr’t yn stiet wat de basis wêze moat fan ús taal, dan wit ik wol wat de útkomst is. Dan wurdt it fierstente frijbliuwend en wurde de rjochten fan minderheden skansearre, beschadigd. En dat is net in goeie saak, want wy hawwe as oerheid de plicht om altyd te stean foar de rjochten ek fan minderheden.
En een minderheidstaal is een rotwoord. Wij gebruiken in het Engels graag ‘lesser used languages’, minder gebruikte talen, of thuistaal, of taal van het hart, of de dominante taal in de regio.
Yn Fryslân is it Frysk net in minderheidstaal. Yn Nederlân is it in ‘lesser used language’.
Maar in Friesland is het de dominante taal, vooral als je de dialecten of de streektalen – vind ik veel mooier – de streektalen zoals het Stellingwerfs of het Bildts daarbij optelt, is het Nederlands vooral op het platteland een niet-dominante taal.
No, wat sa wichtich is, fan ’e wike sille de deputearre en ik nei Dútstalich België om dêr te praten mei de oerheden oer hoe’t sij it Dútsk yn de rjochtbank borge. Dat is by ús yn Fryslân altyd noch in punt. Wy binne yn de maityd, de lente, nei de Færöer eilannen west. In lân mei 750.000 ynwenners mei in eigen taal, kultuer en identiteit.
Wy ha ien grutte famylje yn West-Europa. Der binne sechstich regio’s en lannen dêr’t taalpluriformiteit is. En taalpluriformiteit is absolute rykdom. Europa is net allinne in gearwurking fan lannen, mar Europa moat ek in gearwurking wêze yn al dy regio’s wêr’t dy taalpluriformiteit is. En wêrom is dat fan belang? Net as doel op himsels, mar omdat dat fanút de rykdom ferbining jout. En in kontinint wat ferbining siket, wat ferbining makket, dêr is gjin oarloch. Dus ik fertrou derop dat naarmate der mear frijheid is foar regio’s en lannen om minsken tichtby taal, kultuer en identiteit harren romte te jaan, dat dat rykdom is.
Beste minsken, ik hie in speech, mar ik ha him totaal net brûkt.
Dit is wat ik graach sizze woe.
Ik vind het een enorme verrijking dat er zo ongelofelijk veel mensen met de betrokkenheid met hun eigen taal en kultuer hier zijn. Dat is precies wat we in deze gemeente willen. Dat is precies wat we in deze provincie willen. Om daarmee uit te stralen dat het niet iets is waar je een hek omheen moet zetten. Maar dat we vanuit onze eigen emotie, gevoelens en rijkom de verbinding met elkaar willen maken.
Sjoch foar Brok syn taspraak op papier, dy’t er foar 29 novimber taret hie, mar dus net útspriek:
Taspraak Kommissaris fan ’e Koaning drs. A.A.M.Brok, 29 novimber 2025.
Dominante taal: diskusjepunt
Wannear is in taal dominant? Dêr kin tenei fierder oer neitocht en op reflekteard wurde. In soad plattelânsfriezen sille it Hollâns net as foaroansteand ûnderfine, mar dat is it yn ’e praktyk feitlik al: op ’e dyk, yn skoalle, yn tsjerke. En hjoed ek sa mar ynienen by ús eigen foarum.
Dat Stellingwarvers op har beurt t Frysk betiden as ‘haadtaal’ ûndergean, gebeurt Nota Bene ék op dizze dei fan Fier dyn eigen taal!
Christine Mulder, Stellingwarver dichter en meiwurker by de Stellingwarver Schrieversronte, bringt dat nei foaren, sjoch it artikel yn de Stellingwerf – Stellingwarver zaeken, 4-12-2025:
/…/Iene van de Stellingwarver schrievers perbeerde in et kader van taeldiskriminoasie de holing van ’t Fries en de perveensie ten opzichte van et Stellingwarfs onder de andacht te bringen. Stellingwarvers kriegen mit riegelmoat te maeken mit gedrag en akties woaruut vaalt op te maeken, dat heur tael ok minder weerde het as de ‘heufdtael’ Fries.
Ondaanks bi’jval van aandere schrievers uut et briede Nedersaksische taelgebied, bleek d’r gien ruumte te wezen veur dit onderwerp en wodde et niet veerder oppakt. Doarmit sprak de mannefestaosie de ambitie uut om kleine taelen ten volle te vieren, mar leut disse kwestie een wisselend gevuul na.
Frysk denigreart Stellingwarfs
Christine Mulder letter yn in replyk oan Frysk en Frij: Tiedens et taelforum van disse ‘mannefestaosie van de kleine taelen’ gong de andacht veural naor et Fries. Et onderwarp taeldiskrimmenaosie kwam dan wel an bod, mar alliend vanuut de benaodering van Friespraoters. Doe ik een stien in de viever gooide deur te wiezen op ’e diskrimmenaosie die Stellingwarvers vanuut et Fries ondervienen, wodde de diskussie niet oppakt/…/Et is bleven bi’j stokmennig vlochtige ‘doempies omhogens’ en persoonlike anmoedigings van aandere Nedersaksische anwezigen.
Wat hjir ek meispilet is dat yn ’e Stellingwarven it Frysk ferplichte fak op ’e basisskoalle is en it Stellingwarfs net.
Ik erveer dit as tekenend veur de taelpoletiek van et Fries ten opzichte van et Stellingwarfs. Ik mark subtiele denigraosie in Friese media, een passieve holing bi’j ontheffings en subsidies naost een aktieve (agressieve?) inzet om et Fries domineren te laoten in gebieden waor as et oorspronkelik niet praot wodt.
Uutgeveri’je Frysk en Frij lat mit biesterbaorlike perjekten zoas disse ‘Vier jow eigen tael’-bundel zien dat alle kleine taelen d’r toe doen. Kleine taelen verdienen gelieke kaansen, gien symbolische erkenning.
Reaksje fan Frysk en Frij: Om kleine taelen ten volle te vieren is uteraard by útstek de bedoeling fan Fier dyn eigen taal! Denigraasje stiet dêr fansels heaks op. Alle talen binne dan wol net gelyk, mar wol gelykweardich (sorry foar dat klisjeetormint). Dat skerp yn ’t each hâlde, binne wy elk foar oar oanspraaklik foar.
Dit fraachstik fan toanoanjaande, oerhearskjende taal is noch lang net útiten.
‘Dialekt’ trochbrutsen
Yn dat ramt kiest Fier dyn eigen taal sadwaande net foar de oantsjutting dialekt, mar foar ‘lytse taal’. Soks omdat dialekt faak wat leechlizzends, soms sels spottends, yn him hat. Ek by de brûkers fan lytse talen sels. Dit gebeuren flagget dêroerhinne yn ’e talewyn – wjerstiet, trochbrekt, set soks teminsten yn ’e sigen. It seit himsels dat minderheidstaal likemin net leuk fan tapassing is. Lytse taal is trouwens allyksa op ’e grins. De termen geaspraak en streektaal binne by guon tongslaggen faaks te beheind mei ’t each op in toch wiidweidichachtich taalgebiet.
Wa wit in wittenskiplik ferantwurde, net-beladen beneaming?
Frysk Folksliet mei Ukrayns aksint

