Terpstra, Bauke

Biografy Bauke Terpstra 26-10-1970

Bauke Terpstra is berne yn Koatstertille. Hy is oant syn 40ste wurksum as lasker en planner by metaalbedriuwen. Mar troch oanhâldend hege prestaasjedruk stapt hy út de trêdmôle. Hy jout him folslein oer oan syn ropping keunst te meitsjen en priuwt troch de tiid hinne fan in grut ferskaat oan dissiplinen. It útwurkjen fan konstante observaasje en ynterpretaasjes dêrfan ferskoot fan it meitsjen fan byldzjend wurk oan de muorre en frijsteande objekten nei wurd en klank op papier. Nei it útbringen fan syn debút Miniskule Bjirkenbroekbosken komt it swiertepunt fan it persoanlik kreatief proses by it skriuwen fan gedichten te lizzen.