Gerrit Damsma wurdt yn 1936 berne yn Boalsert. Hy giet foar de HBS-B-oplieding nei it Kristlik Lyseum yn Snits. Dêrnei folget in stúdzje foar it Steatseksamen Gymnasium-A. It doel is om teology te studearjen oan ‘e VU yn Amsterdam, mar Damsma komt – nei de militêre tsjinsttiid – lykwols telâne yn de sjoernalistyk.
Fan 1960 oant 1996 wurket Damsma as ferslachjouwer, sjef provinsjeredaksje en einredeakteur by it Friesch Dagblad. Jierrenlang skriuwt hy yn de wyklikse bylage Sneinspetiele in Fryske ‘column’ Yn ‘t foarbygean: kursyfkes út it libben fan al den dei. Fraachpetearen mei en
ferhalen oer ‘gewoane’ (mar nijsgjirrige) minsken ha syn foarkar.
Yn 1979 makket Damsma mei in grut tal lêzers fan syn krante in reis nei Israël. De krante-artikels oer dy reis wurde bondele en útjûn yn Dagboek uit Israël.
In bûtenlânske reis foar it Friesch Dagblad nei Kanada en Amearika bringt Damsma yn kontakt mei in protte (âld)emigranten en harren neiteam. Benammen de ferhalen oer it ûntstean fan it plakje Vriesland yn de steat Michigan yn 1847 sprekke him tige oan. Wa wiene dy earste pioniers, wêr kamen sy wei, hoe libben sy doe, wat wiene harren driuwfearren? De delslach fan jierrenlang ûndersyk kin men werom fine yn de histoaryske roman De beam fan belofte.