Fokaal Trijelûk 2024 – Oer de see
It tema fan ’e rige fan ’e trije konserten yn Trijelûk 2024 is de see.
De beminde is troch seeën skaat, wreed brekslein troch de leafde en besiket ferwoeden op ’e nij folslein, íén mei de leafste te wurden.
De see hat dichters aloan yn alderhanne talen oanset ta dichtsjen. De see wjerspegelet ljochtens en tsjusterens – leafde en haat weagje mei op it tij – de see lokket en driget tagelyk – de see treastet en skiedt beminden allyksa.
Dichter ‘in residence’ is Albertina Soepboer. De see is in trochgeand elemint yn har poëzy en Rixt van der Kooij set har lyryk op muzyk op fersyk fan Frysk en Frij.
Trije konserten sille heve op trije sneinen: 28 jannewaris, 10 maart en 14 april 2024.
Plak: Fermanje, Wurdumerdyk 18, Ljouwert; 15.00 oere; yntree: € 15,00.
Snein 28 jannewaris 2024 – Seapictures
Bylden fan see – skjintme, driging en treast – yn it Ingels, Frâns, Sweeds, Frysk en Nederlâns mei let-romantise muzyk fan Edgar Elgar en Gabriël Fauré en eigentiidse komposysjes fan Gösta Nystroem en Rixt van der Kooij.
>Edgar Elgar (1857-1934)
–Sea Pictures opus 37 (1899), yn fiif grutte lieten wurdt de oerweldigjende natuer, oanlûkingskracht en betsjoening besongen.
>John Ireland (1897-1962)
–A sea idyll (1960), foar pianosolo
>Gabriël Fauré (1845-1924)
–Les Matelots (1867), Les Berceaux (1879), L’absent (1871); jonge matroazen sizze mem en leafste adieu. Memmen widzje har bern lykas de see de skippen. Binne manlju deselde at se weromkomme? Weagen bringe in deakiste thús.
>Gösta Nystroem (1890-1966)
–Sänger vid havet (Sangen by de see) (1941); fiif fersen mei sinne, see en moanne; golven by nacht ferklanke iensumens, mar de see treastet.
>Nij Frysk Lieteboek (1886)
– See, see, do wide see, Widzesang fan it Seemanswiif, Piter Jelles Troelstra
>Rixt van der Kooij (1968)
–Oer see (1998); syklus fan fiif absurdistise lieten mei in komise draai; by in kater is in hearring geskikt, de dan stekt de wyn op yn in skilderij mei wyt seil yn blau.
–Oantinken, fan Albertina Soepboer; gefoelens batse yn it binnenste, lykas de gearslach by wyn en streaming.
Utfierenden: Carina Vinke, alt / Rixt van der Kooij, piano.
Snein 10 maart 2024 – Vom Strande
>Franz Schubert (1797-1828)
–Meeres Stille D 216 (1815)
–Das Fischermädchen D 957 (1828); kein fiskersfanke do weagest dy alle dagen de see op; jou my dyn betrouwen: myn hert is as ebbe en floed en leafde rêst dêr as in pearel yn ’e djipte.
>Johannes Brahms (1833-1897); de dramatyk: in frou ropt har ferlerne leafste, in keardel skriemt op it strân, en in ferstilde see.
–Vom Strande opus 69 nr 4 (1877)
–Verzagen opus 72 no 2 (1877)
–Die Meere (duet) opus 20 nr 3 (1860)
>Felix Mendelssohn (1809-1847)
–Lied ohne Worte
–Venezianisches Gondellied opus 30 nr 6 (1834)
>Gioachino Rossini (1772-1868)
–La regata veneziana; yn elegante belkanto-styl fjurret Anzoleta har leafste Momolo oan ta koloratueren.
