À Kapellakoar Fleks

Hjirûnder ympresjes fan Literêr te Gast, de manifestaasje op sneon 29 oktober 2022 yn it Stedhûs te Frjentsjer oangeande sân nije projekten fan Frysk en Frij.
Dit stik is folop yn beweging en wurdt de kommende tiid oanfuld.

By de presintaasjes kaam it À Kapellakoar Fleks mei muzyk op de fersen Bitterswiet, it bekendste gedicht fan Tiny Mulder en ek de titel fan har Samle fersen, en Hûs fan stilte fan Tsjits Peanstra út de sammelbondel Neierhân, beide útjeften fan Frysk en Frij dy’t dêr fansels te keap lizze.

By ’t ynkommen krije de lju daliks in stek-yn-’e-bûse: Omwrotters, aforismen fan Gys Miedema.

Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar, lit syn each gean oer it oeuvre fan ’e romanskriuwer Leo Popma.

Popma lêst in fragmint út syn nijste roman It sket fan Toussaint, dy’t troch de Keroane hjir no krekt presinteard wurdt. It wurk is fan ’t jier bekroane mei de Rink van der Veldepriis.

Deifoarsitter Nynke Andringa hâldt ynterviewkes mei de kultuerdragers.
Bert Bakker fertelt oer syn boek In gesprek met mijn moeder, dat in kombinaasje is fan fiksje en non-fiksje en hannelet oer de neisleep fan Kamp Vught en in Amsterdamske hongerwinter. Hannelingen fan Riek Bakker-Dik, widdo fan mr Abraham Bakker, út de famylje Bakker fan Bûtenpost.
Bakker oerlanget it Hollânske manuskript oan Utjouwerij Frysk en Frij, de Fryske oersetting is yn ’e maak.

En al hoe earnstich ek, Bakker lêst in fermaaklik stikje grifformearde skiednis foar dêr’t er de lakers mei op syn hân krijt.
Sjoch:
www.bertbakker.biz
Bakker – Bûtenpost

Krekt foar de Fryske Boekewike ferskynt op dizze sneon De Sneinen – De Zondagen, de dichtbondel fan Aggie van der Meer earder útkommen yn 2012 mei fersen op 52 sneinen fan it jier, no op ’e nij mei oersetting fan Catrinus Corporaal, Tytsje Hibma en Jan Popkema.
Tytsje Hibma, predikant te Arum-Kimswert en kleasterlinge fan Nijkleaster, ljochtet it wurk fan it oersetterskollektyf ta en bedjippet en-publyk de mystyk yn dizze lyryk, spoaren fan God yn it libben fan minsken.
De bondel is bedoeld as gebrûksboek foar liturgy, lêsgroep en thús.

Johannes Willem Nieuwenhuis út Gryptsjerk frege Tytsje Hibma om De Sneinen yn it Hollânsk te fertalen en brocht dêrmei dit projekt oan it rôljen.
Hjirûnder syn ympresje fan ’e presintaasje op dizze sneon:

soms is een dag net even anders en dan tafel je niet boek,

maar ga je de andere kant op, en word je door de mist gereden langs plaatsjes als deinum, waar de trein toch maar mooi twee keer per uur stopt, en dan ben je er en word je weer aan een beroemde maria herinnerd.
over de brug over een andere brug en je wordt ontvangen door een meneer en een mevrouw, die jou een klein boekje geven, wel heel klein, want die meneer en mevrouw weten toch veel van grotere boeken, maar ze verdienen er slechts een grijpstuiver mee.
mudvol is de zaal, en jij wordt toch maar mooi genoemd, terwijl het echt om iemand anders gaat, en dat op een zaterdag. de zondagen doen er toe, zelfs in twee talen, er wordt gezongen vanuit het zuidwesten en iemand, die verstand heeft van muziek vertelt van taal, die muziek is, en daar hoef je dus ook niets aan te veranderen, alleen de goede noten erbij, en, graag, heel graag, geld, want ook een componist leeft niet van de wind.
en een ander is blij, als je het over garnwerd hebt en het reitdiep, zij woonde aan de a. en aaf was toch echt niet alleen de aardige gehandicapte oudere vrouw in een dorp, dat amper meer bestaat. verraad en een gericht, aldus leo.
en, niet alle zielzorgers zijn bang, dat ik besmettelijk ben, dank aan tytsje.
warm was het, maar het was ook warm geweest als het vandaag had gevroren, met open jas kwam ik weer terug. met de zondagen. en vannacht moet ik om drie uur opstaan om de tijd mores te leren.
met dank aan goasse en hoite en leo en albertina en tytsje en al die anderen die ook echt wel namen hebben.

