Voor Nederlands: gebruik Google Translate.
For English: use Google Translate
.

Foaroan, ûnder oaren kommissaris Arno Brok en sopraan Nataliia Gryshchenko

Op sneon 29 novimber 2025 waard yn ’e Groate Kerk te St.-Jabik it meartalich Feest fan Fier dyn eigen taal fierd. In fleurige dei foar brûkers fan lytse talen, mei no en dan in frij pittich dispuutsje. En dêrneist de presintaasje fan ’e dichtbondel Fier dyn eigen taal, in samling fan 333 siden mei fersen fan 222 dichters yn sa’n 70 lytse talen.
Sjoch foar de ynhâld: Fier dyn eigen taal

Sûplesse, swier en tier by Brandsma en Brok, in oerfloed oan poëzy wurdt yn syn hannen fierd

Kommissaris: Fier OP dyn eigen taal
It symboalys earste eksimplaar fan dy dichtbondel wurdt yn hannen steld fan Arno A.M. Brok, Kommissaris fan ’e Koaning yn Fryslân, as beëage ambassadeur en as sadanich statushâlder en emansipator fan eigen identiteit.
Brok: De titel fan de bondel seit it al: Fier dyn eigen taal. Ik soe der graach ien wurdsje oan taheakje wolle: Fier op dyn eigen taal.
Want wy hawwe alle reden om grutsk te wêzen.

It liket sa fanselssprekkend om dyn eigen taal te praten, mar dat is it net. Lytse talen steane ûnder druk. Se moatte plak meitsje foar de grutte talen fan de wrâld, foar de taal fan it ûnderwiis, fan de social-media, fan it wurk.

Hjoed fiere wy ús eigen talen, yn al har foarmen en kleuren.
Ook een warm welkom aan al die mensen die vanuit andere landsdelen hier naartoe gekomen zijn. Mijn verhaal zal in het Fries zijn, dat zal u denk ik niet verbazen. Mocht u iets niet verstaan, dan kunt u uw buurman of buurvrouw even gebruiken als tolk wellicht. Welkom!

Brok lit syn papieren speech lizze en ymproviseart foar de fûst wei spontaan in flamjend foargefjocht foar it brûken fan je eigen taal. Syn ynspiraasje hellet er út it libbene Frysk dat him as eigenste sprake oanflein is. De man taast yn eigen en oarfrous/mans moed.
Hy wurdearret by de oanfang de klank fan ’e Ukraynse sopraan as symboal fan ferbining fan talen oer grinzen hinne – en beneamd de frijheid dy’t foar ús sa fanselssprekkend is, mar foar de flechtling allegeduerigen wif.

Brok fielt him Frysk. Doe’t er hjir telâne kaam, wie er daliks thús en hy wist: Wol ik der byhearre, dan moat ik de taal leare. Hy hat it Frysk ek oannommen omdat er de betsjutting achter de wurden as safolle kleurriker belibbet as it Hollâns.
/…/Dat is ien fan ’e redenen dat it myn taal wurden is.
No is der in soad strideraasje oer: wat moat de oerheid dan mei de taal? Ek de lêste wiken is de diskusje: wannear bist Fries? Ast Frysktalich bist of net? No, dêr kom ik graach in kear op werom, om dêr ris wat breder en wat djipper oer te praten.
Mar wat is de rol ek fan ’e oerheid dêrby? Ik bin bliid dat ús deputearre fan taal der hjoed ek by is. Ik tink dat de oerheid in ôfgryslik wichtige rol hat yn it taalbelied. Want at der net in formeel ramt is, at der net in formele wet is wêr’t yn stiet wat de basis wêze moat fan ús taal, dan wit ik wol wat de útkomst is. Dan wurdt it fierstente frijbliuwend en wurde de rjochten fan minderheden skansearre, beschadigd. En dat is net in goeie saak, want wy hawwe as oerheid de plicht om altyd te stean foar de rjochten ek fan minderheden.
En een minderheidstaal is een rotwoord. Wij gebruiken in het Engels graag ‘lesser used languages’, minder gebruikte talen, of thuistaal, of taal van het hart, of de dominante taal in de regio.
Yn Fryslân is it Frysk net in minderheidstaal. Yn Nederlân is it in ‘lesser used language’.
Maar in Friesland is het de dominante taal, vooral als je de dialecten of de streektalen – vind ik veel mooier – de streektalen zoals het Stellingwerfs of het Bildts daarbij optelt, is het Nederlands vooral op het platteland een niet-dominante taal.
No, wat sa wichtich is, fan ’e wike sille de deputearre en ik nei Dútstalich België om dêr te praten mei de oerheden oer hoe’t sij it Dútsk yn de rjochtbank borge. Dat is by ús yn Fryslân altyd noch in punt. Wy binne yn de maityd, de lente, nei de Færöer eilannen west. In lân mei 750.000 ynwenners mei in eigen taal, kultuer en identiteit.
Wy ha ien grutte famylje yn West-Europa. Der binne sechstich regio’s en lannen dêr’t taalpluriformiteit is. En taalpluriformiteit is absolute rykdom. Europa is net allinne in gearwurking fan lannen, mar Europa moat ek in gearwurking wêze yn al dy regio’s wêr’t dy taalpluriformiteit is. En wêrom is dat fan belang? Net as doel op himsels, mar omdat dat fanút de rykdom ferbining jout. En in kontinint wat ferbining siket, wat ferbining makket, dêr is gjin oarloch. Dus ik fertrou derop dat naarmate der mear frijheid is foar regio’s en lannen om minsken tichtby taal, kultuer en identiteit harren romte te jaan, dat dat rykdom is.

