1 novimber 2023

Panel 2 1140
Panel 1 1140
 

Jubileum Frysk en Frij 80 jier

De Keunstmjittige Ierdappel? 2023 – 2025

Stedhûs Frjentsjer – 9 desimber
It projekt wurdt iepene troch de Kommissaris fan ’e Kening drs Arno A.M. Brok

Opjaan foar 20 novimber, tagong fergees.
In ferfolch fan de foarums foar fierdere gedachteútwikseling is op sneon 16 novimber 2024.
Trochtinke en belibje, de weareld is uzes mei-inoar.

Oanlieding ta dit projekt binne twa jubilea:
– Frysk en Frij 80 jier – ûntstien as fersetsblêd yn 1943

– 125 jier partikulier ierdappelkeapmanskip: oprjochting Hannelshûs Hettema yn 1898 te Bitgum,
mei dêrneist besichtiging fan oare ierdappelmaten, lykas Braaksma, Cultura, ZPC, Zijlstra ensfh.

Nina Simone – I got my freedom

Yn twa tonielen komme foarumleden mei har persoanlike fizy.

TAALFOARUM

Poadia foar frije Frysktalige sjoernalistyk en literatuer.

Underwerpen: Hoe stie it der yn 1943 foar? Ferset en Bloei, Fertriet en Treast. En Anno 2023?
Gesprekslieder:
Meindert Reitsma, adviseur Fryske literatuer by Tresoar, dosint Frysk
Foarumleden:
Mirka Antolovic, direkteur Tûmba – kennissintum diskriminaasje en diversiteit, fraksjefoarsitter PvdA Ljouwert
Tsead Bruinja,
dichter, 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands
Tialda Hoogeveen, ambassadrise It Fryske Berneboek, dichter, skriuwer, einredakteur De Moanne
Albertina Soepboer, skriuwer, dichter, dosint Frysk
Eelke Veltman, antropolooch, dichter
Ilse Vos, poëzydosint, dosint wurkwinkels

IERDAPPELFOARUM

De keunstmjittige ierdappel? 

Underwerpen: de ierdappel yn eardere tiden, en no as feredelaar, as byldzjend keunstner, as muzyk yn ’e earen, as genot op ’e tonge, as deistige stof ta neitinken.
Wikselwurking troch beärbeidzjen fan spanningsfjilden. Kritise kanttekeningen. En tagelyk krúsbestowing.

Foarumleden:
Veronica Brolsma, meiwurker HZPC, planner/assistint agronomist, bestjoerslid NAJK-Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt, ôfdieling AJF-Agrarische Jongeren Friesland – De Bouhoeke-Ikkerbou
Hanna Bruinsma, meiwurker Bruinsma Bio, fertsjintwurdiger BejoZaden, bestjoerslid AJF-De Bouhoeke
Jan Bruinsma, bouboer biologys ikker- en túnboubedriuw Bruinsma Bio
Doutsen van Gosliga, ierdappelkonsumint, teatermakker, senarist
Andries Jensma, bouboer Jensma Agro De Westhoek

Iepening De keunstmjittige Ierdappel? 2023-2025 mei oanbiedingen

BOEK-OANBIEDINGEN
Kronyk Frysk en Frij
– Delta
, de nijste dichtbondel fan Albertina Soepboer, fersen oer oarloch en geweld, ferbûn mei it no
Sammelbondel mei ierdappelpoëzy
Blomlêzing poëzy Bert Bakker (fersetsman, meiwurker oan Vrij Nederland en nei de oarloch oprjochter fan útjouwerij Bert Bakker)
Blomlêzing poëzy út de Fryske literatuer, einredaksje Tsead Bruinja.

Maria Louise van Hessen Kassel – Marijke muoi – lit de ierdappel priuwe op it Prinssessehof te Ljouwert, omstrings 1742

Iepening wurkwinkels en tentoanstellingen

– Wurkwinkels mei poëzy en toniel
Wurkwinkels oer de ierdappel – Frysk en Frij
– De ierdappelteelt en -eksport troch de jierren hinne
– Bernegedichten fan Groep 7 en 8  fan ’e Slotskoal te St.-Anne.
THE ARTIFICIAL POTATO? – Frysk en Frij

De Slotskoal in St.-Anne, werkwinkels over de eerpel: de kines speule teneel en make gedichys
De ierdappel yn ’e keunsten, Vincent van Gogh

Nije ierdappelgedichten

Achterhoeks, Bildts, Frysk, Grinslâns, Hollâns, Ingels, Katalaans, Stellingwarfs

Ierdappelmuzyk

Hein Jaap Hilarides
Lofbaarne fan Douwe Tamminga
Bakspikere
Rixt van der Kooij
– Lieten fan Heinrich Heine
yn oersetting fan Fedde Schurer
Piter Wikens
De Ballade fan de Befrijde Ierdappel

Fan Stichting Theatersprookje Het Bildt:
Marijke muoi: Tine Bergsma
Inka: Sonja van der Bij.

Fryske Dûnsers

Yn Fryske klaaiïng, en de streek- en klederdrachten fan It Amelân, Schylge en Hylpen.
Libbene fitrines op muzyk: nei it skotsen wurde de kostúms letterlik útlein.

Knolledrinken en ierdappeliten út Perû en fan ’t Bildt út ’e folop, neffens eigensinnige nije resepten fan Peter Dantuma, Hegere Hotelskoalle Stenden NHL, Ljouwert.

Deifoarsitter: Nynke Andringa


Foarum Leden

Albertina Soepboer
Andries Jensma
Doutsen van Gosliga
Eelke Veltman
Hanna Bruinsma
Huub Mous
Ilse Vos
Jan Bruinsma
Meindert Reitsma
Mirka Antolovic
Tialda Hoogeveen
Tsead Bruinja
Veronica Brolsma

Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij wurket gear mei de Gemeente Waadhoeke
en arbeidet op ûnder de kûpel Histoarysk Sintrum Waadhoeke mei Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene.