Sevenster, Simy

Simy Sevenster

 Wier 15 desimber 1944

Simy de Jong is as dochter fan in gernier opgroeid yn Wier, in doarp yn de noard-westhoeke fan Fryslân. Nei de legere skoalle te Berltsum, middelbere skoalle yn St.Anne en in jier de saneamde ‘Vormingsklas’ te Ljouwert, folge se yn it Ljouwerter Diaconessehûs in oplieding ta ferpleechster. Dêr hat se fjouwer jier wurke. Doe’t se mei Anton Sevenster troude, boer, gyng se werom nei Wier. Se hawwe dêr buorke oant de âldste soan it bedriuw oernaam. Simy en har man hawwe har doe in eintsje fierderop, yn de Mieden fan Minnertsgea ta wenjen set. 

Yn de tiid dat se op de pleats wennen hie Simy har eigen taken en wurke se mei yn it bedriuw, fral yn de lammerij.  Doe’t de bern noch lyts wiene helle se by de Afûk de akte Frysk. Dat kaam har letter goed fan pas doe’t se as ‘twadde tûke’ mei skriuwen begûn. Hat sels ek les jûn. Leafde foar toaniel en kabaret hie se fan thús meikrigen, har mem spile toaniel en heit skreau revu’s foar doarpstoaniel en gelegenheden. Sels spile Simy fan har sechstjinde jier ôf by de toanielferiening fan Wier. By de yn Fryslân ferneamde regiseur Pyt van der Zee folge se aktear- en rezjylessen en wie aktyf yn Pyt See syn eigen Wurkgroep Frysk Toaniel.  In tal jierren dêrnei die se mei oan in kursus toanielskriuwen dy’t organisearre waard troch it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), by dosint Bouke Oldenhof.

Har earste stikken skreau se foar in nijjiersrevue yn Frjentsjer (1984) en in revue foar it 75- jierrich bestean fan de Friese Maatschappij voor Landbouw (1983).

Se debutearre as skriuwster fan iepenloftstikken mei it stik ‘De reade hoanne op Lauta State’ dat yn 1987 opfierd waard yn de tún fan it Poptaslot yn Marsum. It jier dêrop skreau se foar de iepenloftspul-kommisje fan Menameradiel it stik ‘Wylde Rixt fan ‘t Oerd’.

Simy Sevenster ûntwikkele har ta in alsidich en betûft toanielskriuwster dy’t alle jierren wol ien of mear toanielstikken yn de foarm fan iepenloftspul, drama, revu, blijspul of toaniel foar bern of jongerein ôflevere.  Der binne stikken fan har útjûn troch de Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel yn Fryslân. Foar de St.U.F.T. set se ek stikken oer út it Nederlânsk yn it Frysk.

Allinne, mar ek yn ’e mande mei oaren skreau se Nijjiersrevu’s foar Frjentsjer. Û.o mei Hanneke de Jong:  Segen mei it jild (1994) en de nijjiersrevu 500!!! (1998).

Simy Sevenster skriuwt ek proaza en gedichten.

Fan 1978- 1995 reisbeskriuwings en koarte ferhalen (de Ferhalespuit) yn Gewas en milieubescherming. Fanôf 1980 steane der ynterviews fan har hân yn it Friesch Landbouwblad  en ek hie se dêryn de rubryk  Ut ‘e foarein  ûnder de skûlnamme ‘Setske’ fan 1980-2005. In seleksje fan dy stikjes ferskynden yn 2006 yn boekfoarm, dy’t ûnder de titel Ut ’e foarein 1 yn 2006 útbrocht waard. It twadde diel, mei de titel Ut ’e foarein 2 kaam in jier letter út.

Fan 1989 oant 1991 skreau se koarte ferhalen foar it blêd Frysk en Frij. Foar de F-side, de Frysktalige pagina dy’t tusken 1998 en 2006 útbrocht waard troch it Friesch Dagblad (FD) en de Leeuwarder Courant (LC) levere Simy Sevenster geregeld in bydrage yn de foarm fan in koart ferhaal. Ek skreau se foar it F.D. wol toanielresinsjes.

