Greetje Bijma yn it Koepelteater op 20 maaie 2016

 

Frysk en Frij lit taalnoarm los

Johan Oppewal

Ljouwert – De taalnoarm fan it Frysk Wurdboek en de Afûk slút net mear oan by it deistige taalgebrûk. Dat fine se by Frysk en Frij. De útjouwerij  hat dêrom it beslút nommen om by takomstige útgaven wurden en sinskonstruksjes ta te stean dy’t oant no as ‘hollanismen’ te boek stiene en korrizearre waarden.

Dat makke de útjouwerij bekend op in literêre feestjûn yn it Ljouwerter Koepelteater, op 20 maaie. Wurdfierdster en presintatrise Janna van der Meer liet de goed hûndert oanwêzigen witte dat tenei de saneamde reade folchoarder yn sinsbou net mear taboe is, likemin as ‘sich’ en oare wurden dy’t al lang ynboargere binne, mar yn it skreaune Frysk noch net tastien waarden.

Dizze wiziging yn it belied passet krekt by it motto Fier dyn frije taal, dat Frysk en Frij oanhâldt yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. De minsken binne der net foar de taal, mar krekt oarsom. De feestjûn yn it Koepelteater stie helendal yn it teken fan dit tema en is de ôftrap van in hiele rige aktiviteiten. De jûn waard ynlieden troch sân bern fan ’e Willem Alexanderskoalle te Ljouwert, dy’t in selsmakke fers foardroegen. Bysûnder hjirby: de gedichten wiene net allinnich yn it Frysk mar ek yn it Nederlâns, Ingels en it Poals.

De jûn liet in bûnt ferskaat oan literêre en muzikale optredens sjen, mei as absolút hichtepunt stimkeunstnares Greetje Bijma. Sy joech in folslein eigen ynterpretaasje oan gedichten fan Janna van der Meer. Bijma kin mei har stim wêr’t in synthesizer en in heel orkest mei-inoar noch net oan tippe kinne. Folslein unyk. ‘Spetterjende klankkleuren’ hie de organisaasje beloofd en dêr is neat te folle mei sein.

Tusken de optredens fan Bijma troch wie der plak foar âld en nij. Foar de âldere generaasje liet skriuwer-skilder Reinder van der Leest him ynterviewe oer syn byldzjend wurk. Mar Frysk en Frij soe syn reputaasje tekoart dwaan as der ek net plak wêze soe foar nij talint. En watfoar! Debutante Sigrid Kingma presintearre har earste dichtbondel Reade triedleas.  Kingma is net helendal ûnbekend yn literêre kring. Mei dizze bondel, dy’t se mei flêr sels presintearre, lit se sjen dat de takomst noch heel wat moais yn it fet hat foar it – tenei dus wat frijer – Frysk.