Beste minsken, ik hie in speech, mar ik ha him totaal net brûkt.
Sjoch foar Brok syn taspraak op papier, dy’t er foar 29 novimber taret hie, mar net útspriek: Taspraak Kommissaris fan ’e Koaning drs. A.A.M.Brok, 29 novimber 2025.
Dit is wat ik graach sizze woe.
Ik vind het een enorme verrijking dat er zo ongelofelijk veel mensen met de betrokkenheid met hun eigen taal en kultuer hier zijn. Dat is precies wat we in deze gemeente willen. Dat is precies wat we in deze provincie willen. Om daarmee uit te stralen dat het niet iets is waar je een hek omheen moet zetten. Maar dat we vanuit onze eigen emotie, gevoelens en rijkom de verbinding met elkaar willen maken.

Dominante taal: diskusjepunt
Wannear is in taal dominant? Dêr kin tenei oer fierder praat wurde. In soad plattelânsfriezen sille it Hollâns net as foaroansteand ûnderfine, mar dat is it yn ’e praktyk feitlik al: op ’e dyk, yn skoalle, yn tsjerke. En hjoed ek sa mar ynienen by ús eigen foarum.
Dat de Stellingwarvers op har beurt it Frysk betiden it as ‘haadtaal’ ûndergean, gebeurt Nota Bene ék op dizze dei fan Fier dyn eigen taal!
Christine Mulder, Stellingwarver dichter en meiwurker by de Stellingwarver Schrieversronte, bringt dat nei foaren, sjoch it artikel yn de StellingwerfStellingwarver zaeken, 4-12-2025:
/…/Iene van de Stellingwarver schrievers perbeerde in et kader van taeldiskriminoasie de holing van ’t Fries en de perveensie ten opzichte van et Stellingwarfs onder de andacht te bringen. Stellingwarvers kriegen mit riegelmoat te maeken mit gedrag en akties woaruut vaalt op te maeken, dat heur tael ok minder weerde het as de ‘heufdtael’ Fries.
Ondaanks bi’jval van aandere schrievers uut et briede Nedersaksische taelgebied, bleek d’r gien ruumte te wezen veur dit onderwerp en wodde et niet veerder oppakt. Doarmit sprak de mannefestaosie de ambitie uut om kleine taelen ten volle te vieren, mar leut disse kwestie een wisselend gevuul na.

Lês fierder: [wurdt noch pleatst]
Om kleine taelen ten volle te vieren is uteraard by útstek de bedoeling fan Fier dyn eigen taal! Fan minderweardigens mei gjin sprake wêze, dat is it tsjinoerstelde fan wat dit projekt beëaget. Alle talen binne dan wol net gelyk, mar wol gelykweardich. Dat skerp yn ’t each hâlde, binne wy elk foar oar oanspraaklik foar.
Dit fraachstik fan toanoanjaande, oerhearskjende taal is noch lang net útiten.

