Op de útstalling Wybenga en Warten is in reportaazje te sjen fan libben en wurk fan de dichter/keunstskilder Jan Wybenga – berne te Warten – en fan syn âlden en syn pake Jan, dy’t 40 jier skoallehaad te Warten wie.
Neist foto’s en histoarise dokuminten is der in ferskaat oan byldzjende keunst fan Jan Wybenga.
Jan Wybenga (Warten 1917 – Grins 1994) syn pake – Jan 1 – wurdt yn 1881 skoalmaster yn Warten, en fan 1894 oant syn pensjoen yn 1921 is er dêr haad.
As ‘Master Wybenga’ mei 65 jier ôfskie nimt, wurdt him in jubileumboekje oanbean troch it doarp Warten.
De húshâlding fan pake Jan Alberts Wybenga (Wytmarsum 1855-Wolvegea 1932) en beppe Wikje Haites Snoekstra (Wolsum 1855-Wolvegea 1944).
Alheel links Jan Jr. syn heit Albert Jan.
(foto: Argyf Wybenga)
Oer syn pake ‘Jan-ien’ en beppe Wikje dichtet Wybenga ûnder oaren yn it skift Sibbichheden yn Kj3. Jan wie as boike gauris by har yn Warten útfanhûs.
Troud op 3 jannewaris 1948 te Wolvegea mei Sietske Post.
As lyts mantsje is it in bleuïch jonkje. It skriuwen hat him al te pakken as er in jier of tsien is. Hy stjoert – mei sukses – Nederlânstalige ferskes op nei de Ljouwerter Krante foar de bernerubryk.
It ‘Poëziefestival’, 10 july 1967 yn De Harmonie te Ljouwert. De Fryske studinteferiening Cygnus Resurgens fierde har 7de lustrum. Der kamen sa’n tûzen besikers op ôf. De brânwacht helle it folk fan de treppen en út de gongen.
Tweintich Hollânse en Fryske dichters lêze út eigen wurk. F.l.n.rj.: Gerard Kornelis van het Reve, Jan Wybenga, Steven de Jong, Louis Lehmann, Johny the Selfkicker, Hans Verhagen, Durk van der Ploeg, Henny Vonk, Jan J. Bylsma, Simon Vinkenoog, Tiny Mulder, Meindert Bylsma, Jan Dotinga, Geart van der Zwaag, Ed Hoornik, Riekus Waskowsky, Dick Hillenius, Marten Brouwer. Dizze jûn bleau lang yn it literêr ûnthâld hingjen omdat Gerard (doe noch) van het Reve en Simon Vinkenoog dêr foar it each fan Jan en alleman even in potsje fochten. En – Jan Wybenga soarge derfoar dat in gedicht fan Van het Reve foar waar en wyn bewarre bleau…
De oanlieding fan ‘e tentoanstelling is it ferskinen fan de bondel Samle fersen – Jan Wybenga. Dêryn binne syn acht dichtbondels byinoar brocht, mei dêrby gâns net earder bondele fersen, ynlaat troch Abe de Vries, en in CD dêr’t de dichter syn wurk op foardraacht.
Fjouwer froulju, akwarel
Anneke Wybenga, gouache
Yn in kleurekatern binne sa’n 150 akwarellen, gouaches en tekeningen opnommen fan dizze alsidige keunstner.
Wybenga eksperimintearde wakker mei ferskillende stilen. Syn wurk lit in miks sjen fan modernistise ynfloeden fan foar de Twadde Wrâldoarloch, soks kaam nei de oarloch yn Fryslân oanwaaien. Dat Wybenga doe al mei modernistise techniken yn ‘e slach wie, kin tsjûgje fan in sekere iepenheid, want soks wie yn dy tiid hjir nij.
It wurk jout in moai tiidsbyld, benammen de selsportretten dy’t út de tritiger jierren en ek doarpsgesichten fan syn bertedoarp Warten.
Oan de Súdwâl wurdt as bliuwend oantinken in plakette oanbean mei in selsportret fan Jan Wybenga en syn gedicht Wonderful Warten.
Warten, potlead en akwarel
WONDERFUL WARTEN
Warten wie it wonder fan myn jierren tweintich:
in doarp fan altyd boartsjen en gjin skoalle,
dêr’t ik elk jier de 78-toeren
platen draaide mei útsochte nûmers
foar fakânsje yn wonderful Warten.
By de brêge koe men fan wonders hearre,
op it keatsfjild fan fiere boppeslaggen.
De jonges waarden grut yn manlik aventoer
en de famkes noegen mei waarme eagen –
’t gewoane wie oars yn wonderful Warten.
Wonderful mar nuodlik, as mei bluisterich war,
nei gysten gebalt fan ‘hoi! de Feanen yn!’
ik meifleach op ‘e bûkdelling yn ‘e skou
foar de âljende wyn, oer gromjende baren.
En net ien oan board dy’t ien slach swimme koe.
It woedzjen fan de merke wie my wyld genôch!
En de stjonkende preammen dy’t út Ljouwert
wei kamen om de Ald Feanen te dimpen
hiene myn segen, sa goed as de boatsjes
dy’t sneins de feart lâns har oaljespoar dripten.
Warten! Twa kear fersonken yn tûzen jier:
onder it fean strúpt en onder jiske en oalje.
Tuskenbeiden tsien jier wonderful Warten,
dêr’t ik myn mûltsjefol Frysk út bewarre ha –
einliks te min om fersen mei te skriuwen.
út: Fergetten fersen (1994)