(© Foto: Jelle Raap)
Klaas Feenstra (Nijlân 1929) út Burgum
Fragminten út in fraachpetear
‘Ik bin no sa’n tweintich jier oan ’t dichtsjen. Earder kaam ik der troch it wurk en sa net echt oan ta, útsein stikjes op rym foar bygelyks brulloften en partijen.’
‘/…/Ik rin faak, ek al is dat net altyd bewust, mei de gedachte om fan: “hé dat is moai, dêr moat ik in gedicht oer meitsje”. Dat kin by it aaisykjen wêze of sneins yn tsjerke.’
De titel heeft een diepere betekenis. Feenstra korrespondeert sinds 2000 met een Ghanees die gevangen zit in Thailand. ‘Neist brieven stjoere wy him sa no en dan ek in pakketsje ta. Op in dei seach ik in kondinsstreep heech yn ’e loft. Ik tocht soe ús pakketsje dêr yn ’t fleantúch sitte? Dy streep ferbynt ús meielkoar. Sa bin ik op “Hege flecht” kaam.’
Klaas Feenstra yn petear mei Sicko Hoogterp, Drachtster Courant, 5 maart 2008