‘Dialekt’ trochbrutsen
Yn dat ramt kieze wy sadwaande net foar de oantsjutting dialekt, mar foar ‘lytse taal’. Soks omdat dialekt faak wat leechlizzends, soms sels spottends, yn him hat. Ek by de brûkers fan lytse talen sels. Fier dyn eigen taal trochbrekt soks. It seit himsels dat minderheidstaal likemin fan tapassing is. Lytse taal is trouwens allyksa op ’e grins. De termen geaspraak en streektaal binne by guon tongslaggen faaks te beheind mei ’t each op in toch wiidweidichachtich taalgebiet.
Wa wit in wittenskiplik ferantwurde, net-beladen beneaming?




Frysk Folksliet mei Ukrayns aksint
De Ukraynse sopraan Nataliia Gryshchenko – klaaid yn ’t kostúm ferurven fan har beppe – sjongt oan it begjin folút it Frysk Folksliet – guon reitsje sawat yn triennen, oaren wurde bliid fan it skel lûd fan ’e sopranino yn kombinaasje mei dy pompeuze nepotistise tekst.
In paradoks is it ienfâldige folkslietsje yn har memmetaal oer taal mei de titel Memmetaal, sjoch foar dy tekst: Oekrayns feest fan Fier dyn eigen taal.



Sierlike Fryske Dûnsers
De Fryske Dûnsers komme rom oan bod mei taaldûnsen – sa mar even neamd foar dizze gelegenheid.
It poadium is hast te lyts foar de swierige walsen.
De 200 feestfierders gean fierders fergees te gast oan Groate Kerk-Hearlikheden: twa soarten sop, Bildtse Broadsjes, oranjekoek en sûkerbôle fan Bakkerij Struiksma út Tsjummearum.


Sjoch:


Klonken wurdt op it jesels wêzen yn en by eigen poëzy.


Nije Taalballade
Dat is meisjongen geblazen by de Nije Taalballade fan Piter Wilkens. Dêryn besjongt de trûbadoer yn alle earnst luchthertich tûkelteammen en kribbekeurichheden dy’t er oan ’e lijve ûnderfynt:
> troch alle burokrasy hasto al gau de moed net mear
> troch de polityk wurde gjin grutte stappen set
> Wy ferbrekke ús mar al te graach
> troch ús eigen skuld, ha wy de slach ferlern.

De seal kin dêr oer meitinke. Nei it skoft redekaveljend yn ’e mande mei it Taalfoarum.
Neffens de tekst yn ’e bondel hat Piter syn ballade wat oanskerpe, pittige gespreksstof foar dispuut.
En it foarlân is, dat er noch wer in oare ferzy kreeëart foar syn sjongen op toernee.
Sjoch foar de tekst yn ’e bondel: Frysk feest fan Fier dyn eigen taal.

Jan Dykstra, kultuerwethâlder fan ’e gemeente Waadhoeke, dêr’t Frysk en Frij syn sit hat, Nataliia Gryshchenko, flechtling út Ukrayne,
deputearde Eke Folkerts, portefúljehâlder Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer
en Piter Wilkens.
Fan it iene komt it oare: Jan seit dat er by Nataliia op sjongles wol.
Fan ’e VIP’s is ek oanwêzich Joliena Smit-van Engelenburg,
adviseur wurkbesites en protokollen foar de Kommissaris fan ’e Koaning

Sammelbondel: in wûnderbaarlike oerfloed
De samling Fier dyn eigen taal omfiemet in wûnderbaarlik bûnte oerfloed fan sa’n santich tongslaggen út Nederlân en fierder oer de grinzen hinne, fan Fear oant Falencià.
Ferrassend is de kwaliteit fan ’e fersen, in opstekker foar ús aller lytse talen.
Nettsjinsteande dat it tema Taal beheind achte waard, komt hjir heel wat prachtich literêr wurk foar ’t ljocht: orizjinele, autintike poëzy fan sawat likefolle froulju as manlju.
Alles mei-inoar is ’t sawat flaterleas, mar der is altyd wát net yn ’e es. It fers fan Kees Takken is op in ferkearp plak set: net by Westrfrois, mar by Achterhooks.