Foar it Friesch Dagblad levere se koarte ferhalen fan 1997- 2006 yn de eigen rubryk: ‘Libben op de tried’. 

Bydragen fan Sevenster yn de foarm fan gedichten binne ek opnaam yn in protte jiergongen fan de Fryske Skriuwerskalinder.

Yn de Bildtse Post die se mei oan de kollumsearje: Bildtspraak.  Fan 2010 ôf oant de Bildtse Post yn 2021 opheven waard.

Wurk:

Boeken:

1985 : Wimerklaas en Swarte Pyt (berneboek)

2006 : Ut ’e foarein 1 (samling kolums)

2007 : Ut ’e foarein 2 (samling kolums)

2017: Wier is it en Wier sil it bliuwe. Skiednisboek oer Wier

Ferhalebondels:

1996 : ferhaal yn 16 Fryske Winterferhalen (mei oaren)

1997 : ferhaal yn 18 Fryske Simmerferhalen (mei oaren)

2001 : ferhaal yn 21 nije Fryske Winterferhalen (mei oaren)

2003 : ferhaal yn  De riedsels fan it hert (mei oaren)

Gedichten:

2000 : fers yn Do bliuwst wol. Do wol (mei oaren)

2001 : teksten yn It libben rûn fan it Gysbert Japicxhûs (mei oaren)

2003 : fers yn Myn hert dat trillet my Gysbert Japiks 1603-2003 (mei oaren)

2007 : fers yn Flarden (mei oaren)

2009: Yn de see fan it libben (boek eigen gedichten)

Toaniel: (in seleksje)

1988 : De reade hoanne op Lautastate (iepenloft)

1989 : Wylde Rixt fan it Oerd (iepenloft)

1990 : De tongerdraak (iepenloft)

1990 : Idaerd fan ’e kaart

1991 : De sulveren rinkelbel (nei Waling Dykstra, iepenloft)

1992 : De Likedielder (iepenloft)

1993 : Tusken wâl en skip: Tsjerk Vermaning, libben en wurk (iepenloft)

1993 : Ferrie yn Ferwert (iepenloft)

1994 : Rûzje op ‘e Ryp ((iepenloft, bewurking nei Carlo Goldoni)

1995 : Giele knikkerts (foar bern)

1995 : It spoar op Hatsum (iepenloft, oersetting nei T. Maccius Plautus)

1998 : In klasse apart (jongerein toaniel)

1999 : Blau-Oranje Rottweilers (jongerein toaniel)

2000 : Frâns yn Fryslân (iepenloft)

2000 : De kwestje Jellema (ienakter)

2005 : Fluitje van een cent (Ned. Uitg. Vink)

2012:  De Smokkelers fan de Skâns, foar Mitselwier (iepenloft)

2017:  De Kaizerin. Bildts toanielstik over de mim fan de klaine kaizer Gerrit Keizer

2020: Fred.  Toanielstik oer ûnderdûker Fred Bruijn yn Wier

2022: Golf fan Onrust. (Bildts openlucht)

Oersettings foar de Stichting Utjouwerij Frysk Toaniel

1996 : Box en Cox (John Maddison Morton)

1997 : Eigen wei (Beppie van Zutphen)

1997 : Breidssuite (Anthony Marriot en Bob Grant)

1999 : Moard op de Nyl (Agatha Christie)

2000 : De froulju yn ús libben (Ton Davids); Yn ferbân mei Sophie (Nina Werkman)

2003 : It hûs te lyts (Jos Schepers)

2005 : Ferliezers (Ton Davids)

Prizen:

1994 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Kâld en wyt)

1995 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Tinne rôse núnder)

1998 : Rely Jorritsma-priis (ferhaal: It Apelhôf)

2003?:  Baas boppe Baas. T.v.searje by Omrop Fryslân. (Net alle ôfleverings, mar wol de measten.)
Sjoch ek: Sirkwy, Wikipedia

Golf fan onrust cover

GOLF FAN ONRUST

Inlaiding bij de inhoud fan Golf fan Onrust Beste besoekers fan’t openluchtspel Golf fan Onrust en andere belangstellenden De opdracht om ’n openluchtspel te skriven

Lês fierder »