Hoekstra, Eric

Tekstomslach De floeibere bân:

Biografyske Noat

Eric Hoekstra hat earst besocht om himsels oan ’e man te bringen, en doe’t dat slagge koe de rest ek wol fuort. Yn 1992 ferkocht er himsels as slaaf oan it Beerta-ynstitút en dêr hat er sûnt net ien dei spyt fan hân. Oant er him yn 1999 oan de F.A. ferkocht.
Yn 1960 waard er by syn mem ûnder de rok weiskuord, ta fernuvering fan syn heit: dy krige der doedestiids fan it leger twa (2) dagen frij foar.
Yn 1997 ferkocht er ‘Dat zijn nou typisch Friezen’ oan in Hollânske útjouwer, nei’t de oarspronklik Ingelske ferzje ôfwiisd wie troch in Ingelske útjouwer om’t de ‘nammebekendens fan ’e Friezen yn Europa net grut genôch’ wêze soe. No moat it net mâlder! Der is noch hiel wat wurk foar Fryslân at Europa ien is, en Nederlân en Fryslân twa.

Yn 1960 krige er in heit en in mem, yn 1961 in suske, yn 1964 in broerke: de lêste is no syn saakwaarnimmer, en de earste koe syn foarbyld mar better folgje. Dizze feiten steane yn gronologyske folchoarder, dat is, de folchoarder sa’t dy de dichter yn ’t sin kaam.

De dichter soe as ‘de laitsjende dichter’ bekend stean wolle: wat in útdaging foar sa’n serieus en swiersettich persoan! Hy set net om ’e nocht it komplete wurk fan Nietzsche yn it Frysk oer. Syn goede alter-ego is Dr Tsjoen, oer de oare (Dr Gleon) kinne we it mar better net ha. Yn manuskriptfoarm hat er 4000 aforismen, 300 gedichten, 200 kolumns (koarte essees), 100 koarte ferhalen (fan Dr Gleon), ferskate resinsjes, 1 saaiens-fiksjen-boek en 1 berneboek yn ’e kast lizzen: dat it Beerta-ynstitút mei net kleie oer syn produktiviteit. Om mei in Fryske popsjonger en miljonêr te sprekken: Ik bin in gewoane jonge.

De floeibere bân

dichtbondel (debút) mei kommentaar per fers fan ‘e dichter Omslachtekst Yn De floeibere bân wurdt de poëzy foar de feroaring net sjoen as in medium

Lês fierder »

Bhagavad Gita

De Bhagavad Gita is een onderdeel van het omvangrijke epische gedicht de Mahabharata, geschreven door de wijze Vyasadeva en vertaald door Eric Hoekstra in zowel

Lês fierder »