Fjouwer oaljeferve skilderijen fan Douwe Idema siere it omslach fan ’e sammelbondel,
ûnder it oargel hinget pontifikaal de foarkant.
Idema: Ik koos een engel, ik wist dat deze de dichters onder haar vleugels nam.
Rjochts, twadde rige, de skilder.
Dêrfoar de Noardfryske delegaasje mei flachje: Ellin Nickelsen (yn read) en Marit Godbersen




Ferbining en krúsbestowing
Margriet Brandsma betoant yn har iepeningswurd dat wy hjoed byinoar binne om it fieren fan elk syn eigen tongslach. It is op ’t lêst it Feest fan Fier dyn eigen taal, dêr’t eigen identiteit no ris folop syn gerak krijt, en men in soarte fan oangename krúsbestowing ûnderfynt.
Oer dy ferbining seit ien fan ’e oanwêzigen neitiid: Ik krijg er nog een warm gevoel van. Er heerste een bijna euforische sfeer – de mensen waren vol verwachting van elkaars talen. En de bundel werd gretig doorgenomen en geïnspecteerd.

Sels is Brandsma dizze dei sawat fjouwertalich: Hollâns, Frysk, Dúts en Westfrois, de taal fan ’e omkrite yn har bernejierren. Se hellet oan dat by in baan yn it Goai fan har ferwachte waard dat se sa gau mooglik har Westfryske aksint ôfleare soe – sels hie se net yn ’e gaten dat se dat hie. Thús praten har Frysktalige heit en mem Hollâns tsjin har, want har âldere broer koe dat net goed doe’t er op ’e beukerskoalle kaam. Dy ongenade woenen se Margriet besparje.
Se fertaalt geandewei sa no en dan it Frysk en Dúts yn it Algemeen Beschaafd Nederlands, it ABN. In term dy’t trouwens rinnende de gearkomste as diskriminearend bestimpele wurdt en sadwaande achterhelle.


Genot fan tolve talen
Geandewei de gearkomste is it yndied in feest om fan al dy natuerlike aksinten te genietsjen troch de foardrachten yn it
> Achterhooks/Aaltens troch Ankh Gussinklo
> Grunnegs/Westerkertiers troch Willem Tjebbe Oostenbrink
> Bildts troch Mervin Slootweg fan basisskoalle De Twiner dêr’t Frysk en Frij poëzywurkwinkels opset
en Aggie Meijer
> Tweants fan Gerrit Klaassen
> Frysk troch Christa Nicklewicz
> Fering-Weesdring-Nuurdfresk troch Marit Godbersen en Ellin Nickelsen
> Westfrois troch Joke Sijs
> Stellingwarfs troch Stien van Anne, pseudonym fan Christine Mulder
> Drèents/Börks troch Gerrit Boer
> Limbörgs, troch Limburgs Wearmeadje, skûlnamme fan Diana Bus-Dilal
> Hollâns troch Anke Cuijpers.


Brandsma liedt de dichters yn,
hjir Ankh Gussinklo – Aaltens

Miene moerstaal…
Toen good en wal het aerdse lecht mi-j dagen
He’k het in edronken met de moodermelk en
elke stemme spraekend in dee taal recht-streeks
op eslagen in mien kleine kinderliefken,
’t Aaltens dialect.
Willem Tjebbe Oostenbrink – Westerkertiers

Tekens
Wij schrieven op pepier en op e grond,
veul minsen bennen ons doarien veurgoan.
Zaand het niks ien e reken met lienen en letters,
wiend en wotter wissen ales uut.