De Ukraynse sopraan Nataliia Gryshchenko – klaaid yn ’t kostúm ferurven fan har beppe – sjongt oan it begjin folút it Frysk Folksliet – guon reitsje sawat yn triennen, krije kipefel, oaren is it lûd fan ’e sopranino galmjend genôch yn kombinaasje mei dy pompeuze nepotistise tekst.
In paradoks is it ienfâldige folkslietsje yn har memmetaal oer taal mei de titel Memmetaal, sjoch foar dy tekst: Oekrayns feest fan Fier dyn eigen taal.
Sierlike Fryske Dûnsers
De Fryske Dûnsers komme rom oan bod mei taaldûnsen – sa mar even neamd foar dizze gelegenheid.
It poadium is hast te lyts foar de swierige walsen.
De 200 feestgongers – de moarns is der foar in part oar folk as de middeis – gean fierders fergees te gast oan Groate Kerk-Hearlikheden: twa soarten sop, Bildtse Broadsjes, oranjekoek en sûkerbôle fan Bakkerij Struiksma út Tsjummearum.
Nije Taalballade
Dat is meisjongen geblazen by de Nije Taalballade fan Piter Wilkens. Dêryn besjongt de trûbadoer yn alle earnst luchthertich tûkelteammen en kribbekeurichheden dy’t er oan ’e lijve ûnderfynt:
> troch alle burokrasy hasto al gau de moed net mear
> troch de polityk wurde gjin grutte stappen set
> Wy ferbrekke ús mar al te graach
> troch ús eigen skuld, ha wy de slach ferlern.
De seal kin dêr oer meisjonge, refrein:
It Frysk rint nei de ein, hoe faak is dat net sein
Ik lis der net mear wekker fan, oan my hat it net lein
It Frysk rint nei de ein, ik ha myn sechje sein
It Frysk giet nei de bliksem, mar oan my hat it net lein
Piter hat syn ballade neffens de tekst yn ’e bondel wat oanskerpe.
Guon fine dy bewurdingen nochal konfrontearend. Negatyf replyk. Mar ja, it is Piter syn praktyk.
Hawar, it publyk kin der oer meitinke en nei it skoft redekavelje yn ’e mande mei it Taalfoarum.
Pittige gespreksstof foar dispuut, ek foar letter.
En it foarlân is, dat Piter noch wer in oare ferzy kreeëart foar syn sjongen op toernee. Dy opname wurdt hjir letter pleatst.
Sjoch foar de tekst fan it liet mei refrein: Frysk en Stadfries feest fan Fier dyn eigen taal – Frysk en Frij.

deputearde Eke Folkerts, portefúljehâlder Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer
en trûbadoer Piter Wilkens.
Fan it iene komt it oare: Jan seit dat er by Nataliia op sjongles wol.
Under de VIP’s is ek oanwêzich Joliena Smit-van Engelenburg,
adviseur wurkbesites en protokollen foar de Kommissaris fan ’e Koaning
Sammelbondel: in wûnderbaarlike oerfloed
De samling Fier dyn eigen taal omfiemet in wûnderbaarlik bûnte oerfloed fan sa’n santich tongslaggen út Nederlân en fierder oer de grinzen hinne, fan Fear oant Falencià.
Ferrassend is de kwaliteit fan ’e fersen, in opstekker foar ús aller lytse talen.
Nettsjinsteande dat it tema Taal beheind achte waard, sjocht hjir heel wat prachtich literêr wurk it ljocht: orizjinele, autintike poëzy fan sawat likefolle froulju as manlju.
En hoe is ’t mooglik, alles mei-inoar is ’t sawat flaterleas, mar der is altyd wát net yn ’e es. It gedicht fan Kees Takken stiet net by Westfrois, mar by Achterhooks. En it Hogelandster fers Toal en tied fan Ingeborg Nienhuis stiet net iens yn ’e bondel – wol op ’e webside: Grunnegs feest van Vier jow eigen taal.
Sjoch ek: Er is volop liefde voor het dialect, maar wie spreekt het nog? | Trouw – TIJDGEEST 24-1-2026.

