DE HOBBITS FAN LJOUWERT – Ympresje
JOHAN OPPEWAL
(Foto’s: Jessica van der Staak)
Hobbits freonlike minskjes dy’t sljucht binne op ferklaaiersfeestjes mei lekker iten en drinken, en dêr alle tiid nimme om meiinoar te babbeljen oer dingen dy’t der net ta dogge yn ‘e grutteminskewrâld. It neiplúzjen fan famyljebannen is har populêrste ûnderwerp fan gesprek, se fertelle elkoar graach sprookjes en se hawwe ek in protte belangstelling foar alles wat mei har eigen hobbit-taaltsje te meitsjen hat. Se libje yn in soart fan teletubby-lân yn in úthoeke fan Europa (Midden-Ierde) en komme selden of noait bûten har eigen Goa. Gjin ynteresse foar de bûtenwrâld, allinnich each foar elkoar.
Doe’t J.R.R. Tolkien dizze fantasy-figueren betocht, hie er de Ingelsen fan foar de oarloch yn gedachten. Ofkeard fan de rest fan ‘e wrâld, passifistysk ynsteld, hopen de eilanners dat de oarloch wol oerwaaie soe, en dat Mordor-Dútslân ûnder lieding van Sauron-Hitler foar rede fetber wêze soe. Dy strúsfûgelpolityk wurke net en it kaam allegearre heel oars, sa’t elkenien wit, mar dat hoecht hjir fierders gjin útlis want dêr giet dit ferhaal helendal net oer.
Dit stik giet oer heel wat oars. It is in ferslach fan de presintaasje fan de oersetting fan it earste diel fan de trilogy ‘The Lord of the Rings’ yn it Frysk, yn Ljouwert op freed 25 novimber 2011, yn it gebou fan Tryater. Yn oanwêzichheid fan sa’n twahûndert minsken, in seal fol al ferklaaide freonlike Fryske minskjes dy’t it har lekker smeitsje lieten en yn mylde stimming meiinoar yn diskusje gyngen, dêrnei al of net it boek kochten en doe optein nei hûs giene of nei it folgjende literêre feestje.
In prachtige lokaasje is it gebou fan Tryater, yn in âld skoalgebou oan ‘e râne fan ‘e binnenstêd fan Ljouwert. Goeie keus fan de útjouwer om hjir boekpresintaasjes te hâlden. En as wiene se sels lokaasjeteatermakker, ha Frysk en Frij en Elikser fan alle mooglikheden fan it gebou gebrûk makke, oant en mei de kostúms dy’t foar alle oanwêzigen beskikber wiene. Foar de leafhawwers wie sels in rûnlieding mooglik troch it gebou, fersoarge troch saaklik direkteur Siard Smit fan Tryater. In tocht achter de kûlissen lâns. Ut Smit syn ferhaal wurdt dúdlik dat it eins oan Halbe Zylstra te tankjen is dat dit gebou no beskikber is foar dit feestje, want de besunigingen fan dizze kultuer-sanearder twinge dat sa effisjint mooglik gebrûk derfan.
Werom fan de rûnlieding binne de hobbits al yn mannichte oanwêzich, yn allerhanne hippy-achtige gewaden. Se smite har op de eksoatyske hapkes lykas ‘siist’ en ‘tsraow’, of in pantsje poddepot-sop, pompoene-pepo of spek-rejappels. En nei in pear glêzen ‘nyw’ slûpt gauris ien nei de ‘seksuh’ om te ‘negim’. Sa komt de stimming der lekker yn. En dan moat it echte feest noch begjinne: de presintaasje fan it boek mei dêromhinne sprekkers en dêrnei noch de paneldiskusje.
Utjouwers moatte hyltyd mear út ‘e kast helje om oandacht te krijen. En dêr past dizze gearkomste goed by. It giet net oan om dêroer no in oardiel oer te jaan. Sa geane de dingen blykber. Mar der binne wol in pear apartichheden dy’t de argeleaze Tolkien-leafhawwer opfalle by dizze presintaasje:
* It is noch mar it earste diel fan in trilogy. Wêrom net daliks alletrije? Of giet it krekt as mei de film? Moat it publyk lekkermakke wurde foar de folgjende ôflevering en geduld oefenje? En wêrom is de útjouwer jierren lyn net kommen, tagelyk mei de film? Dat hie kommersjeel grif ynteressanter west.
* Oait meimakke dat de oersetter fan in boek sa yn it sintsje set wurdt? Hast as wie er de skriuwer sels? Panel-lid en oersetter Anne Popkema joech sels in treflike typearring fan de fertaler: it is ien dy’t graach boeken skriuwe wol, mar te min talint en fantasy hat. Meastal moat de fertaler genoegen nimme mei in beskieden honorarium en in plakje yn it kolofon.