De jongste foardrager:
Mervin Slootweg
yn ’t Bildts

Mervin met hait
en sussy
Aggie Meijer – Bildts

’t Pâd fan de taal
In de loop fan ’t leven
Het men wel ’s even         
Dat besef fan aigen onwetendhyd
Gerrit Klaassen – Tweants

Dat wat zwig
Al he’w der ok weurde vuur kregn
teagn oe gezegd kan ’k et nich zegn
Pröat vult eankeld geat in ne ruumte
bloast alverdan n ongedurig ruuske
Christa Nicklewicz – Frysk

Hilligens
Ik bin gjin hillige
It hillige leit bûten myn macht
Hilligens is wer’sto bist
De delegaasje fan ’e Noardfriezen
Marit Godbersen – Weesdring–Fering

Min aanj spriik
min stem
ens so saacht
ens so letjem üüs a naacht

en
Ellin Nickelsen

Wat boowen uun leit
Raid taag of hard taag
letj wönger mä rütjen
– of uk ei –
det banen täält
ei det bütjen.
Hartsaag.
Joke Sijs – Westfrois – Hoogwoud

Moerstaal
‘k Hoor de ouwerwisse klanke,
oftig in moin moeders huis.
Met ’t klimmen van de jare,
komt ze in die taal weer thuis.
Stien van Anne,
skûlnamme fan Christine Mulder – Stellingwarfs

Vuurtael
Waor de Lende ieuwen laank
et verbörgen beekdal kleurt
het de meanderende klaank
de griffioen de ziel bereurd
Gerrit Boer – Börks

Zwiegend bij Börk
en ik, lopend deur een lange gang in Den Haag en in archiefduzen op aold pepier je naam zuuk,
je naam je ogen je haanden en alles vrömd is: taol, woorden die’k haost niet verstao

Limburgs Wearmeadje,
pseudonum fan Diana Bus-Delil – Limbörgs
Maaskanters – Westelijke Mijnstreek

Ut blief toch apart
Dat allein de taal van dien hart 
Mit emotie kent spreake
Euver dich heen vilt es ein werme deake

Anke Cuijpers – Hollâns

Familietaal
een mens kan een verkeerde beslissing nemen
als het vaker voorkomt noemen we het een gewoonte
zoals wanneer je van chocolade houdt en je naast
de plaatselijke chocoladefabriek gaat wonen
Met de blik recht in ’e kamera: Frans van Dijk – Bildtse poeet
Taal
soa mooi

bij de een
hoort ‘t
as mezyk

de ânder fernimt
der dichtwerk in

Links dêrfoar yn donkerblau: Leo Popma, dy’t mei in nije roman komt.



Prekêre taalkanten
Under lieding fan Brandsma diskusjeart de seal mei in taalfoarum oer gefoelige taaldiminsjes: eigenheid, behâld, noarm, hâlding, ferbrekken en diskriminaasje. Sjoch foar wiidweidiger beskriuwing: ÚTNÛGING Fier dyn eigen taal – Presintaasje en Taalfoarum – Frysk en Frij.
Benammen dy lêste twa freeslike faktoaren stean wy net of amper by stil, wylst elkenien dy’t in lytse taal sprekt, dêr oer meiprate kin.
Brandsma: Neem mijn eigen kleine taal, het West-Fries. Je kunt een baan bij de Publieke Omroep wel vergeten als je dat spreekt – en dat geldt denk ik voor veel kleine talen.
In oar foarbyld: it Frysktalige Hindûstaanse fanke achter de patatkream op it Ljouwerter stasjon opperet: Ik wurd eins noait yn ’t Frysk oansprutsen.
Omgekearde – net bedoelde – ongelikense behanneling.

Fan links nei rjochts: Jelske Dykstra, Mirka Antolović, Tsead Bruinja, Tialda Hoogeveen
en Margriet Brandsma

Fakbekwaam útsocht taalfoarum
Yn it taalfoarum hawwe fjouwer autoriteiten in fakkundige sit.
Tsead Bruinja, earder Dichter des Vaderlands, dosint en dichter, beljochtet ien en oar út syn persoanlike perspektiven wei en makket tagelyk even in sydstapke mei reklame foar syn optredens: Morgen geven we een voorstelling in Pingjum, er zijn nog kaarten.
Brandsma: Dat is dan nu uitgevent.
Tialda Hoogeveen, ambassadrise fan It Fryske Berneboek, makket de reklame kompleet: Ja, het publiek is bij jullie uitvoering tot tranen toe bewogen Tsead, zo indrukwekkend.
Hoogeveen leit fierders de klam op it belang fan ’e eigen taal, benammen by bern: Omdat die tot het hart spreekt.
Mirka Antolović, direkteur fan it diskriminaasjesintrum Tûmba, hat har woartels yn Bosnië, is yn Limburch opgroeid en wennet yn Fryslân. Se ferstiet it Frysk en wol dat ek graach prate, mar de Friezen moedigje dat net oan: yn ’t earste plak bepale se troch Mirka har uterlik dat se it Frysk wol net ferstean sil en as se it besiket te praten wurdt dat oer it generaal net op priis steld of it is net goed genôch.
Jelske Dykstra, projektmanager fan Mercator, Europees Kennissintrum foar Meartaligeens en Taallearen by de Fryske Akademy, kin ûnderskate kanten fan taalhâlding yn har eigen taal wittenskiplik taljochtsje.
Sa hat men daliks it massaal oergean op it Hollâns by de kop.