Fjouwer oaljeferve skilderijen fan Douwe Idema siere it omslach fan ’e sammelbondel,
ûnder it oargel hinget pontifikaal de foarkant.
Idema: Ik koos een engel, ik wist dat deze de dichters onder haar vleugels nam.
Rjochts, twadde rige, de skilder.
Dêrfoar de Noardfryske delegaasje mei flachje: Ellin Nickelsen (yn read) en Marit Godbersen.
Alheel links: dichter en romanskriuwer Leo Popma wikselet fan gedachten mei de Stellingwarver literator Johan Veenstra, sjoch syn kollum yn ’e Leeuwarder Courant, 9-12-2025

Ferbining en krúsbestowing
Margriet Brandsma betoant yn har iepeningswurd dat wy hjoed ferbûn binne troch it fieren fan elk syn eigen tongslach. It is op ’t lêst it Feest fan Fier dyn eigen taal, dêr’t eigen identiteit no ris folop syn gerak krijt, en men in soarte fan oangename krúsbestowing ûnderfynt.
Oer dy ferbining seit ien fan ’e oanwêzigen neitiid: Ik krijg er nog een warm gevoel van. Er heerste een bijna euforische sfeer – de mensen waren vol verwachting van elkaars talen. En de bundel werd gretig doorgenomen en geïnspecteerd.
In oare gastgongster: Yn ien wurd hertferwaarmjend.
Sjoch foar in ferslach yn Bildt.nu, 10-12-2025.
Sels is Brandsma dizze dei sawat fjouwertalich: Hollâns, Frysk, Dúts en Westfrois, de taal fan ’e omkrite yn har bernejierren. Se hellet oan dat by in baan yn it Goai fan har ferwachte waard dat se sa gau mooglik har Westfryske aksint ôfleare soe – sels hie se net yn ’e gaten dat se dat hie. Thús praten har Frysktalige heit en mem Hollâns tsjin har, want har âldere broer koe dat net goed doe’t er op ’e beukerskoalle kaam. Dy ongenade woenen se Margriet besparje.
Se fertaalt geandewei sa no en dan it Frysk en Dúts yn it Algemeen Beschaafd Nederlands, it ABN. In term dy’t trouwens rinnende de gearkomste as diskriminearend bestimpele wurdt en sadwaande achterhelle.
Genot fan tolve talen
Geandewei de gearkomste is it yndied in feest om fan al dy natuerlike aksinten te genietsjen troch de foardrachten yn it
> Achterhooks/Aaltens troch Ankh Gussinklo
> Grunnegs/Westerkertiers troch Willem Tjebbe Oostenbrink
> Bildts troch Mervin Slootweg fan basisskoalle De Twiner dêr’t Frysk en Frij poëzywurkwinkels opset
en Aggie Meijer
> Tweants fan Gerrit Klaassen
> Frysk troch Christa Nicklewicz
> Fering-Weesdring-Nuurdfresk troch Marit Godbersen en Ellin Nickelsen
> Westfrois troch Joke Sijs
> Stellingwarfs troch Stien van Anne, pseudonym fan Christine Mulder
> Drèents/Börks troch Gerrit Boer
> Limbörgs, troch Limburgs Wearmeadje, skûlnamme fan Diana Bus-Dilal
> Hollâns troch Anke Cuijpers.

hjir Ankh Gussinklo – Aaltens
Miene moerstaal…
Toen good en wal het aerdse lecht mi-j dagen
He’k het in edronken met de moodermelk en
elke stemme spraekend in dee taal recht-streeks
op eslagen in mien kleine kinderliefken,
’t Aaltens dialect.

Tekens
Wij schrieven op pepier en op e grond,
veul minsen bennen ons doarien veurgoan.
Zaand het niks ien e reken met lienen en letters,
wiend en wotter wissen ales uut.

Mervin Slootweg
yn ’t Bildts
Mervin met hait en sussy

’t Pâd fan de taal
In de loop fan ’t leven
Het men wel ’s even
Dat besef fan aigen onwetendhyd

Dat wat zwig
Al he’w der ok weurde vuur kregn
teagn oe gezegd kan ’k et nich zegn
Pröat vult eankeld geat in ne ruumte
bloast alverdan n ongedurig ruuske

Hilligens
Ik bin gjin hillige
It hillige leit bûten myn macht
Hilligens is wer’sto bist

Ellin Nickelsen en Marit Godbersen – Weesdring–Fering.
It gesantskip ferdútst de rykdom en tagelyk it fraachstik fan ferskaat oan njoggen streektalen.
Sjoch: Fier dyn eigen taal – Europa-Universität Flensburg (EUF)
Min aanj spriik
min stem
ens so saacht
ens so letjem üüs a naacht
en
Ellin Nickelsen
Wat boowen uun leit
Raid taag of hard taag
letj wönger mä rütjen
– of uk ei –
det banen täält
ei det bütjen.
Hartsaag.

