(© Foto: Teake Oppewal)
Steven Hotse Pieter de Jong (* Ljouwert 1935) waard bekend as Frysk dichter, prozaïst en skriuwer fan boeken as De maagd fan Babylon (1980), In spylman op it binnenpaad (1999) en Swarte egen (2001). Yn 1992 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman De Wuttelhaven del (1989).
Yn de bondel En de inket sil útrinne is neist earder publisearre wurk út syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen dy’t net earder ferskynde ûnder it skift Sturtswylje.
De sammelbondel befettet mear as twahûndert fersen, uteraard ynklusyf de eksperimintele poëzij út De Jong syn quatrebras-tiid, it literêr tydskrift dêr’t er redakteur fan wie. De Jong seach fernijing yn dadaïsme en neorealisme.
De Jong wie learaar Nederlâns te Ljouwert, wenne yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum.
Achteryn de bondel En de inket sil útrinne is in CD tafoege mei sânentweintich fersen dy’t Steven de Jong lêst, earder opnommen en útstjoerd yn it ramt fan Operaesje Fers.
De samle fersen ferskine yn de rige Frysk en Frij Klassyk dêr’t ûnder oaren earder yn útkaam wurk fan Gysbert Japiks, Douwe Hermans Kiestra, Obe Postma, Douwe Tamminga, de samle fersen fan Tsjits Peanstra en Tiny Mulder.
Fragminten út fraachpetearen
Weekblad Actief Burgum:
Steven de Jong: “Gedichten binne de kearn fan myn wurk”
/…/Hy fertelt út ‘e holle: “Myn earste gedicht begûn mei de rigels: ‘Do bist berne ûnder myn fingers / en ik koe dy net’
Ik dichtsje gefoelsmjittich mei bylden yn ‘e holle, mar in gedicht moat letter wol mei it ferstân nei te folgjen wêze.”
/…/It wiene gjin maklik te begripen gedichten, mar letter waard De Jong syn wurk mear humoristysk en aforistysk. “Wol wat te ferlykjen mei it dichtwurk fan Reinder Rienk van der Leest. “Dus ik gie mei de moade mei”, glimket De Jong.
/…/”It âlde wurk wer lêzend, tocht ik: ‘Ik soe it no oars dwaan’, mar omdat it giet om sammele wurk, haw ik ynhâldlik neat feroare, op in inkel wurdsje nei”, leit De Jong út.
/…/Hy fielde him yn de jierren fyftich en sechtich thús by it wurk fan de dichters fan it tydskrift Quatrebras, dêr’t er sels ek redakteur fan west hat. Hja waarden ynspirearre troch dadaïsten fan foar de oarloch en troch Nederlânske dichters fan nei de oarloch, lykas Simon Vinkenoog, Rodenko en Lucebert. “De dadaïsten hiene in geweldige ynfloed yn de keunst. Wy moasten neat hawwe fan it saneamde klassyk wurk fan bygelyks Douwe Tamminga en Fedde Schurer. De bêste Fryske dichter is neffens my Jelle de Jong, ien fan de Quatrebras-dichters.”
Gerrit van der Meer, Weekblad Actief, 5 jannewaris 2011
Friesch Dagblad:
Dichtsje yn in rûzich literêr klimaat
/…/”Ik siet op ‘e kweekskoalle yn Ljouwert en moast it Frysk suver noch oanleare. By ús thús praten wy nammentlik Nederlânsk en Ljouwertersk.” Fanatyk makke De Jong him it Frysk eigen. “Wêrom? No, gewoan, ik fûn it in moaie taal, dêr woe ik ek yn skriuwe, krekt as ús heit dien hie.” Yn 1955 helle De Jong de Fryske akte. “Ik haw sels noch les hân fan Eeltsje Boates Folkertsma. Dy âlde knapen haw ik altyd wol heech hân. Douwe Tamminga en Fedde Schurer , literatoaren dy’t mei harren estetyske poëzij foar master opsloegen yn literêr tydskrift De Tsjerne, wiene idoalen foar my. ‘Dêr kom ik noait oan ta’, tocht ik.”
/…/”Ik haw as learaar Nederlânsk myn libben lang literatuer jûn, mar haw noait folslein de finger lizze kinnen op wat literatuer no echt is.
Myn learlingen lei ik it altydsa út: ‘Fjoer is it resultaat fan de ferbining fan twa komponinten: branje en suerstof. Poëzij kin sa net lykslein wurde mei foarm of ynhâld. Krekt yn ‘e ferbining fine jo it fjoer, it fjoer fan ‘e poëzij. Oan dat fjoer kinne jo noch noch sa’n soad wurden smoarch meitsje, úteinlik kin allinnich it lêzen fan in fers dy ferbining, dat fjoer opsmite of net. Fergelykje it mei in mop. Hoe kinne je dy no útlizze. Dy sit of dy sit net. En dêr sit dan ek noch in subjektive komponint by.”
