Wilkens, Piter

(© Foto: Niels Westra)

Piter Wilkens (1959) groeide op yn Marsum. Nei de LTS en MTS folge er de keunstakademy fan Grins en wurke jierren as timmerman en boukundich tekener. Sûnt 1995 is er full-time Frysktalich sjonger en lietsjesskriuwer.

Hy makke oant no ta in tsiental CD ’s en spile sa’n bytsje oeral yn Fryslân en fier dêr bûten. ‘Pitertuerlikens’ is syn earste bondel.

Fragminten út in fraachpetear
Al in jier as tsien skriuwt sjonger Piter Wilkens kollums foar lokale omrop De Boarnsterstim. Hoefolle minsken dêr nei harkje? Hûndert? “Lang net. Allinne de programmamakkers en wat famylje.”
No’t in seleksje fan dy kollums bondele is yn ‘Pitertuerlikens’ kinne ek oaren kennis nimme fan Wilkens as kollumnist.
/…/ “Minsken hawwe altyd yn de eigen taal songen. Dat is misgien mei de komst fan de popmuzyk, doe mienden de Nederlânske bands dat se dy út Ingelân neidwaan moasten. Der binne noch altyd minsken dy wolle datsty ferantwurdest foar it Frysk om’t se it oan de oare kant fan Wolvegea net ferstean. Dêr ha ik gjin boadskip oan. Ik ha yn Poalen ‘Dûnsje foar dy’ spile en dêr kaam it gefoel dat ik der ynlis ek oer.”
/…/ “Ik ha ris yn Ierlân yn in pub songen. Myn eigen ferskes, yn it Frysk. Dy Ieren fûnen it prachtich, se woenen hieltyd mear hearre. De iennichsten dy’t der útrûnen wiene twa Amsterdammers, want it wie Frysk en dat koene se net ferstean.”
/…/ “Ik wachtsje earst marris ôf hoe’t dizze bondel ûntfongen wurdt. De earste reaksjes binne posityf, as der no ek noch wat fan ferkocht wurde, komt der fêst in twadde. Mar ik wol ek noch wolris wat eksperimintearje yn de skriuwerij. Miskien dat ik nochris oan in rockopera begjin, dy binne der amper yn it Frysk.”
Piter Wilkens yn petear mei Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 31 maart 2006

Pitertuerlikens

Omslachtekst Healwei de jierren njoggentich waard Piter Wilkens troch Anton van der Wal en Pieter Banga frege om kollumkes te meitsjen en foar te lêzen

Lês fierder »