* De fraach is fansels wat it minskdom better wurdt fan in oersetting fan Tolkien yn it Frysk. Wa’t it noch net lêzen hat, sil hjirtroch grif ek net oer de streep helle wurde.
* Om it noch gekker te meitsjen, docht de útjouwer syn bêst om boppeneamde fraach ek nochris mei klam op tafel te lizzen. Foarôfgeand oan de presintaasje is ien sprekker oan it wurd, en syn hele ferhaal is ien grut pleit tsjín dit projekt. ‘Ik sil sels gjin bek op dizze oersetting van Liuwe Westra sette’, stelt Anne Dykstra, folge troch: ‘Liuwe, lit dy oare beide mar sitte’. Syn arguminten tsjin sokke fertalingen binne oertsjûgjend en wurde de fierdere jûn net mear wjerlein.
* En dochs einiget de paneldiskusje mei de konklúzje dat der fierstentemin boeken oerset wurde, en dat mear ynternasjonale en by iderien bekende literêre monuminten yn it Frysk ferskine moatte.
Riedselachtich is it. Hoe kin soks? Watfoar útjouwer is tagelyk sa wol en net kommersjeel? Sit der soms mear achter? Hat dizze útjouwer soms in achterlizzend doel? De joviale mar soms ek ferrassend skerpe presintator Jelle Bangma stelt de fraach oan Goasse Brouwer fan Frysk en Frij. Brouwer is net it type poadiumbist en stiet dêr sichtber net op syn gemak foar al dy minsken. Syn antwurd is miskien ek dêrtroch wol tige bondich: ‘Nee, ik jou dit út omdat it moai is.’ It is it feilige antwurd fan ien dy’t wit dat er elke diskusje oer it nut en de kommersjele kânsen fan sa’n útjefte úteinliks dochs ferlieze moat. Dat nut is der net. Hâld it dêrom mar persoanlik. It is moai, foar wa’t der fan hâldt, en wa kin dêr wat op tsjin ha?
Brouwer lit him dêrnei wol wat mear yn ‘e kaart sjen as er opleppelet wat er noch mear yn petto hat oan útjeften. Samle fersen fan dy, samle wurken fan dy, in biografy fan dy-en-dy ferstoarne grutte skriuwer. ‘Mar dy binne allegearre dea’, ropt Bangma. ‘Ja krekt, en har wurk libbet’, is it antwurd, wêrmei’t it achterlizzende doel fan Frysk en Frij dochs wat dúdliker wurdt: bewarje wat noch net ferlern is. It grappige is dat it dêrmei – wierskynlik ûnbedoeld – oanslút by in belangryk tema yn it wurk fan Tolkien: spyt om alles dat moai wie en teloargiet of al wei is, en in djippe oertsjûging dat froeger alles better wie.
Nei Brouwer komt de held fan ‘e dei, oersetter Liuwe Westra, it poadium op. Hy sjocht der út as Bilbo Balsma (GBR: Baggins, NL: Balings) himsels, yn in soarte fan njoggentjinde ieuske meneare-outfit. Tsien jier hat er wurk hân. Noait mei tsjinsin, gjin spatsje stress. Seit er. Mar in oertsjûgjend antwurd op de fraach: wat is it nut?, hat er net. ‘It wie moai om te dwaan’, is syn ûnbefredigjende ferklearring. Hy hâldt dêrnei noch in hiel ferhaal oer de tûkelteammen fan it oersetten. Omdat er dûmny is, giet it sprekken him maklik ôf, der komt sels wat fan in preektoantsje yn. In preek yn trije punten sels. Ien fan dy punten blykt dochs nóch in ûnderbouwing fan it belang fan de oersetting: it wurk fan Tolkien is in monumint. ‘Dit sit yn ús kollektive geheugen. En sa’n monumint moat ek yn it Frysk beskikber wêze.’
Dan komt troch in wûnder fan technyk in man hielendal út Amearika op in grut skerm te sjen. De útjouwer hat út it wrâldwide netwurk fan Tolkien-leafhawwers in echte wittenskipper opdûkele. Professor Mark T. Hooker fan de universiteit fan Indiana is Tolkien-kenner en wol graach wat sizze oer dizze oersetting. In gesprek fia de gebrekkige skype-ferbining wol net slagje, mar aldergeloks hat de man wat ynsprutsen dat fia in powerpoint presintaasje hearre litten wurdt. Oan no ta wie it Nederlâns de meast oan it Ingels besibbe taal dêr’t de boeken fan Tolkien yn oerset wiene. Mar it Frysk is noch neier en dêrmei is dit foar taalkundigen in tige ynteressant boek! Dêrmei is der alwér in goede reden foar it útjaan fan dizze fertaling.
