Trijelûk 2024 III – Taljochting

FOKAAL TRIJELÛK 2024 – OER DE SEE

AKTIVITEITEPLAN TRIJELÛK III
– By de oseaan
– Seereis


Oanlieding
Utjouwerij Frysk en Frij hat komponist Rixt van der Kooij frege om nije komposysjes te meitsjen op fersen fan ’e dichteres Albertina Soepboer, waans wurk troch Frysk en Frij útjûn wurdt. Frysk en Frij hat Van der Kooij in seleksje út Soepboer har fersen taskikt en oan de komponist de kar litten. Foar de syklus By de oseaan keas Van der Kooij seis grutte gedichten út de bondel Herbarium, de poëzy foar de syklus Seereis stamme út oare fersebondels fan Soepboer.

Doelstellling
It doel fan dit projekt is de tradysje fan it Fryske keunstliet, dy’t by Gysbert Japiks yn ’e 17e iu in klankboaium krige, troch te setten nei de tiid fan no – en te fersterkjen èn yn stân te hâlden. Troch eigentiidske komponisten oan te setten ta it kreëarjen fan nije Frysktalige lieten, wurdt dat doel neistribbe – mei sukses.

Yn dizze tiid fan oarloch en geweld op alle fronten, is muzyk en poëzy – dêr’t it fredich hert troch oansprutsen wurdt – ûnmisber; en net te beteljen, mar materieel likemin om ’e nocht as soks profesjoneel opset wurde sil.

Motivearring
Rixt van der Kooij hat neist har besieling troch komposysjes op Gysbert Japiks syn lyryk, oandrift om fierder troch te farren yn ’e fuotleasten fan ’e toankeunstners Aafke Kompter-Kuipers en Paulus Folkertsma. Se skept dêrta har eigen karakteristike styl mei ympresjonistysk subtyl aksint.
By dit projekt binne foar Van der Kooij de gedichten fan Albertina Soepboer in útdaging troch de ûnregelmjittige lingte fan ’e sinnen en it ritme yn ’e wurden dat him net maklik yn in maatsoart twinge lit.
Gysbert Japiks – Wikipedy (wikipedia.org)
Aafke Komter-Kuipers – Wikipedy (wikipedia.org)
Paulus Folkertsma – Wikipedy (wikipedia.org)

Tema
De beminde is troch seeën skaat, wreed brekslein troch de leafde en besiket ferwoeden op ’e nij folslein, íén mei de leafste te wurden – dat is it tema fan Fokaal Trijelûk 2024.
De see hat dichters aloan yn alderhanne talen oanset ta dichtsjen. De see wjerspegelet ljochtens en tsjusterens – leafde en haat weagje mei op it tij – de see lokket en driget tagelyk – de see treastet en skiedt beminden allyksa.

Omskriuwing


Rixt van der Kooij skriuwt foar dit konsert twa nije sykly op Fryske teksten fan Soepboer: Seereis en By de oseaan. De muzykstilen farieare fan it elegante belkanto nei let romantysk modernisme.

Seereis. Earder ieten wy appels tegearre. No bin ik op see de hampelman. De seilen klapperje yn ’e wyn. Yn ’e fierte bidde de appelbeammen en ik weakje myn wûnen yn ’e sâlte see. Ik fiel gjin sear, no’t ik wer bekrêftige bin.

By de oseaan libbet in frou yn in steechje yn in seestêd oan ’e oseaan. Se hie him skriuwe wollen, mar se hat dat fersitten. De jûn falt, de moanne komt op boppe de weagen. Oantinkens sjonge yn har hert en de tonger wjerljochtet boppe it wetter. Rein slacht op it strân en dript út har hier. As it tij opkomt, rint se fierder, de reek fan har sigaret kringelet omheech de steech yn.

Yn dit konsert wurde de nije Frysktalige sykly kombinearre mei twa oare oare grutte sykly: Venezia – seis Frânsktalige lieten fan Reynaldo Hahn (1874-1947) op teksten fan Pietro Pagello yn belkanto styl en Hafvets Sommar (Simmersee-lieten) – tsien lieten yn it Sweeds fan Ture Rangström (1884-1947) yn in let romantysk idioom.

Reynaldo Hahn kaam út Venezuela mar wenne syn hele libben yn Parys en wurke dêr as dirigint by de  Opera. Hy skreau opera, operette en sololieten. Syn myzykstyl is beynfloede troch Jules Massenet en is elegant en tradisjoneel.