Komponist Hoite Pruiksma wol de poëzy fan Aggie van der Meer beklinke litte yn it oratorium It lân achter it each fan de nulle.

By de útstallings is in oersicht fan byldzjend wurk fan Aggie van der Meer.
Van der Meer debuteart by Frysk en Frij yn 2000 mei de balladeske De stêd, it bist, de ingel. Dêrnei ferskine fan har by deselde útjouwer noch tsien útjeften, allegear mei yllustraasjes op it omslach fan har hân. Yn 2019 wurdt Aggie van der Meer har hele oeuvre bekroane mei de Gysbert Japicxpriis.

Komponiste Rixt van der Kooij lit nije klanken hearre út har projekt Dichtersleafde, lieten fan Heinrich Heine troch har toanset. De lieten yn Fryske oersetting fan Fedde Schurer wurde songen troch bariton Daniël Hermán Mosterd, op dizze dei beharke fia opnamen.


Albertina Soepboer draacht trije fersen foar út har dichtbondel Ferrin dy’t takom jier ferskine sil.
Skilderwurk fan har stiet yn ’e Sekretariskeamer.

Nynke Andringa gaat in op ’t openluchtstik Golf fan Onrust fan Simy Sevenster over de erbaaiersbeweging in ’e Westhoek op ’t Bildt. In 1889 wort dêr de eerste Nederlânse fakbond foor erbaaiers opricht – Broedertrouw -, anfoerd deur Jan Stap en foorsitter Gêrm van Tuinen (sien Genealogy Van Tuinen IV.3).
Bij de opfoering fan ’t teneelstik fan ’t seumer is dêr nagal wat in ferknipt en deen. Frysk en Frij het de oorspronklike tekst digitaal útgeven.
Simy Sevenster kin d’r deuze dag niet bijweze, want se sit in ’t búttenland. Dêrom het Frysk en Frij ’n Teneelstikky over ferknipperij opdocht – wat overigens deuze saterdeg niet opfoerd worde; d’r waren gyn speulers foor te porren, deels omdat ’t onderwerp gefoelig lait op ’t rúgge Bildt:

Gêrm van Tuinen: Jou hadden mar ’n bra mooi stikky skreven over ôns as erbaaiersbeweging!
Simy Sevenster: Hè je ’t sien?
Gêrm: Ni maissy, ik had ’n hoodrol, en dan worre je jesels niet gewaar. Mar goed ok.
Simy: Hoe soa?
Gêrm: Ik bin te rechtút, te fanatyk souwen se nou sêge.
Simy: Ik ok.
Gêrm: Hoesoa?
Simy: Nou, se hewwe de kern út myn stik haald. De erbaaiersbeweging waar ’n karikatuur worren. Hur striidlieten ferfongen deur lauwe fersys, mar wel leuk.
Gêrm: Ja, ik most bra fals speule.
Simy: Wêrom hewwe jou dan metdeen?
Gêrm: Dat is de tiid. Mînsen met ruggegraat binne feer te soeken. Ik gaan ok met in ’e ferloedering. Ik bin ok ’n labbekak worren.
Simy: Fèn fan Poetin?
Gêrm: Och maissy, wat mostou nâg wat lere.
Simy: Dat waar ’n grappy Gêrm.
Gêrm: Ik wou dat ’t waar waar. Mar hoe is ’t nou met dij?
Simy: Ik bin fan dat openluchtstik fortfluchten. En dat waar ’n opluchting. En dat is ’t nag. Ik perbeer myn aigen pâdsy skoan te fegen. En an dat porsy hè myn naasten met mij per dâg genoeg.
Gêrm: Heu! Dat is de kern fan ware Broedertrou!