/…/De fersebondel fan Rodenko ynspirearre De Jong enoarm. “It fassinearre my hoe’t minsken as Lucebert en Hugo Claus, en tichterby hûs manlju as Hessel Miedema en Jelle de Jong romte joegen oan taal. Sy setten taal breder yn syn betsjutting. Krekt dát woe ik ek graach besykje.” Mar ja, hoe begjinne je dan. De Jong naam him foar om in sa raar mooglik gedicht te meitsjen. “Gewoan hiel gek. It wie doe wenst om in hiel moai gedicht te skriuwen yn de tradysje fan de tachtigers. Mar dêr woe ik los fan komme. Mar skriuw mar ris in idioat gedicht. Dat is net iens sa maklik.”
‘Dû bist berne ûnder myn fingers / En ik koe dy net’ waarden de earste sinnen fan it fers sûnder titel dat eindiget mei in fjoerwurk oan wurden. “De earste twa sinnen rûgelen my út ‘e fingers. Eins hâlde se daliks al in program yn: fersen wurde net fan te foaren betocht, mar ûntsteane ûnder it skriuwen.”
/../De Jong bleau in libbenlang kritysk. “Ek al is it in abstrakt fers, it moat my wol wat sizze. Tagelyk, ás ik sels tefreden bin, hâldt dat noch net yn dat it in goed fers is.”
/…/Foar De Jong foarmet syn poëzij de kearn fan syn wurk. Yn de seis dichtbondels dy’t er skreau is syn eigen ûntjouwing yn in ûnrêstich (literêr) klimaat dúdlik te sjen. “De duorjende driging fan de kâlde oarloch en de atoombom yn de sechtiger jierren hie syn wjerslach op de minsken. De bondel Wankend stomp skreau ik yn in perioade fan pessimisme. De fersen út dy perioade binne eksperiminteel en yntuïtyf. Wat dat oanbelanget is de bondel Missing Link al in stik tagonkliker.” Under ynfloed fan it neorealisme, in streaming dy’t ynspirearre waard troch it deistich libben, skreau De Jong de bondel Popkes tekenje mei allerhande aforistyske fersen.
Gerbrich van der Meer, Friesch Dagblad, 19 jannewaris 2011
Leeuwarder Courant:
‘As ik skriuw bin ik abnormaal’
In skriuwer mei in konstant writers block, neamt er himsels. Sa no en dan is it block eefkes fuort en skriuwt er hurd in gedicht. Of – as it block wat langer weibliuwt – in roman.
Foar sa’n ien is 330 siden poëzij sa min noch net, soe men dêr tsjin yn lizze wolle. Mar Steven de Jong (75) is de earste om dat te relativearjen. “As je fyftich jier skriuwe hâlde je altyd wol wat oer. Sokken as Durk van der Ploeg en Trinus Riemersma skriuwe folle mear. Ik ha wolris sein: ‘As ik skriuw bin ik abnormaal, mar meastentiids bin ik helaas normaal’.”
/…/”Je skriuwe fanút in tekoart. As ik yn de supermerk hjir yn Burgum kom hear ik alderhande âlde minsken oer syktes en kwaaltsjes praten. Dat is gjin literatuer, mar as je der mei humor oer skriuwe, wurdt it dat miskien wol.”
/…/“Literatuer giet oer de dea, oer relaasjeproblemen, iensumheid, de sin fan it libben, it binne altyd deselde eksistinsjele fragen. Yn ien fan myn fersen haw ik it oer lusteangst. Tiny Mulder hie neat mei dy fersen op, neffens har wie it allegear lusteangst. Op sokke mominten bin ik bliid mei myn kompleksen, oars bleau der gjin literatuer oer. Sa’n tekoart is de motor fan it hiele libben.”/…/“Minsken kinne net sûnder literatuer. In oantal fan myn fersen giet oer eangst. Eangst is nuttich, dy kin in minske foar gefaren behoedzje, mar eangst kin ek ferlamje. Eangst is it belangrykste middel fan minsken mei macht.”
/…/”Literatuer is in kulturele wearde dy’t wichtich is foar de hiele beskaving. Dêr is fierste min omtinken foar yn Nederlân. Wy binne in keapmansfolk, wy freegje altyd earst: wat smyt it op?”
“Foar Fryske taal is literatuer miskien noch wol belangriker, sûnder literatuer bliuwt der neat fan ’e taal oer. As wy allegear oergean op it Ingelsk, krije wy in monokultuer, dan hawwe de minsken elkoar neat mear te sizzen.”
Sietse de Vries, Leeuwarder Courant, 28 jannewaris 2011