Syn syklus Venezia is basearre op teksten fan Pietro Pagello yn it Venetiaansk dialekt.
Kom by by yn ’e gondel en litús de see op gean. Nina gean mei my yn ’e boat fan Toni. Fersin jimme net jongemannen, want de leaflike Nina hat it hert fan in tiger! Justernacht foel de blûne faam ynmyn earmen yn ’e sliep troch it widzjen fan ’e boat en ik gelokkkich. Witsto noch fan earder Nina? Ik bin net mear sljocht nei dy, en do lakest mei in oar. Ik bin grou wurden en lis allinne op bêd mar te snoarkjen.
Ture Rangström studearre komposysje by Hans Pfitzner yn Berlyn en sang yn München. Hy wurke as sangpedagooch, komponist, organisator en dirigint ûnder oaren by de Sweedske Keninklike Opera. Yn Sweden is er ien fan ’e de grutste lietkomponisten. De syklus Hafvets Sommar (Simmersee-lieten) is ek foar sang en orkest. De swidens fan ’e natuer komt yn ’e orkestkleuren klear ta syn rjocht en bliuwt ek op ’e piano stean. Ture Rangström skreau sels de tekst. It is in grutte syklus fan 10 lieten dy’t oer de tenor en de sopraan ferdield wurde.

De twa foarôfgeande konserten yn Trijelûk 2024 op snein 28 jannewaris Seapictures, en snein 10 maart 2024 Vom Strande,wurde organisearre troch de Stichting Welmoed fan Rixt van der Kooij dy’t dêrta ek de finansjele fuortgong behertiget.

>Artistike kwaliteit
De útfierenden binne de sopraan Anitra Jellema, de tenor Steven van Gils en de pianiste Rixt van der Kooij. Alle trije betûfte beropsmusisy.

Sopraan Anitra Jellema
Jellema hat in baan as sopraan by it Groot Omroepkoor. Se studearre solosang oan it Rotterdams Conservatorium en oan it Sweelinck Conservatorium, dêr’t se ek de Operaklas folge. Se krige les fan û.o. Barbara Pearson, wurke mei Peter Nilsson, hie coaching fan Ira Siff, Marion van den Akker en tsjintwurdich fan Marjan Kuiper.

Yn ’t begjin smiet se har benammen op ’e 20ste-iuske muzyk: se brocht wurken fan Fredric Rzewski, Maarten Altena en Boudewijn Tarenskeen en solearde by it Koor Nieuwe Muziek yn wurk fan Alfred Schnittke, Louis Andriessen en Kurt Weill.

De oandacht gong dêrnei nei opera. Nei ûnderskate rollen yn Dútslân en Nederlân wie se twa seizoenen ferbûn oan it teater Biel-Solothurn yn Switseerlân, dêr’t respektivelik de haadrollen fan Giulietta yn Offenbach syn Les contes d’Hoffmann, Verdi syn Giovanna d’Arco en Kálmán syn Die Csárdásfürstin fertolke. Jellema solearde ûnderskate kearen yn ’e Zaterdag Matinee yn it Concertgebouw, û.o. in Zemlinsky syn Der Zwerg mei it Radio Filharmonisch Orkest û.l.f. Edo de Waart, en as Blumenmädchen fan Wagner syn Parsifal û.l.f. Ingo Metzmacher.
Dêrneii wie se yn dy seary te beharkjen as Dama di Lady Macbeth yn ’e Nederlânske premjêre fan ’e earste fersy fan Verdi syn Macbeth, û.l.f. Giuliano Carella.

Mei it Radio Kamer Orkest song Jellema de twadde sopraansolo yn Der Rose Pilgerfahrt en yn it Requiem für Mignon fan Schumann, û.l.f. Jaap van Zweden.
Ek song se ien fan ’e solopartijen yn it Stabat Mater fan Abos, yn oparbeidzjen mei de Radio Kamer Filharmonie û.l.f. Frans Brüggen.

Oare foarbylden fan fertolkt oratoariumrepertwaar binne de Hohe Messe fan Bach, it Magnificat, de Petite Messe Solenelle fan Rossini, it Stabat Mater fan Szymanowski en fan Pergolesi, en it Requiem fan Mozart en fan Brahms.

Under de Vrijdag van Vredenburg song Anitra mei har ûnder oaren sopraansoly yn ’e gospellieten út A child of our time fan Michael Tippett, Vlci Stopu fan Leos Janacek, In the beginning fan Aaron Copland, Ständchen fan Schubert en Ich bin der Welt abhanden gekommen fan Mahler yn ’e rige The Livingroom.