De Hollânse taaltigers Bruinja en Hoogeveen, in wat dateard tragy-komys gelegenheidsduo à la Koot & Bie:
in publykstreffer yn har hotêne taalattitude

It ferbrekken: in tragy-komise fertoaning
It taalferskaat kleuret de dei. It toangenot set eigenheid yn klanken om. Meiminsken binne nijsgjirrich nei inoars tongslach, fan Limbörgs oant Grunnegs en Westfrois oant Nuurdfresk. De plurifoarmiteit befrijt fan opleine boppetaal. It bewende ferbrekken liket fierwei, mar leit ek hjirre op ’e loer.
De kommissaris hie it ûnder oaren ek al oer it oernimmen fan ’e dominante taal, dat ferskynsel dat yn ús systeem beklonken is: Se moatte plak meitsje foar de grutte talen fan de wrâld. It is maklik om oer te skeakeljen nei it Nederlânsk of it Ingelsk. Mei elke kear dat wy ús ferbrekke, ferliest ús taal in bytsje har plak. Mei elke taal dy’t ferdwynt, ferdwynt ek in stikje fan ús kollektive ûnthâld, ús kultuer.
In prekêr puntsje dat pynlik trochbrekt.

De Kommissaris yn petear
mei in feestgonger.
Boppe-op it oargel weitsje de sinnebylden
Wierheid, Ferljochting
en Frede oer alles hinne


Fan ’e Frysktalige Friezen yn Fryslân stapt 90% op it Nederlâns oer, as de Hollânstalige gesprekspartner it Frysk gewoan ferstiet. Skamte, fatsoen, eangst? Hoe dan ek, it Hollâns slacht foar master op. Sanksjoneard, nee aktiveard troch de brûkers fan dy lytse talen sels, want massaal yn útfiering brocht.
Onverwacht en ongedacht en tsjin alle akkordaasje yn, beuzigje de foarumleden Bruinja en Hoogeveen konsekwint it Hollâns – as Brandsma dêr even wat fan seit, makket dat neat út: se gean steech troch yn ’t Nederlâns.
En as even letter dat ferbrekken fan taal as spesifyk gespreksûnderwerp oan ’e oarder komt, opperet Goasse Brouwer fan Frysk en Frij: Wy ha hjir no it libbene foarbyld by it Foarum, dat Frysktalige Friezen har ferbrekke.
En – omkearde diskriminaasje -, sý bepale hjir even dat de Achterhookers, Grunnegers en Limburgers yn ’e seal it Frysk wol net ferstean wolle en kinne sille.
Hallo! Dat is no krekt net de bedoeling fan dit feest fan Lytse Talen.
Hy biedt as organisator ekskuzes oan foar dy mogelike false skamte en dat mispleatst goed fatsoen.
Brandsma freget der by ’t publyk op yn. Guon net Frysktaligen opperje dat it wol maklik is dat dy twa foarumleden konsekwint ABN prate, mar ja.
In oar bringt nei foaren dat er graach seach dat de foarumleden net de grutte taal fan ’e macht brûke, mar benammen ek nó rekken hâlde mei de ûnderlizzende tongslaggen.
Brandsma konfronteart de twa foarumleden dêr mei, mar dy steure har net oan de arguminten en redeneare it knap healoerke dêrnei oan ’e ein ta yn it Hollâns – demonstratyf?
O! Wat in treurichheid! Om der yn dit freugdefolle fermidden ter plekke pinemage fan te krijen. In ûnferwacht stekkende – mar evensagoed frjemdgenôch simultaan -, nuveraardige, singeliere, ja, sels komise fertoaning.
Opsetlik?
Tialda Hoogeveen letter: Nee, it gong yn in ‘split second’.

