LITERÊR POADIUM
Op it literêr poadium fan Frysk en Frij wurdt poëzy en proaza pleatst dat net earder
publisearre is.
Ynstjoeringen kinne nei: 
post@frysk-en-frij.nl.
Do krijst altyd replyk.

intussen zit het kind in de boomwortel
bij te komen van wereldwijd

ik blijf staan tussen de wilde planten
het vermoeden van groei en snoei
aftasten, het mes pijnigen

hoe dat nestelt

de ooievaar schreeuwt de sloot vol
geluiden van eerder

wieg me maar
voor wat komt

Albertina Soepboer

ik kom net thús seit it bern en hy
leit no yn it skaad fan ‘e beammen

it swit stiet my oeral, ik soe neat mear
leauwe wolle, mar wy geane der oan sa

it bern fluitet de wyn op, de koelte
fan in ysko op in bankje ergens oars

ik hâld ús wekker, waarmte, betizing
op al dy kalme klaai ûnder myn rêch

Albertina Soepboer

SÛNDER TE WITTEN

Kocht in kaart fan Azië by Amsterdamsk antikwariaat
sûnder te witten dy letter kwyt te reitsjen,
skûle foar de rein yn katolike tsjerke
sûnder te witten lang stil te wêzen,
rûn fierder en makke selfy mei Spinoza
sûnder te witten him treffe te sillen,
wie eins op wei nei Sintraal Stasjon
sûnder te witten wêr en wêrom,
werkende in gevelnamme, Perdu? Wie dat poëzij?
sûnder te witten nei binnen stapt,
lies dêr in bondel ‘Sneller Langzaam’
sûnder te witten de lânkaartkoker te ferjitten
twongen troch honger op ’n paad nei de Spar
sûnder te witten snert ite te sillen,
siet as kleanmakker op bankje oan wetter
sûnder te witten kont fan beton te krijen,
folge de grêft en begûn te fluitsjen
sûnder te witten dêr fol fan te reitsjen,
sloech Kalverstraat yn, dûnsjend op lûden
sûnder te witten minsken te fermeitsjen,
skrok koart fan besef ‘myn koker is fuort’
sûnder te witten it paad werom nimme te meien.

Eelke Veltman

FOARSORTEARJE OP FERLINE

Do rinst foarút
op de saken
hâldst net stil
by it feit

dat der earst noch ierappels
kocht wurde moatte
foardatst dy sels tele kinst
dat der earst noch nei it waar
op radars sjoen wurde moat
foardatst de wolken lêze kinst
dat der earst noch jild
fertsjinne wurde moat
foardatst dat net nedich hast

Do rinst foarút
op de saken
fersakest blyn
dyn taken

om’tst mei de fyts
al foarsortearrest
op in lândykje
dat allinnich bestiet
yn in langst nei
in rûch fjild
dat mei skeppe
en bûge rêch
earlik bewurke wurdt

Do ferpânst dyn hert
mei hannen sûnder yl
oan dat wat ûngrypber
tichtby liket

mar oft dat fjild
foar dy noch bestean sil
is deselde fraach
as dy fan de houtkachel
dy’tsto al of net
brâne litte meist

Eelke Veltman

EARDERE PROJEKTEN

Black Lives Matter
—————————————

Celebrate your free language

Video Poems

Poems

Projekt Fier dyn frije taal fan Frysk en Frij

—————————————

 

LITERÊR-HISTOARYS ARGYF

Kulturele manifestaasje yn Bûtenpost

Dokumintaasje oer de dichteresse Rixt (Akke Hendrika van Dorssen) út har neilittenskip berêstend by har muoikesizzer Frans Zeilstra:

-notysjeboeken mei fersen

-fotoargyf

—————————————

 

Ferskaat

Projkt fier dyn frije taal fan Frysk en Frij
( 20 maaie 2016 )

Fraachpetear mei Leo Popma
(27 april 2013)

Ympresje boekpresintaasje Blessum – Albertina Soepboer
(Tsjerke Blessum, 27 april 2013)

Gelegenheidstongerpreek Blassum – Ds. Dick over ter Linden
(Blassum, 27 april 2013)

Gelegenheidstoaniel Wybenga
(Tsjerke Warten, 24 novimber 2012)

Sjoch fierder: Ferskaat-argyf