-Tenor Steven van Gils
De profesjonal Van Gils sjongt geregeldwei yn it Nederlands Kamerkoor en Cappella Amsterdam.
Steven van Gils | Cantate op de Brink

Komponiste Rixt van der Kooij
Van der Kooij is dosinte oan it Koninklijk Conservatorium yn Den Haach.
Sjoch:
Rixt van der Kooij | BIO
Rixt van der Kooij | Recensies
Rixt van der Kooij | Recensies Composities
Rixt van der Kooij | CD’s

De lyryk is fan Albertina Soepboer.
Dichter, skriuwer en byldzjend keunstner Albertina Soepboer
Soepboer hat fyftjin fersebondels it ljocht sjen litten en dêrneist in roman en ferhalebondels. Hja skreau fadoteksten foar sjongeres Nynke Laverman.
Sjoch:
Albertina Soepboer – Wikipedia

>Untwikkeling en fersterking kultureel klimaat
Troch nij wurk op muzyk te setten en de line troch te lûken út it ferline nei hjoed, draacht dit projekt wêzentlik by oan ’e ûntwikkeling fan ’e kultuer: nije ynspiraasje, nij wurk, en it bestevigjen en ferdjipjen dêrfan. Dat besielet oaren ek ta nij oarspronklik wurk.
Muzyk is de ferbinende taal dy’t elkenien oansprekke kin. Muzikale klanken stimulearje ferbylding en kinne tsjinst dwaan as útlitklep: nije hoopfol timbre, bemoedigjend yn earen fan lju bleatsteld oan razende lûden yn in tiid fan oarloch en geweld.

It Frysk is net de eigen taal fan ’e solisten Jellema en Van Gils. Foar útspraak en diksje wurde se ûnderrjochte en begelaat troch Frysk en Frij, op himsels in apart ûnderdiel fan dit ûndernimmen. Dat stipet de emansipaasje fan it Frysk as minderheidstaal yn in breed kultureel fermidden.
 
>Foar de ynwenners fan ’e Gemeente Ljouwert
De nije komposysjes gean yn premjêre op snein 21 april 2024 om 15.00 oere yn ’e Fermanje oan ’e Wurdumerdyk te Ljouwert.
By genôch belangstelling wurdt it konsert nochris útfierd yn ’e Nikolaastsjerke te Swichum en de Martinustsjerke te Wurdum.

>Finansjele ûnderbouwing
Sjoch bygeande Begrutting en Dekkingsplan.

>Publyksberik
Troch it oparbeidzjen mei de Stichting Welmoed Muziekproducties en de Harmonie te Ljouwert wurdt it publyksberik fergrutte (sjoch ek by Promoasje en marketing hjirûnder). De achterban fan it Fokaal Trijelûk is in oare as de achterban fan Frysk en Frij.
It konsert wurdt op fideo opnommen en sil fia de webside fan Frysk en Frij kosteleas te sjen wêze.
De blêdmuziek fan ’e nije lieten is fia dat medium allyksa foar elkenien tagonklik, lykas ek op ’e webside fan it Frysk Muzyk Archief.