Gêrm: En Simy, nou wil ik ’n fragmintsy speule út dyn stik wat d’r níét úthaald is. En dan bistou nou even Jan Stap.
Simy: Dat sil ’k wel oprêde Gêrm.

Gêrm van Tuinen: Kyk, alles wat de boer sait, hè wij maar te doen. Ans kinst opdondere. Dan hest niks meer. De húshouwing mot wel deur de tiid.
Jan Stap: Wij motte ’t werk dellè. In opstand komme! Stake! En heel belangryk: Metnander staan. Eén geheel weze. At gyneen meer werkt, kinne de boeren ok niks.
Metnander ’t eens weze. Gyn erbaaier meer op ’t hiem fan de boer. Die mot ’m sels maar met ’t werk rêde.
Gêrm: Se motte ôns uurloan ferhoge. Wij wille niet 8 sint in ’t uur, maar 12 sinten. Met eens?
De frôly kin wel foor wat minder. Foor hur is 7½ sint genog. Met eens?
Jan: Wij kinn’ niet deur de tiid komme met ’n hongerloantsy. Fral in de húshouwings komt ’t te skamel om.
Gêrm: Twaalf sint in ’t uur en gyn halve sint minder.
Jan: Allegaar de poat stiif houwe?!
Allegaar: Ja!


Peter Popma lêst trije fersen út syn debútbondel It berin fan de dingen.

Bûten skriuwen, bûtseart Popma: Popma’s Puppels; njoggen fan dy kreaasjes binne útstald yn ’e Boargemasterskeamer.

Puppels zijn wezentjes die een klein beetje op mensen lijken. Meer hoeft ook niet, vinden ze zelf, ze hebben van Popma tenslotte maar een klein zieltje meegekregen.
Maar daar zijn ze best tevreden mee. De een is verrast, de ander nieuwsgierig of verbaasd. Wat schrikachtig soms of zorgelijk, of gewoon blij met een nieuwe hoed.
Meer hoeft niet, hoor je ze vaak zeggen, want alles bij elkaar is dat nog heel wat. Natuurlijk wel stevig op de beentjes staan, je moet niet van je sokkel vallen.

By de Boeketafel is ek te keap de bondel Hewwe dàt, mei fersen fan Tsjisse Hettema en filtwurk fan Aafje Bouwer. Yn ’e Boargemasterkeamer is dêr in útstalling fan.

Iten en drinken út ’e folop yn ’e Sekretariskeamer: Salade fan ’e Gearslach (penne en tomaat); Salade fan ’e Ingel op ’e tonge en it Bist yn ’e mage (konfrontaasje yn kowefleis); Berin fan Dingen-salade (en dat alles yn tonyn bleatlein op it drûge); Salade fan Onrust (irpels fergeten fan ’e kou).
It iten is ferneamd, nei dedutanten:
Albertina Soepboer mei de dichtbondel Gearslach yn 1995; Aggie van der Meer mei de balladeske De stêd, it bist, de ingel yn 2000; Peter Popma mei de dichtbondel It berin fan de dingen yn 2022; Simy Sevenster met ’e digitale útgave, ’t openluchtteneelstik Golf fan Onrust in 2022.

Iten

En mei de búk fol ierdappelsalade sakje guon ôf nei de midsiuske kelder om dêr de Ierdappeltentoanstelling fan Hettema noch op te nimmen.