Moerstaal
‘k Hoor de ouwerwisse klanke,
oftig in moin moeders huis.
Met ’t klimmen van de jare,
komt ze in die taal weer thuis.

skûlnamme fan Christine Mulder – Stellingwarfs
Vuurtael
Waor de Lende ieuwen laank
et verbörgen beekdal kleurt
het de meanderende klaank
de griffioen de ziel bereurd

Zwiegend bij Börk
en ik, lopend deur een lange gang in Den Haag en in archiefduzen op aold pepier je naam zuuk,
je naam je ogen je haanden en alles vrömd is: taol, woorden die’k haost niet verstao

Limburgs Wearmeadje,
pseudonum fan Diana Bus-Delil – Limbörgs
Maaskanters – Westelijke Mijnstreek
Ut blief toch apart
Dat allein de taal van dien hart
Mit emotie kent spreake
Euver dich heen vilt es ein werme deake

Familietaal
een mens kan een verkeerde beslissing nemen
als het vaker voorkomt noemen we het een gewoonte
zoals wanneer je van chocolade houdt en je naast
de plaatselijke chocoladefabriek gaat wonen

Taal
soa mooi
bij de een
hoort ‘t
as mezyk
de ânder fernimt
der dichtwerk in
Links dêrfoar yn donkerblau: Leo Popma, dy’t mei in nije roman komt.
Prekêre taalkanten
Under lieding fan Brandsma diskusjeart de seal mei in taalfoarum oer gefoelige taaldiminsjes: eigenheid, behâld, noarm, hâlding, ferbrekken en diskriminaasje. Sjoch foar wiidweidiger beskriuwing: ÚTNÛGING Fier dyn eigen taal – Presintaasje en Taalfoarum – Frysk en Frij.
Benammen dy lêste twa faktoaren stean wy net of amper by stil, wylst elkenien dy’t in lytse taal sprekt, dêr oer meiprate kin.
Brandsma: Neem mijn eigen kleine taal, het West-Fries. Je kunt een baan bij de Publieke Omroep wel vergeten als je dat spreekt. Toen ik net bij de omroep kwam, moest ik een taaltest afleggen bij Judith Bosch. Alles ging goed, maar Judith zei na het gesprek: ‘Je kunt een baan hier wel vergeten als je dat afschuwelijke West-Friese accent niet afleert.’ En dat geldt denk ik voor veel kleine talen.
In oar foarbyld: it Frysktalige Hindûstaanse fanke achter de patatkream op it Ljouwerter stasjon opperet: Ik wurd eins noait yn ’t Frysk oansprutsen.
Omgekearde – net bedoelde – ongelikense behanneling.