>Organisaasje
De organisaasje fan Trijelûk III is yn hannen fan ’e Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij, dêr’t Utjouwerij Frysk en Frij ûnderdiel fan útmakket. Troch oparbeidzjen mei de Stichting Welmoed Muziekproducties en de nij komponearre lietsykly op te nimmen yn ’e konsertrige Fokaal Trijelûk wurdt gebrûk makke fan ’e ekspertize yn it organisearjen fan konserten fan partner Stichting Welmoed dy’t dat sûnt 2006 al docht.
Frysk en Frij hat ûnderfining yn it opsetten fan kulturele projekten op it mêd fan meartalige literatuer, toniel en muzyk, sjoch projekten hjirûnder.
Fokaal Trijelûk 3 – Frysk en Frij – 2023
Fokaal trijelûk 2023 – Op kommende wei – Frysk en Frij – 2023
Frysk en Frij en de Bildtse Eerpelweken – Frysk en Frij – 2023
Stjoer in ierdappelfers op/Send in a potato poem – Frysk en Frij – 2023
Wurkwinkels oer de ierdappel – Frysk en Frij – 2023
Frysk en Frij 80 jier 1943-2023 – Frysk en Frij – 2023
THE ARTIFICIAL POTATO? – Frysk en Frij – 2023
Ympresjes fan Literêr te gast – Frysk en Frij – 2022
It lân achter it each fan ’e nulle – Frysk en Frij – 2022
Heine-projekt – Frysk en Frij – 2022
TWALÛK ALD EN NIJ – Frysk en Frij – 2021
Kultureel-agrarysk-histoarysk projekt – Iepen Mienskip – 2018-2021
Fier dyn frije taal fan Frysk en Frij/Celebrate your free language – 2016
Wat in frijpostich toniel – Kollaazje Bûtenpost – 2015
K-onTOER Kimswert – Fotoreportaazje – 2014
Grutte Pier en Pierkje yn ’t fizier, Lês- en lesbrief foar groep 7 en 8 en brêgeklassen – 2014
Gelegenheidstongerpreek Blassum, ds. Dick over ter Linden – 2013
Gelegenheidstoaniel Wybenga, Warten – 2012
De Ierdappel, Wrâldoriïntaasje, Lesbrief groep 7/8, yn ’e mande mei Cedin, Taalsintrum Frysk, Ljouwert – 2008
SMS in fers, Gedichten foar de leeftyd 10-14, Jelle Bangma – 2005
In prachtich bosk kokosnuten/Een prachtig bos kokosnoten, Dennis Reader, Jelle Bangma en Douwe Kootstra, yn gearwurking mei it Fabula Project 2000 en Cedin – 2000
De Alvestêdetoch fan Tsjam/De Elfstedentocht van Tsjam, stripboek foar it basisûnderwiis, tekst: Willem Tjerkstra, yllustraasjes: Luuk Klazinga – 1998
Dûbeltsjûk, Dit en dat, fan alles wat, Grut Lês- en Dochboek, Ferhalen, gedichtsjes, mopkes, spultsjes, puzels, riedseltsjes, sykplaten, nifelwurk, kleurplaten, Jelle Bangma en Bertus Klazinga – 1998
Holland heeft mooi weer op zondag, meartalich poëzyprojekt yn oparbeidzjen mei it Centrum voor Ontwikkelings Samenwerking te Ljouwert (COS) – 1996
Skatkiste, beukerútjefte by Feilich lêzen leareFoarlêsferhalen mei byhearrende taal- en spultsje-aktiviteiten anneks lûdsbannen, Geartrude Brouwer, yn gearwurking mei Utjouwerij Lâle, Nijmegen – 1996
De Fryske Bernekrante, ferskynt 10 kear yn ’t jier, redaksje Froukje Annema (1980-’86), Meintsje Brouwer (1986-’92) – 1980-1992
-Frysk en Frij, wykblêd, twa-wykliks magazine, moanneblêd, 1943-1962 – 1972-1997.

>Promoasje en marketing
By de promoasje en marketing wurdt adekwaat gebrûk makke fan ’e sosjale media, de omrop, de kranten en tydskriften en de websiden fan Frysk en Frij en Erfgoed Fundaasje.
Fierders is der in oparbeidzjen datoangeande mei de Harmonie te Ljouwert troch it brûken fan har p.r.- fassiliteiten.
Dêrneist wurdt de achterban fan ’e organisearende stichting direkt benadere, en allyksa dy fan ’e stichting Welmoed en – tsjin betelling – de Harmonie te Ljouwert. Deroerhinne wurdt gebrûk makke fan ’e besteande lanlike netwurken, lykas konservatoaria en muzykpoadia.

>Frysk en meartaligens
De grûnlizzende teksten by de komposysjes fan Rixt van der Kooij oangeande it wurk fan Soepboer binne yn it Frysk.
Lúwarders/Leewarders
In ut programmaboekje – dat bij entreepriis inbegrepen is – staat bij de originele teksten fan Soepboer de inhoudleke weargave en ferantwoarding in ut Lúwarders/Leewarders. Frysk en Frij hoëdt oek de tongslaggen, c.q. kleine talen dy’t op ut plak fan ut betreffende projekt sproken wòrre.
Dêrneist stiet de proaza-oersetting yn it Nederlânsk, sadat it Frysk gjin beheining is foar de tagonklikens.
By de twa oare parten yn it programma is it Nederlânsk de útfierende taal en dêrneist ek Sweedsk.
Presintaasje nije dichtbondel
In ekstra ûnderdiel fan it programma is de presintaasje fan Albertina Soepboer har nijste dichtbondel Delta,twatalich: Nederlânsk en Frysk De dichteres sil dêr út deklameare.
Ek dy teksten binne by it konsert tagonklik lykas hjirboppe omskreaun. Boppedat is op ’e webside fan Frysk en Frij de oanbelangjende poëzy foar in breed publyk beskikber.

>Ferskaat/diversiteit
De útfiering fan ’e sykly Seereis en By de oseaan is unyk en betsjut in útwreiding fan it besteande konsertoanbod.

>Ynklúzje
Ynklúzje op it mêd fan tagonklikens foar in sa breed mooglik publyk wurdt garandearre troch de teksten trijetalich – Frysk, Lúwarders en Nederlânsk – te publisearen yn it programmaboekje en publikaasje op internet mei dêrby wiidweidige taljochtingen oangeande literêre tekst, kontekst en muzikaal technyske aspekten.