Nei in yntermezzo mei Tolkien-poëzij út ‘e mûle fan de mysterieuze dichteres Albertina Soepboer en in optreden fan it Seizoenenkoar, is it foarum oan bar. In protte fjoerwurk komt der lykwols net fan. Ien seit dat it ‘eigener’ is om in boek yn de eigen taal te lêzen. Gjinien giet der tsjinyn. Stimt de seal dermei yn dan? Teaterman Thijs Feenstra, spesjaal ynhierd om it publyk wat los te krijen en fjoer yn ‘e diskusje te bringen, kin de piperbus net echt fine, likemin as gesprekslieder Jitske Kingma. Gjinien doart hurdop te sizzen wat elkenien wit: minsken lêze makliker Hollâns as Frysk, op in heel lyts klupke nei. Dus dat ‘eigen’ is heel betreklik.
Liuwe Westra komt mei de opmerking dat sels nei it Ingels boeken oerset wurde – dus wa doart noch te sizzen dat oersette gjin doel hat? Gjinien seit lûdop dat dy 400 miljoen Ingelstaligen yn ‘e wrâld gjin inkelde oare taal machtich binne. Dat de stakkerts it dus fan oersettingen ha moatte as sy bygelyks Arnold Grünberg lêze wolle.
Geandewei de diskusje wurde seal en foarum ienriediger. Der moatte folle mear berneboeken komme. Pippi Langkous moat sa gau mooglik yn it Frysk. De skoallen moatte better har bêst dwaan, krekt as de âlden en alle minsken. Se moatte gewoan wer mear lêze! Allegearre! De minsken yn it foarum en in stikmannich yn ‘e seal wolle it leafst sa gau mooglik oan ‘e slach om al dy boeken te meitsjen, of oer te setten.
De advokaat fan ‘e duvel hat ûndertusken bekend dat er sels ek wolris in boekje oerset hat. En hy hat in wûnderlik argumint tsjin it oersetten fan berne-printeboeken nei it Frysk: dat benimt Fryske berne-printeboekeskriuwers de romte op ‘e merk! Ek seit er dat ‘it net mankearret oan de boeken mar oan de lêzers.’
Mar gjinien dy’t even de finger op it seare plak leit: it Frysk is oerboadich. Alle minsken yn Fryslân kinne better Nederlâns lêze as Frysk, en dat fine se gjin inkeld probleem. Sa dom wie de opmerking fan in ymport-mefrou yn ‘e seal dus ek wer net: sy pleite foar dûbeltalige boeken. Iene kant Frysk, oare kant Nederlâns.
En dêrmei is it ferhaal rûn: Friezen binne hobbits. In freonlik folkje dat it leafst lekker byinoar krûpt yn har gesellige hoalen, om elkoar kadootsjes te jaan, ferhaaltsjes te fertellen en aardich foarinoar te wêzen. Lekker ite, wat drinke, net te moeilijk dwaan en grutsk wêze op dy moaie taal. Moaie, passende ôfsluter wie it wurdsje fan Tony de Haan, foarsitter fan it Tolkien genoatskip Unquendor. Net om wat er sei, mar hoe. De net-Fries spriek de seal ta yn it Frysk! In moaiere aai oer de bol hiene dizze hobbits net winskje kinnen. Dus: daverjend aplaus.
Is it slim om hobbit te wêzen? Nee. In bytsje sneu miskien wol, mar slim is ‘t net. De hobbits binne fan alle figueren út de Tolkien-mytology de sympatykste. It libben yn it Goa is fan hege kwaliteit. It Frysk is der, en foar wa’t dêryn opgroeid is, is der gjin moaier taal. Dus sille der ek minsken wêze dy’t bliid binne mei dit boek dat se al fiif kear lêzen hawwe, mar dan yn dy oare taal, dy’t har op papier folle better leit, mar dêr’t se net datselde gefoel by ha. Dus sil de útjouwer de kosten der miskien wol úthelje kinne. Dus sille der ek wol wer mear oerboadige Fryske oersettingen komme fan monuminten út ‘e wrâldliteratuer.
It is in taai folkje, dy hobbits, en meiinoar hâlde se it lang út yn Midden-Ierde. Langer as de elfen, langer as de ‘dwirgen’, miskien sels wol langer as de Minsken.