Jacob Wolthuizen
berne 14 jannewaris 1929 – ferstoarn 9 febrewaris 2017
Jaap Wolthuizen, hat as ‘puzzelfeint’ fan Frysk en Frij gâns libbene taal yn syn bagaazje. Hy wol syn kennis graach mei oaren útwikselje, en útteste: Witst wol wat dat wurd betsjut? En wat giet wol net beskûl áchter dy betsjutting!
Hy makket syn trochtinkers mei de holle en hannen, sawol foar folwoeksenen as foar bern.
Kreas yn ’t pak, mei feehals en strik, neffens de man binne syn produkten: deeglik, betroud, krekt en keken (wer sa’n wurd, yn ’e geunstige hoedanichheid graach).
De puzzelrubryk wreidet him út en út mei reaksjes en kommentaren fan ’e puzzelmakker en syn puzzelders, oer en wer. Dat wurdt in puzzelskûtelbank. It giet betiden nammers alhielendal net mear oer puzzeljen. In sosjaal fenomeen. Alle wiken, alle fjirtjin dagen, alle moannen. Oant syn blêd ophâldt. Mar Wolthuizen publiseart troch: yn ûnderskate puzzelboekjes.
Foar Wolthuizen syn tûzenen puzzels binne no allegearre fernimstige kompjûterprogramma’s yn ’t plak, gelukkich. En gelukkich – Nee! Aldergeloks! soe ‘omke Jaap’ wol sizze – dat dizze beskieden bodder ús fjild dêrta besiedde.