Ordinêre resultaten
By it neipraten komt spontaanwei dy fassinearende taalhâlding fan lju dy’t troch it Frysk har brea fertsjinje allyksa te praat.
Reaksjes:
-Makkelijk, zo konden we alles verstaan; maar ja het klopt niet, want we zijn hier voor de stimulans van het gebruik van eigen taal
-Nu krijg je ook hier weer dat heersende Nederlands op je bord, daar komen we niet voor!

-Nijsgjirrich materiaal foar nochris wer in ûndersyk, wurdt lakerich opwurpen
-Unfatsoenlik
-Arrogant
Dat sokke saakkundige hoatemetoaten soks net yn ’t ferstân ha
Wat in psychologys onbenul
-Om je te besauwen, ik hie in pleatsferfangend skamtegefoel
-O dy al-âlde ynsliten regintementaliteit.

Oan ’e oare kant: in dankewol foar dit skrinend oerâld eksimpel is op syn plak gemeente. In segene saak dat sa’n hotêne taalattitude Anno 2025 fan alles by ús losweakket: fêstsette stof om oer nei te tinken. Trouwens, tenei leaver sûnder argewaasje en mei wat fernimstiger rauwe humor.
Oant safier dit leksum.

Konstruktive útkomst
De diskusje rint út op in konstruktive útkomst. In pear dagen letter seit in Frysktalige frou:
Ik hâld der mei op.
Wêrmei?
-Mei Nederlâns te praten as dat net hoecht. It moat ek net gekker wurde.

Har man:
M’n vrienden spreken allemaal Nederlands tegen me – voortaan ga ik zeggen: Praat maar gewoon Fries.

Hannel yn poëzy, Carla van der Zwaag en Aafje Bouwer
Ignasi Ripoll en foarumlid Tialda Hoogeveen besjogge Omwrotters,
de behindige stek-yn ’e-bûse
mei aforismen fan Gys Miedema,
dy’t elke keaper deropta krijt

Stipe en gearwurking
Sponsoring troch fûnsen is ûnmisber om sokke ûndernimmings troch te setten – én dat hâldfêst is ek in hele stipe yn ’e rêch. Dy waard jûn troch de Boersma-Adema Stichting, Stichting Herbert Duintjer Fonds, Douwe Kalma Stifting, Ottema-Kingma Stichting, Lammert Koopmans Stichting, Wendelaar Bonga Stichting.

Ut gâns oare oanfragen kaam neat yn, dat dan wol wer. Dêrtroch koenen guon ûnderdielen fan it projekt net útfierd wurde – lykas lûdsopnamen – of der is fiks op besunige troch it feestelik affearen yn te perken. Mar dêr hat it publyk fierders neat fan fernommen.
Elk opnommen fers fertsjinne € 75,00. Dat is in honorarium dat heart by in profesjonele opset. Dichters wurde betelle neffens merites dy’t meihelpe oan in sûn literêr wolbefinen. Yn dit stik fan kulturele saken wol Frysk en Frij ôf fan foaien; leafdewurk-âld papier is yn dizzen net billik. Want dat docht ûnderstek oan in fitale ynfrastruktuer. De koördinaasje en redaksje wurke yn dizze tastân wol Pro Deo.

Animearend, faak besieljend, wie it oparbeidzjen mei de folgjende 33 partisipearende ynstânsjes en ynstellingen,
sjoch by de flachjes FEEST FAN FIER DYN EIGEN TAAL – Tema: Taal – Frysk en Frij

