Kingma, Sigrid

Fotografy: Rixt Kingma

Sigrid Kingma (Drachten, 1989) studearde Nederlâns en Frysk oan ’e Ryksuniversiteit yn Grins. Se hat foarsitter west fan stúdzjeferiening Skanomodu en wie hûsdichter by it blêd Skanoskrift. As Frysk dichter draacht se gauris foar by ferskate gelegenheden yn en bûten Fryslân.
Har ynteresse giet út nei de berneliteratuer dêr’t se yn 2012 foar Sirkwy Sympoasium in lêzing oer holden hat. Sûnt dy tiid resinseart se de berneboeken foar it Friesch Dagblad. Sigrid Kingma hat by ferskate tydskriften belutsen west as resinsint en kolomnist. Se debutearde mei de twatalige dichtbondel Reade triedleas/Red wireless.