en Margriet Brandsma
Fakbekwaam útsocht taalfoarum
Yn it taalfoarum hawwe fjouwer autoriteiten in fakkundige sit.
Behindere binne spitichgenôch teatermakker Doutsen van Gosliga en Mirjam Günther-van der Meij fan NHL Stenden – Lektoraat Meertaligheid & Geletterdheid. De lêste wurdt aldergeloks ferfongen troch Jelske Dykstra fan it meartalich Mercatorprojekt by de Fryske Akademy.
Sjoch foar podcasts mei foarumleden makke troch Ilse Vos fan Frysk en Frij:
Podcast FF Mirka Antolović
Podcast FF Tsead Bruinja
Podcast FF Tialda Hoogeveen
Podcast FF Mirjam Günther-van der Meij
Frysk en Frij freget alle foarumleden om op papier te setten wat se yn dizze Taaltsjinst nei foaren brochten en wat se letter eventueel noch te sizzen hienen, yn koart bestek.
Tsead Bruinja, earder Dichter des Vaderlands, dosint en dichter, beljochtet as foarumlid ien en oar út syn persoanlike perspektiven wei en makket tagelyk even in sydstapke mei reklame foar syn optredens: Morgen geven we een voorstelling in Pingjum, er zijn nog kaarten.
Brandsma: Dat is dan nu uitgevent.
Tsead Bruinja letter: Ik wit net mear krekt wat ik sein ha yn it foarum en ik ha it net oan tiid om dêr wurk fan te meitsjen.
Tialda Hoogeveen, ambassadrise fan It Fryske Berneboek, makket de reklame even kompleet: Ja, het publiek is bij jullie uitvoering tot tranen toe bewogen Tsead, zo indrukwekkend. Wurden bewege, beroere it wêzen.
Hoogeveen leit fierders de klam op it belang fan ’e eigen taal, benammen by bern: Omdat die tot het hart spreekt.
Se giet omraak faak by skoallen lâns om de famkes en jonges entûsjast fan eigen taal en teken, praat en print priuwe te litten.
Hoogeveen skriuwt Frysk en Frij dêroer letter: In bern fynt himsels werom yn in berneboek. Fia it ferhaal, mar seker ek fia de taal. Ferjit dêrom ek net foar te lêzen yn de memmetaal, want in boek yn de memmetaal streamt streekrjocht nei it hert.
/…/Meartaligens hat boppedat in grutte steapel foardielen. Sa hawwe meartalige bern in gruttere kennis fan taal. Se kinne flugger wurkje en mear taken tagelyk útfiere. Fierder beskikke hja oer mear feardichheden as probleemoplossend fermogen, oanpassingsfermogen en kreativiteit. Dit kin liede ta bettere skoalprestaasjes.
Lês fierder: Elts bern hat it rjocht yn syn eigen taal te lêzen.
Jelske Dykstra, projektmanager fan Mercator, Europees Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen by de Fryske Akademy, ljochtet ûnderskate kanten fan taalhâlding ta – op grûn fan wittenskiplike merites.
De akademise útkomsten binne geunstich foar it brûken fan Frysk. Mar kom ris achter it geleard buro wei. Wat seit de folksmûle sels? Op it bleate each en mei iepen earen, sjocht en heart men heel wat oars. De wierheid hat in skel lûd. Keurt de slachter hjir syn eigen fleis?
Brandsma: Laatst liep ik het schoolplein in Parrega op – en ik hoorde niets dan Nederlands.
Dykstra: Men seit faak dat it min giet mei de Fryske taal omdat der hieltyd minder sprekkers binne en
de bern op it skoalplein mear Nederlânsk prate. De sifers fan de nijste Taalsurvey fan de
Fryske Akademy litte oars sjen dat it tal minsken dat it Frysk begrypt, sprekt en lêst stabyl
bleaun is. Ja, yn de jierren 80 fan de foarrige iuw wie der in delgong op alle mêden fan
taalbehearsking te sjen, mar de snelheid fan dy delgong is by it praten flink ôfnommen.
Lês fierder: Ynbring Jelske Dijkstra by Taalfoarum
Mirka Antolović-Tipurić, direkteur fan it diskriminaasjesintrum Tûmba, hat har woartels yn Bosnië, is yn Limburch opgroeid en wennet yn Fryslân. Se ferstiet it Frysk gewoan en wol dat ek graach prate, mar de Friezen moedigje dat ornaris net oan: yn ’t earste plak bepale se troch Antolović har uterlik dat se it Frysk wol net ferstean sil en ás se it besiket te praten, wurdt dat oer it generaal net goed genôch achte. Dat taaldiskriminaasje is se persoanlik wol wend.
As yn it sâlt bebiten ûnderfiningssaakkundige – yn Limburch sawol as Fryslân – set se har no profesjoneel yn foar de emansipaasje fan Frysktaligen.
Twadde Rykstaal: faak in farce
Dat it Frysk as Twadde Rykstaal faak in farce is, waard foar Antolović sichtber by de ABN-AMRO. Wat jierrenlyn krige Tûmba in melding fan ien dy’t syn neilittenskipsakte yn it Frysk opsteld hie. Wetlik sjoen is dat tastien, Frysk is ommers de Twadde Rykstaal. Mar de bank wegere de akte omdat dy net yn ’t Nederlâns of Ingels wie. De klachtekonsulint fan Tûmba kaarte de saak by de bank oan. Dêrby waard steld dat it Frysk net allinne in offisjele taal is, mar ek in belangryk ûnderdiel fan identiteit en kultuer. De bank naam har stânpunt op ’e nij yn berie en aksepteart no it Frysk ek. Melding kin dus it ferskil meitsje, dus doch dat!, seit Antolović.
Lykwols, wy binnne der noch net. By in Fryske keapakte bringt it Fryske Notariaat € 2000,00 yn rekken. Tûmba hat nei melding de ôfrûne oardel jier besocht om notarissen safier te krijen dat se in keapakte gewoan yn it Frysk leverje, sûnder bybetelling. Dat is net slagge. It Notariaat is neffens de wet net ferplichte om akten yn it Frysk kosteleas te leverjen. Neffens de geast fan ’e wet dêr’t it Frysk as Twadde Rykstaal yn regele is, fansels wol – is it betinken.
Brandsma freget de seal: Binne hjir ek minsken dy’t om in Fryske akte frege hawwe?
Ien stekt de hân op.
Bûter op ús aller holle
Gemeente, wy as Friezen ha gâns wat te sizzen op it net-brûken fan it Frysk yn offisjele domeinen. Mar at wy mei al ús bûter op ’e holle der sels net om freegje, sille sokken as it Notariaat net bewege. Dy twa mille ha se maklik yn har luie dikke knip. Want ien druk op ’e kompjûterknop en de standert-Fryske akte rôlet har de gewillige printer út. Mar dy druk hoecht net, want der is gjin fraach – fan ússels net.
Bang, bang
Nee gemeente! Ja! Wêr komt it wei? Bang, bang foar dy ‘Doordrammerij’, foar O, je bent toch wel heel fanatiek, hè Jordi? Ja, je gaat toch steeds door in dat Fries, dat dialect van je hè! Bang, bang. Foar it ferliezen fan status. Foar gedonder: Dêrom begjin ik der mar net oan.
Hoe denigreare wy ússels. Om te begjinnen by de lytste dingen yn ús lytse talen sels: ús aller antwurdapparaat stiet op it Hollâns, toch? Mar tenei net mear, toch?
O dy status – Elts hat syn tiid hân
En gemeente, status? Ja it Aldfrysk stiet oan ’e widze fan it Aldingels. En as puntsje by pealtsje komt is it Nedersaksys âlder as it Nederlâns. Nijsgjirrige wittenskip. Mar ûnsin as argumint foar tapassen fan rjocht op eigen taal. Dêr ûntliene wy ús sizzenskip net oan. Wy wolle by dit evangely ússels wêze. En dat hat niks mei oanspraak op âlderdom te krijen.
It is likegoed in feit: respektabele âldens ferheget it oansjen fan taal yn ús prestiizje-gefoelige earen, yn ’e belibbing fan ús as taalstatus-hâlders. Dêr ha wy mei te kedizen. Binne wy ússels dêrfan bewust? Nee?
In eksegeze: at wy wurdboek-wurden as ea, efter, elts en nea brûke, tinke wy dat it better Frysk is omdat it ‘âlder’ is en dêrtroch dus hegere status hat en dus móat en síl it wer brûkt wurde.
Yn ús sprektaal brûke wy soks sels al net. Doch de earen iepen en do hearst elts ek noait om dy hinne. Want elts is Anno 2025 weareldfrjemd. Bern belibje libben, ho! beleve levend Frysk.
Lês fierder: Frije taalnoarm.
En obligaat: yn ’t ljocht fan evolúsje binne wy mei-inoar like ‘aad’ (fariant yn Aldfrysk). Taalgesach, oansjen, faam? Hark myn siele! Hjir sprekt dyn wêzen yn eigenste taal, fan binnen út.
‘Resolúsje’ oannommen
Oan ’e ein fan ’e útwikseling mei de seal oer fjoer fan eigen taal mar ek oer status anneks bangeskiterij opperet Brandsma:
Sille wy dan mar ôfprate dat wy it tenei net mear aksepteare dat wy foar notariële akten yn ús eigen taal yn ús eigen lân betelje moatte?
Fierwei de measte fingers geane – hjir en no – omheech, ‘resolúsje’ oannommen!
Hooplik bliuwe dy fingers tenei net yn it luchtlege hingjen.
Doel foar no en letter: better selsynsicht en besteklik redendiele oangeande deze dingen.
Fleurich op nei in sûner taalklimaat.
Dy hearlike herkenning
Taalferskaat bekleuret dizze nije dei yn alle toanen. Dat toangenot set eigenaardigens yn klanken om. Taalskatters fiele oan inoars bekoarlikheden – dy meänderje fan Limbörgs oant Grunnegs en Westfrois oant Nuurdfresk. Sprekkers werkenne inoar yn eigenheid troch talichheid. De plurifoarmiteit siket skeppende neibijens. Ergo, identiteit troch taal is altyd mei de oar ferbûn. Dy hearlike herkenning.
Dit Feest fan Fier dyn eigen taal befrijt fan militante toanoanjaande sizzenskip. It bewende trochbrekken, ynbrekken fan dat meunster liket fierwei, mar leit ek hjirre op ’e loer. It blide dagerea driget yn fertsjustere ientalich tinken te fersinken, te fertiigjen. En dan binne wy ússels net mear, gemeente.
De kommissaris hie it ûnder oaren ek al oer it oernimmen fan ’e dominante taal, dat ferskynsel dat yn ús systeem beklonken is: Se moatte plak meitsje foar de grutte talen fan de wrâld. It is maklik om oer te skeakeljen nei it Nederlânsk of it Ingelsk. Mei elke kear dat wy ús ferbrekke, ferliest ús taal in bytsje har plak. Mei elke taal dy’t ferdwynt, ferdwynt ek in stikje fan ús kollektive ûnthâld, ús kultuer.
In prekêr puntsje dat pynlik trochbrekt.