-Aschwin van den Abeele – Zêeuws
-De Bibliotheek Twente
-Sytse Buwalda – Bildts
-Creatief Westfries
-Dialectkring Achterhoek en Liemers
-Dialectkringe Salland en Oost-Veluwe
-Diele fan it Waad – Aggie Meijer
-Doutsen van Gosliga, teatermakker
-Erfgoed Groningen – Fieke Gosselaar
-Huus van de Taol
-Lectoraat Meertaligheid & Geletterdheid NHL Stenden – Mirjam Günther-van der Meij
-Levende Talen Nedersaksisch
-LiterturLand – Ellin Nickelsen – Nuurdfresk
-De Mimmetaal, Schylge
-De Moespot
-NHL Stenden
-Ostfriesische Landschaft
-Ostfriesisch Woordenbauk – Onno Dirk Feldmann
-Plattdüütsk Büro
-Poetry without borders – Germain Droogenbroodt
-Poëzieprojecten Limburg – Laura Theunissen
-Salland Oost Veluwe
-Stellingwarver Schrieversronte
-Arjan Sterken, Radboud Universiteit Nijmegen – Sallaands; m.y.f. 1-1-2026 dir. Stellingwarver Schrieversronte
-Twentse Taalbank – Gerrit Klaassen
-De Twiner, St.-Jabik – Jantien Hoekstra, Joke Pars-Wassenaar
-Tûmba – Mirka Antolović
-Unerwäis mit Friesen – Ellin Nickelsen
-Uutkomst – Willem Tjebbe Oostenbrink – Grunnegs
-Verbond van Nedersaksische Dialectkringen
-Veldeke Limburg, oerkoepeljend orgaan fan alle dialektkringen yn Limburch
-Ilse Vos – wurkwinkels en kommunikaasje
-Vrienden van de streektaal Lochem
-Piter Wilkens
-Zêeuwse Dialectvereniging.

Start nij meartalich poëzyprojekt oer Frijheid
De animo by Fier dyn eigen taal is sa grut dat de sammelbondel betsjut de start fan in nij meartalich poëzyprojekt, no mei as tema Frijheid.
De webside fan Frysk en Frij is sadwaande in trochgeand platfoarm en poadium foar emansipaasje fan lytse talen.
Binnen in wike nei 29 novimber wienen de earste nije Frijheidsfersen al binnen: Frysk, Grunnegs, Hollâns, West-Vlaams. Sjoch: Oprop.
At der wer in sammelbondel mei presintaasje komt, hinget ôf fan oerheidsstipe.


De lytse letterkes
Tsjinslaggen dy’t ferfrissend frij makken, wienen Fryske offisjele subsidiearde semy-oerheidsynstânsjes, lykas ’t Bildts Aigene, Afûk en Tresoar en it Nordfriisk Instituut, dy’t fan it begjin ôf oan frege waarden om mei op te arbeidzjen en der stik foar stik – nei ferrin fan har fergadertiid – foarsichtichjes foar wei wynden: it paste toch net yn har belied. Dat makket frij fan kommisjes mei einleas oerlis. Je kinne trochpakke.
Nei in jier lûken, kaam de Fryske Akademy op ’e falreep toch noch fanwegen mei in sit yn it Taalfoarum, gelukkich.

Fier dyn eigen taal koe it ek mar stelle sûnder finansjele oerheidsstipe dat makket: op ’e begrutting fan 58.000,00 skode de Provinsje Fryslân oan no ta € 1.000,00 en de Gemeente Waadhoeke € 2.000,00. De trije projekten: sammelbondel, digitale útjefte anneks meartalige wurkwinkels op basisskoallen, û.o. De Twiner – Groeisem, St.-Jabik: Bildts, Frysk, Hollâns, talen fan asylsikers foelen bûten de reguliere regelingen. Mjittewurk koe net fan tapassing wêze, linksom noch rjochtsom, die bliken nei oardel jier fergaderjen op ’e subsydzjeôfdielingen. Burokrasy yn ’t lyts. Men sil der mar ôfhinklik fan wêze.
Fan it Nederlands Letterenfonds en it Cultuurfonds kaam allyksa gjin stipe; dekreten blike ek dêr getten yn beton: regeling op regeling, wet=wet, nei ynhâld en ynhouten sjogge wy net.

No’t Fier dyn eigen taal konkrete produkten yn ’e merk set, wurdt in mienskiplike oanfraach taret troch ynstânsjes fan Lytse Talen foar finansjele stipe fan fûnsen en oerheden oangeande it ferfolchprojekt oer Frijheid.
Wy tidigje op weareldwize ratio ferbûn mei leafde foar lyryk.