Witbraad, Gryt

(© Foto: Eigen argyf Gryt Witbraad)

Gryt Witbraad-van der Meer (Heech 1944), wenjend te Aldegea (W.), wûn mei it fers ‘k wie trije jier yn 1991 de earste priis yn ‘e priisfraach fan ‘e Kulturele Ried Wymbritseradiel. Foar it gedichtterptsjerke krige hja yn 1993 de sulveren pinne fan SLAH (Stichting Literêre Aktiviteiten It Hearrenfean) en it gedicht gearrin waard yn 1996 bekroane mei de Rely Jorritsmapriis. Yn 2000 wûn se dizze priis mei simmersêne.

Ut it sjueryrapport fan ‘e Rely Jorritsma-priisfraach 2000 oer it bekroande gedicht simmersêne:
By it earste lêzen is dit hast in wat ‘gewoan’ gedicht. It tilt net op fan ‘e prachtige taalfynsten. Mar mei mear oandacht komt hjir fan alles boppe. Yn it foarste plak falt de boartlike toan op, in spoar fan irony, in knypeach hast. Subtyl, mei leafde en respekt, wurdt hjir in film opnommen. Twa jonge minsken, noch bern faaks, spylje de grutte wrâld, sa’t sy dy tinke dat dy wêze sil: as yn in film, as yn ‘e West Side Story, inkeld dan net yn in grutte stêd, mar hjir, yn it bûtlân, yn ‘e grieden by de mar. Alles wurket mei: de sinne stiet as in felle spot oan ‘e himel, de loft is ferskuorrend blau, de mar rint oer fan wetter en de seilen fan ‘e sylboaten klepperje. Krekt as yn in film: mear as gewoan. In Oscar foar dekor en lûd. Oan ‘e ein rint it gedicht hiel moai út yn ‘e lytse bylden fan ‘e ferlegen gimmestykskuon (dy’t noch in bytsje by de West Side Story hearre) en de mem – as it fiere publyk – yn it hûs dêr’t de ruten fan iepen stean. Net it doek sakket, mar it ljocht. In dream fan in gedicht. Oandwaanlik, sûnder sentimenteel te wurden. Oan ‘e ein ta lichtfuottich, mar tagelyk mei de struktuer fan in film dy’t hiel trochtocht regisearre is.

Prelude

Earste printinge: 1998 Twadde printinge: 1998 Omslachtekst Yn dizze debútbondel fan Gryt Witbraad út Aldegea (W.) binne yn trije parten meiinoar tritich autentike fersen gearfoege:

Lês fierder »

Dagen

Dit is de twadde dichtbondel fan Gryt Witbraad út Aldegea (W.) Resinsjes (fragminten) Gryt Witbraad makket it eigen paadsje wol skjin, mar wat my oanbelanget

Lês fierder »