Willem Tjerkstra (It Heidenskip, 15 augustus 1943) skriuwt benammen romans dy’t op historyske feiten basearre binne. Foar in part foar jongerein, û.o. De marsbosk (1990) en De rie fan fjirtjin (1995) en foar in part foar folwoeksenen, û.o. Finzen yn bylden (1992). Fan syn trilogy Ridder fan Snits, histoaryske roman oer Rienk Bockema is yn 1999 it earste diel ferskynd, yn 2000 it twadde en yn 2001 it tredde diel. Yn 2002 ferskynde de roman Snijpunten en yn 2005Dokslepers.
Mear ynformaasje oer de skriuwer
Eigen website