Poortstra, Margryt

Margryt Poortstra (Harlingen, 18 maaie 1953) debutearre yn 1975 mei in roman, letter ferskynden fan har noch fjouwer romans, twa ferhalebondels en fjouwer dichtbondels en trije berneboeken. De skriuwster krige Rely Jorritsmaprizen foar poëzij en ferhalen. De roman Kâldfjoer (2002) ferskynt yn 2003 yn in Hollanske oersetting: Koudvuur. Yn 2004 ferskynt de romanSuster en yn 2006 de fersebondel Nomade.

Resinsinten skreaune oer har dichtwurk:

Har poëzij behannelet typysk froulike saken, mar is útsoarte net aardich en leaf (Trotwaer)

De wurden dy’t se brûkt steane as in hûs, en se klinke (Frysk Deiblêd)

Dizze dichter hat in grut taalgefoel, in bytiden perfekte timing en each foar it detail (Frysk en Frij)

Foto

(© Foto: Argyf Frysk en Frij)

 

Margryt Poortstra by in boekepresintaasje fan Frysk en Frij yn ‘e Prinsentún te Ljouwert, 17 augustus 1997.

Priuwke

DE SWANNEN

Se binne net op reis. Se binne.

Ik tekenje it finster om har hinne.
Ik snij dit pear mei flymskerp
langstme út. Sa wol ik wêze. Widzjend
op de fiver fan bestean. Sa wol ik
dat wy gean.

As ûnderweis nei brêge, mar ûndertroch,
as nei de see, mar dan sabeare.

Margryt Poortstra

Eva, gedichten, Margryt Poortstra

Eva

dichtbondel Omslachtekst Yn dizze Frysk-Nederlânsktalige bondel oer in syktocht fan Eva, de mem fan alle libbenen, kriget it tema frou/mem/dochter stal yn útienrinnende froulike persoanlikheden.

Lês fierder »
Ferhalen, In soarte fan swijen, Margryt Poortstra

In soarte van swijen

Ferhalebondel Ynhâld Trettjin sfearfolle en bytiden geastige ferhalen binne inte op it tema taal. Se geane oer wurden dy’t har net sizze litte wolle, oer

Lês fierder »
roman, De loads, Margryt Poortstra

De loads

roman Omslachtekst Wy hawwe lake en balte, de hannen om ‘e mûle as in toeter. Oeral hawwe socht om in iepening: in doar dy’t net

Lês fierder »
Margryt Poortstra, koudvuur, roman

Koudvuur

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Kâldfjoer) Omslagtekst Over de auteur en de Friese versie van Koudvuur: Poortstra heeft met deze sterke roman een nieuw

Lês fierder »
Margryt Poortstra, kâldfjoer, roman

Kâldfjoer

roman Omslachtekst ‘Fan ûnderen nei boppen wurkje ik, fan achteren nei foaren. Ik moat my ôfgryslik ynspanne om alles wer foar eagen te krijen. Mei

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Suster

roman Omslachtekst Yn dizze roman fertelt in frou dy’t wurke yn ‘e psychiatry har libbensferhaal oan har oerbeppesizzer. Se hie in sterke bân mei in

Lês fierder »
Suster, Margryt Poortstra

Zuster

roman (Hollandse vertaling van de Friestalige roman Suster) Omslagtekst Tijdens een logeerpartij bij haar zwangere achterkleindochter Marije vertelt de bijna honderdjarige Aukje over de jaren die

Lês fierder »
Nomade, Margryt Poortstra

Nomade

fersebondel Resinsjes (fragminten) Nomade ferskynde op 7 july 2006, ik wit it noch, want ik wie ‘krekt op ’e tiid’ en krige in ‘goede reis’ mei

Lês fierder »