Willem Abma waard berne yn 1942 yn Folsgeare. Hy folge it gymnasium fan it Kristlik Lyseum yn Snits. Dêrnei die er teology yn Grins. Foech tweintich jier wie er learaar godstsjinst by it middelber ûnderwiis op It Hearrenfean en yn Ljouwert. Sûnt 1987 is er gespreksterapeut yn Drachten.
Abma krige yn 1973 de Gysbert Japicxpriis foar poëzij. Hy siet yn de redaksje fan ‘e literêre tydskriften Alternatyf en Trotwaer en fan Operaasje Fers. Oant 1982 publisearre er syn poëzij ûnder de skûlnamme Daniël Daen.
Fragminten út in fraachpetear
‘Wol ik my útdrukke dan haw ik inkeld de pinne ta myn foldwaan. Skriuwen is foar my te wichtich. En wêrom? Want it makket my selden gelokkich: as ik der mei dwaande bin net en as ik it dien ha net. Mar as ik net skriuw, bin ik noch minder gelokkich. Blykber slút it dochs oan by wat yn myn inerlik libbet.
/…/ It ultime fers skriuw ik net, libje ik net, mar stjer ik as ik de lêste siken útblaze sil. Do wytst dat siken en siele yn in soad talen itselde wurd foarmje. Nim it Hebrieusk dat foar beide begripen it wurd nefes brûkt. It ultime fers wurdt dêrom stoarn, net libbe of skreaun. Dêr’t azem en siele gearfalle ta in uterste, lêste, it sublime sa’t Longinus yn syn traktaat oer it sublime bedoelt.
/…/ As ik op de lêste fearnsieu weromsjoch falt my op dat der sprake is fan twa poalen: in hichtepunt en in djiptepunt. Tusken de Gysbert Japicxpriis fan 1973 en it jier 1999, doe’t in ûnbehearske stream fan ôfwizingen op myn paad kaam. Dêr tuskenyn in proses. Hoe hantearrest sa’n probleem dêrst ek sels in oandiel yn hast? Want, dêr is gjin twivel oer. Ik haw keazen foar distânsje dy’t my betiden in eufoar gefoel jout fan los en ûnôfhinklikens.
/…/ Miskien moat ik efterôf besjoen myn ferspijers wol tankber wêze om ta sok ynsjoch te kommen.
/…/ Ik bin fanwege dy foar my needsaaklike distânsje, gjin abonnee op Trotwaer of Hjir, gjin lid mear fan it Skriuwersboun, it Literêr Histoarysk Wurkferbân of it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum.
/…/ Yn safier’t skriuwen helpt my te ferwurklikjen, haw ik ambysjes. Foar mysels en net om oaren.
/…/ Ik gun elk syn literêre súkses. Súkses is moai op it momint. Op langere termyn hat it syn falkûlen. Dy krijst der ier of let op ta. Kollegaskriuwers: alle súkses mei jimme krewearjen en lit my mar mei rêst.’
Willem Abma yn petear mei Henk van der Veer, “Distânsje is foar my it biedwurd wurden”, Trotwaer, desimber 2000, nûmer 10