mei in feestgonger.
Boppe-op it oargel weitsje de sinnebylden
Wierheid, Ferljochting
en Frede oer alles hinne
It ferbrekken: in tragy-komise fertoaning
Fan ’e Frysktalige Friezen yn Fryslân stapt 90% op it Nederlâns oer, as de Hollânstalige gesprekspartner it Frysk gewoan ferstiet. Skamte, fatsoen, eangst? Hoe dan ek, it Hollâns slacht foar master op. Sanksjoneard, nee aktiveard troch de brûkers fan dy lytse talen sels, want massaal yn útfiering brocht.
Yn it Eigen-taalfoarum praat Mirka Antolović Nederlâns, se ferstiet it Frysk prima, mar prate is noch in brêge te fier. Jelske Dykstra brûkt uteraard har memmetaal: Frysk.
Onverwacht en ongedacht en tsjin alle akkordaasje yn, beuzigje Tsead Bruinja en Tialda Hoogeveen – beide fan hûs út Frysktalich – konsekwint it Hollâns. As Brandsma dêr even wat fan seit, makket dat neat út: de Eigen-taal-foarumleden foarumeare al mei al steech troch yn ’t Nederlâns.
En as even letter dat ferbrekken fan taal as spesifyk gespreksûnderwerp oan bod komt, opperet Goasse Brouwer fan Frysk en Frij en yn deze foarsjenning Alderling fan Tsjinst: Wy ha hjir no it libbene foarbyld by it Foarum, dat Frysktalige Friezen har ferbrekke.
En – omkearde diskriminaasje -, sý bepale hjir even dat de Achterhookers, Grunnegers en Limburgers yn ’e seal it Frysk wol net ferstean wolle en kinne sille.
Hallo! Dat is no krekt net de bedoeling fan dit feest fan Lytse Talen.
Brouwer biedt as organisator ekskuzes oan foar dy mogelike false skamte en dat mispleatst goed fatsoen.

Pastor Brandsma freget der by ’t publyk op yn. Guon net-Frysktaligen opperje dat it wol maklik is dat dy twa foarumleden konsekwint ABN prate, mar ja.
In oar bringt nei foaren dat er graach seach dat de foarumleden net de grutte taal fan ’e macht brûke, mar benammen ek nó rekken hâlde mei de ûnderlizzende tongslaggen, al wie ’t allinne mar út solidariteit.
Brandsma konfronteart de twa foarumleden mei dat betinken, mar dy steure har net oan de arguminten en redeneare it knap healoerke dêrnei oan ’e ein ta yn it Hollâns.
In ûnbetocht parodoksale fertoaning. Tagelyk in swarte komedy. Sitte se yn ’e Hollânse Beweging of sa?
Nijsgjirrich. Bruinja en Hoogeveen wurde hjir neitiid op befrege, wat beweegde dizze beste minsken?
Hoogeveen: Nee, it gong yn in ‘split second’.
Bruinja: Ik ha dêr gjin reaksje op.