–Tre canzonetta (1858) nr 1 en 2
>Gabriël Fauré (1845-1924)
–L’horizon chimérique opus 118 (1921); de lêste syklus fan Fauré yn in modernere styl as syn ferneamde Mélodies. Ik wol op see wêze en lit myn fertriet op it strân achter. Myn ûnrêstich hert azemet no op ’e frede fan ’e moanne. Ik, lânsman, langje nei fiere kusten dy’t ik nea berikke sil.
>Roger Quilter (1877-1953); yn ’e lieten fan Quilter skreaut de fûgel boppe drôgjende weagen út en fljocht fier fuort nei it ûnbewittende. Grutte wite fleugels glydzje yn it ljocht fan ’e moanne troch de mylde nachtbries hinne. It boartlike wetterwiid iepenet myn siele.
–Three songs of the sea opus 1 (1901)
>Samuel Barber (1910-1981);
–Doverbeach opus 3 (1931) is in grut liet fan grillige harmonijen en wurdt faak troch bariton mei strykkwartet útfierd. Hark de kiezelstiennen troch de golven op it strân oanfierd. Ienris hie ik in see fan fertrouwen, no hear ik allinne de benearjende mankelikens. O leafste, lit ús trou oan inoar bliuwe.
>Henriëtte Bosmans (1895-1952); Bosmans skreau tolve lieten foar har partner de Frânse mezzosopraan Noémie Perugia, karaktefol en ferheftich. Benammen it skipbrek yn Le nauffrage is heel byldzjend komponeard.
-La Chansons des Marins halés (1949)
–Le nauffrage (1950)
>Rixt van der Kooij (1968)
–Oan it strân (2023) omfiemet trije teksten fan Albertine Soepboer. In jongfeint sjocht fan it stân ôf nei syn swimmende leafste. It earste liet is foar bariton, it twadde foar mezzosopraan, it tredde is in duet mei ûnferwachte kear.
Utfierenden: Laetitia Sprij, mezzosopraan / David Visser, bariton / Rixt van der Kooij, piano.
Snein 14 april 2024
–By de oseaan
–Seereis
Utjouwerij Frysk en Frij hat komponist Rixt van der Kooij frege om nije komposysjes te meitsjen op fersen fan ’e dichteres Albertina Soepboer, waans wurk troch Frysk en Frij útjûn wurdt. Frysk en Frij hat Van der Kooij in seleksje út Soepboer har fersen taskikt en oan de komponist de kar litten. Foar de syklus By de oseaan keas Van der Kooij seis grutte gedichten út de bondel Herbarium, de poëzy foar de syklus Seereis stamme út oare fersebondels fan Soepboer
Seereis. Earder ieten wy appels tegearre. No bin ik op see de hampelman. De seilen klapperje yn ’e wyn. Yn ’e fierte bidde de appelbeammen en ik weakje myn wûnen yn ’e sâlte see. Ik fiel gjin sear, no’t ik wer bekrêftige bin.
By de oseaan. In frou húsmannet yn in steechje yn in seestêd oan ’e oseaan. Se hie him skriuwe wollen, mar se hat dat fersitten. De jûn falt, de moanne komt op boppe de weagen. Oantinkens sjonge yn har hert en de tonger wjerljochtet oer it wetter. Rein slacht it strân en dript út har hier. As it tij opkomt, rint se fierder, de reek fan har sigaret kringelet omheech de steech yn.
Yn dit konsert wurde de nije Frysktalige sykly kombinearre mei twa oare oare grutte sykly: Venezia – seis Frânsktalige lieten fan Reynaldo Hahn (1874-1947) op teksten fan Pietro Pagello yn belkanto styl en Hafvets Sommar (Simmersee-lieten) – tsien lieten yn it Sweeds fan Ture Rangström (1884-1947) yn in let romantysk idioom.
Utfierenden: Anitra Jellema (sopraan), Steven van Gils (tenor), Rixt van der Kooij (piano).
Sjoch: Trijelûk 2024 III – Taljochting