Ordinêre resultaten
By it neipraten komt spontaanwei dy fassinearende taalhâlding fan ôffallige gemeenteleden – dy’t troch it Frysk evangely har brea fertsjinje – allyksa te praat.
Befiningen yn ’e parochy:
-Makkelijk, zo konden we alles verstaan; maar ja het klopt niet, want we zijn hier voor de stimulans van het gebruik van eigen taal
-Nu krijg je ook hier weer dat heersende Nederlands op je bord, daar komen we niet voor!
–Dat sokke saakkundige hoatemetoaten soks net yn ’t ferstân ha
–Wat in psychologys onbenul
-Unfatsoenlik, arrogant
-in oar makket it noch bûnter: Kollaboraasje
-Nijsgjirrich materiaal foar nochris wer in ûndersyk, wurdt lakerich opwurpen.
Gemeente! At wy dy ynsliten taalhâlding Anno 2025 noch hyltyd oanhâlden, dwaalden wy yn tsjusterens om. Dan hie de hele tsjinst fan Fier dyn eigen taal ientalich yn ’t gewijde Hollâns west: de preek fan ’e kommissaris, de tsjûgenissen fan ’e dichters, de foarsangen fan parochiaan Piter en de animearende meartalige sieleroersels. Us leauwich folk hie persisteard yn kwea, neat leard.
Oan ’e oare kant gemeente, dêr is dan ek wer it ljocht: in dankewol foar dit skrinend oerâld eksimpel is op syn plak! In segene saak dat wy beseffe dat sa’n hotêne taalattitude net mear kin, dat fêstset sprekruost op Job syn rûchskerne ta weikearen beteard. Stof om oer nei te tinken. Trouwens, tenei leaver sûnder útlokken ta flokken, dus mei wat fernimstiger rauwe humor.
Oant safier dit leksum.
Konstruktive útkomsten
De diskusje rint út op konstruktive útkomsten. Doel berikt! Sa seit in Frysktalige frou in pear dagen letter:
–Ik hâld der mei op.
–Wêrmei?
-Mei Nederlâns te praten as dat net hoecht. It moat ek net gekker wurde.
Har man:
–M’n vrienden spreken allemaal Nederlands tegen me – voortaan ga ik zeggen: Praat maar gewoon Fries.
Alwer in oar: Ik doch dat no ek, sa’t dy man sei. En dat fielt befrijend!

Gâns flecht op ’e boekekoai
It tsjûke boek ferkeapet as ’t slydjaget troch de ferkeapers Aafje Bouwer; Mehmet Emekci, polityk flechtling út Turkije; de Katalaan Ignasi Ripoll; Ilse Vos en Carla van der Zwaag. Ignasi en Carla stean der ek yn. Fan Aafje har freon Tsjisse Hettema (1955-2024) is allyksa in ‘nij’ fers opnommen, in apart plak yn ’e antology.
Sjoch: boeketafel boekhannel Godert Walter, Grins, 20 desimber 2025, mei foardracht fan Krûp fan Durkje Zijlstra troch Hans Nieuwenhuis en over ’t verzoameln van vroagtaikens fan Harry van Velsen yn ’t Hogelandsters,
https://www.godertwalter.nl/boekentafel



de behindige stek-yn ’e-bûse
mei aforismen fan Gys Miedema,
dy’t elke keaper deropta krijt
Debútbondel Bauke Terpstra
In oare spiksplinternije útjefte dy’t hjoed ferskynt, is de debútdichtbondel fan Bauke Terpstra: Minuskule Bjirkenbroekbosken, sjoch: Bauke Terpstra.
En fierders is alderhanne út it Fûns fan Frysk en Frij útstald.
Op priemmen stiet in dichtbondel fan Carla van der Zwaag en in nije roman fan Leo Popma.

Unmisbere stipe
Sponsoring troch fûnsen is ûnmisber om sokke ûndernimmings troch te setten – én dat hâldfêst is ek in hele stipe yn ’e rêch. Dy waard jûn troch de Boersma-Adema Stichting, Stichting Herbert Duintjer Fonds, Douwe Kalma Stifting, Ottema-Kingma Stichting, Lammert Koopmans Stichting, Wendelaar Bonga Stichting. En troch Piter Wilkens, Frysk en frije trûbadoer, troch alle tiden hinne betroud besibbe geast en siel yn wurd en died.
Ut gâns oare oanfragen kaam neat yn. Dat dan wol wer. Dêrtroch koenen guon ûnderdielen fan it projekt net útfierd wurde – lykas lûdsopnamen – of der is fiks op besunige troch it feestelik affearen te beheinen. Mar dêr hat it publyk fierders neat fan fernommen.
Elk opnommen fers yn ’e sammelbondel fertsjinne € 75,00. Dat is in honorarium dat heart by in profesjonele opset. Dichters wurde betelle neffens merites dy’t meihelpe oan in sûn literêr wolbefinen. Yn dit stik fan kulturele saken wol Frysk en Frij ôf fan foaien; leafdewurk-âld papier is yn dizzen net billik. Want dat docht ûnderstek oan in fitale ynfrastruktuer. De koördinaasje en redaksje wurke yn dizze tastân wol Pro Deo.
Draachflak en kontinuïteit
– Start nij meartalich poëzyprojekt oer Frijheid
Animearend – betiden besieljend – wie it oparbeidzjen mei de folgjende minsken, c.q. 33 partisipearende ynstânsjes en ynstellingen, sjoch by de flachjes FEEST FAN FIER DYN EIGEN TAAL – Tema: Taal – Frysk en Frij
-Aschwin van den Abeele – Zêeuws
-De Bibliotheek Twente
-Sytse Buwalda – Bildts
-Creatief Westfries
-Dialectkring Achterhoek en Liemers
-Dialectkringe Salland en Oost-Veluwe
-Diele fan it Waad – Aggie Meijer
-Doutsen van Gosliga, teatermakker
-Erfgoed Groningen – Fieke Gosselaar
-Huus van de Taol
-Lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden – Mirjam Günther-van der Meij
-Levende Talen Nedersaksisch
-LiterturLand – Ellin Nickelsen – Nuurdfresk
-De Mimmetaal, Schylge
-De Moespot
-NHL Stenden
-Ostfriesische Landschaft
-Ostfriesisch Woordenbauk – Onno Dirk Feldmann
-Plattdüütsk Büro
-Poetry without borders – Germain Droogenbroodt
-Poëzieprojecten Limburg – Laura Theunissen
-Salland Oost Veluwe
-Stellingwarver Schrieversronte
-Arjan Sterken, Radboud Universiteit Nijmegen – Sallaands; m.y.f. 1-1-2026 dir. Stellingwarver Schrieversronte
-Twentse Taalbank – Gerrit Klaassen
-De Twiner, St.-Jabik – Jantien Hoekstra, Joke Pars-Wassenaar
-Tûmba – Mirka Antolović
-Unerwäis mit Friesen – Ellin Nickelsen
-Uutkomst – Willem Tjebbe Oostenbrink – Grunnegs
-Verbond van Nedersaksische Dialectkringen
-Veldeke Limburg, oerkoepeljend orgaan fan alle dialektkringen yn Limburch
-Ilse Vos – wurkwinkels en kommunikaasje
-Vrienden van de streektaal Lochem
-Piter Wilkens
-Zêeuwse Dialectvereniging.
De animo by Fier dyn eigen taal is sa grut dat de sammelbondel betsjut de start fan in nij meartalich poëzyprojekt, no mei as tema Frijheid.
De webside fan Frysk en Frij is sadwaande in trochgeand platfoarm en poadium foar emansipaasje fan lytse talen.
Binnen trije wiken nei 29 novimber wienen de earste nije Frijheidsfersen al binnen: Albanees, Arabys, Armeens, Bengaals (grut yn mannichte, lyts yn sizzenskip), Frysk, Galisys, Gaelik (Iers), Gikuyo (Kenia), Grunnegs, Hollâns, Koreaans, Sisiliaans, Swahily, Turks, West-Vlaams, Yslâns.
Sjoch: OPROP Ynternasjonaal feest fan Fier dyn eigen taal – Tema: Frijheid – Frysk en Frij.
‘Gruttere talen’ wurde no ek opnommen.. Oersettingen dêrfan binne oan no ta yn it Ingels en Italiaans.
Hooplik ferskynt der wer in seleksje yn in sammelbondel, mar dat hinget fan oerheidsstipe ôf.
De lytse letterkes
Tsjinslaggen dy’t ferfrissend frij makken, wienen Fryske offisjele subsidiearde semy-oerheidsynstânsjes, lykas ’t Bildts Aigene, Afûk en Tresoar en it Nordfriisk Instituut, dy’t fan it begjin ôf oan frege waarden om op te arbeidzjen mei it projekt Fier dyn eigen taal en der stik foar stik – nei ferrin fan har fergadertiid – foarsichtichjes foar wei wynden: it paste toch net yn har belied. Dat makket frij fan kommisjes mei einleas oerlis. Je kinne trochpakke.
Nei in jier lûken, kaam de Fryske Akademy op ’e falreep toch noch fanwegen mei in sit yn it Taalfoarum, gelukkich.
Fier dyn eigen taal koe it ek mar stelle sûnder finansjele oerheidsstipe dat makket: op ’e begrutting fan 58.000,00 skode de Provinsje Fryslân oan no ta € 1.000,00 (finaal útslútsel oer in oanfraach by it Iepen Mienskips Fûns wurdt mids april 2026 ferwachte) en de Gemeente Waadhoeke joech € 2.000,00. De trije projekten: sammelbondel, digitale útjefte anneks meartalige wurkwinkels op basisskoallen, û.o. De Twiner – Groeisem, St.-Jabik: Bildts, Frysk, Hollâns, talen fan asylsikers foelen bûten de reguliere regelingen. Mjittewurk koe net fan tapassing wêze, linksom noch rjochtsom, die bliken nei oardel jier fergaderjen op ’e subsydzjeôfdielingen. Burokrasy yn ’t lyts. Men sil der mar ôfhinklik fan wêze.
Fan it Nederlands Letterenfonds en it Cultuurfonds kaam allyksa gjin stipe; dekreten blike ek dêr getten yn beton: regeling op regeling, wet=wet, nei ynhâld en ynhouten sjogge wy net.
No’t Fier dyn eigen taal konkrete produkten yn ’e merk set, wurdt in mienskiplike oanfraach taret troch ynstânsjes fan Lytse Talen foar finansjele stipe fan fûnsen en oerheden oangeande it ferfolchprojekt oer Frijheid.
Wy tidigje op weareldwize ratio, ferbûn mei leafde foar lyryk.
