Op sneon 29 oktober o.s wurde sân útjeften fan Frysk en Frij presinteard yn it Stedhûs fan Frjentsjer:

IT SKET FAN TOUSSAINT
roman fan Leo Popma
bekroand mei de Rink van der Veldepriis – 2022
mei in eachweid oer it oeuvre fan Popma troch Meindert Reitsma,
adviseur Fryske literatuer by Tresoar.

Leo Popma

Ut it sjueryrapport Rink van der Veldepriis 2022:

“It is in boek om meardere kearen te lêzen, om te genietsjen fan de styl en ek om fet op it ferhaal te krijen. As lêzer moatst de kop derby hâlde, dochst bliuwst trochlêzen. Oft it ek foar in breed publyk is, sa’t ien fan de betingsten is witte we net rjocht. We sizze: nim de muoite. Lykas de titel fan dit rapport al oanjout: ‘Krijst it net kado.’ En dat is krekt et it nijsjgjirrige oan it boek fan Popma.”



IN GESPREK MET MIJN MOEDER
roman fan Bert Bakker
fiksje en non-fiksje oer Riek Bakker-Dik, widdo fan rjochter Abraham Bakker
– neisleep fan Kamp Vught en in Amsterdamske hongerwinter.

Bert Bakker

Aan mijn lieve Moe

Bloemen komen wij u strooien
Bloemen onzer liefde en vreugd
Om uw levenspad te tooien
Met de gaven onzer jeugd

Want uw feestdag, lieve moeder
Groeten wij u met bede en lied
En wij danken d’ Albehoeder
Die genadig op ons ziet

En wij smeken om zijn zegen
Op ons vriendelijke huisgezin
‘t Heerlijk loon door U verkregen
Voor uw zorg en Moeder min

Uwe liefhebbende Rika
(Henderika Egberdina Dik, Amsterdam, 18 december 1913)

Yn In gesprek met mijn moeder, fan Bert Bakker wurdt in froulik perspektyf sketst yn ’e Twadde Wrâldoarloch, dat is it sicht fan Bakker syn mem Henderika Gerardina Dik (Riek), in Amsterdamse dy’t yn ’e famylje P.S. Bakker fan Bûtenpost troud.
Har man, Abraham Bakker, wegeret as griffier by de rjochtbank te Assen tsjinsten oan ’e Dútse besetter en dûkt ûnder; Riek wurdt mei de fiif bern oppakt en ynterneard yn Kamp Vught.
It is in twastimmich ferhaal, d.w.s. dat gjin ûnderskie makke wurdt tusken fiksje en non-fiksje.
Sjoch ek:
Genealogy Bakker
Kronyk Bakker



DE SNEINENDE ZONDAGEN
fersen fan Aggie van der Meer
Nederlânske oersettingen fan Jan Corporaal, Tytsje Hibma
en Jan Popkema
mei in skôging fan Jan Popkema.

De Sneinen – De Zondagen, gedichten, Aggie van der Meer mei Nederlânske oersettingen.

De fersen binne skreaun by alle sneinen fan it tsjerklik jier en kamen yn 2012 út yn in ko-produksje fan Uitgeverij Elikser en Utjouwerij Frysk en Frij. Elikser hat har rjochten op 7 maart 2022 oerdien oan Utjouwerij Frysk en Frij.
It doel fan ’e Nederlânske fertalingen is – neist de literêre wearde – benammen it gebrûk yn ’e praktyk te fergrutsjen, lykas yn tsjerklike liturgiën.

In part fan De Sneinen is op oratoariummuzyk set troch Hoite Pruiksma ûnder de titel It lân achter it each fan de nulle.
As it troch fûnsen finansjeel mooglik makke wurdt, wol Frysk en Frij dat part graach útfiere litte.



FERRIN
twatalige poëzy fan Albertina Soepboer

waar zou je anders over zingen wanneer een bommenwerper
de bus bijna kaalscheert –

Albertina Soepboer

herinneren

er is deze herinnering
dat iemand het woord zonlicht
opschreef, zacht, zo zacht
en daarna begon
te zingen

roekeloos
dwars door
weilanden
groenzinnig

waar zou je anders over zingen
wanneer een bommenwerper
de bus bijna kaalscheert

een klont in mijn buik
verfrommelt tot grenzen

er is deze herinnering
en zacht begin ik te zingen



DICHTERSLEAFDE
komposysjes fan Rixt van der Kooij
op gedichten fan Heinrich Heine
yn oersetting fan Fedde Schurer
útfierd troch bariton Daniël Hérman Mosterd

Rixt van der Kooij
Rixt van der Kooij

Frysk en Frij fiert mei stipe fan ’e Provinsje Fryslân in Heine-projekt út. Rixt van der Kooij set oersettingen fan Fedde Schurer fan lieten fan Heinrich Heine op muzyk.
Dêrby wurdt it Fryske keunstliet útwreide yn ’e tradysje fan Paulus Folkertsma en Aafke Komter-Kuipers.
De syklus omfiemet sechstjin lieten foar bariton en piano ynspireard troch Dichterliebe fan Robert Schumann. Van der Kooij komponeart yn in let-romantysk ynspirearde styl dy’t betiden dissonant útfalt al nei’t de ynspiraasje út de tekst wei dêrta útnûget.
De útfierenden binne Daniël Hérman Mostert, bariton, en Rixt van der Kooij, piano.

De pianiste en komponiste Rixt van der Kooij lit har graach ynspireare troch de fertalingen fan Schurer. Sa skreau hja sykly fan trije lieten ûnder de titel Earme Peter (2009) en Trije blommelieten (2009) foar middenstim en piano. Op it stuit is hja te set mei syn Heine-oersettingen – in klasse apart.



GOLF FAN ONRUST
teneel fan Simy Sevenster over de Bildtse erbaaiersbeweging
met as hoofdrolspeuler Germ van Tuinen, foorsitter fan Broedertrouw

Kyk, alles wat de boer sait, hè wij maar te doen. Ans kinst opdondere. Dan hest niks meer.
De húshouwing mot wel deur de tiid
. –

Simy Sevenster

Fan Simy Sevenster kwam fan ’t seumer hur twaalfde openluchtspel út. Dat worde opfoerd in ’e Westhoek fan St.-Jabik in ferknipte form.

Bij Frysk en Frij ferskynt de oarspronklike tekst digitaal, sien: Golf fan Onrust
Simy Sevenster skriift dêr ’n niet te ontkommen inlaidinky bij.



IT BERIN FAN DE DINGEN
debútdichtbondel fan Peter Popma

Foar ús ien tel net mear mar fol ûnthjitten

De debútbondel It berin fan de dingen fan Peter Popma (Warkum 1941) draacht 32 fersen yn fjouwer skiften oan.
Dit dichtsjen omfiemet omgong mei sibbe en natuer. Yngeande ferhâldingen binne natuerlikwei bêde yn in mingeling fan rêst en tagelyk omdoarmjen, loslitten en ferlet.
De bondel yntrigeart lykas it libben sels, ropt eksistinsjele fragen op, langjen nei oare fierten. Sil it net by dit ripe begjin bliuwe, floeit der in ferfolch út – dat is libbene literatuer.

Peter Popma

Do bist sa fleurich

Wat bisto fleurich
it libben rûst yn dy                                
it libben brûst yn dy
it hat sa’n smoutsjend plak by dy 
do bist sa fleurich

Wat bisto fleurich
it libben djoeit yn dy                
it libben bloeit yn dy
it kriget syn gerak by dy
do bist sa fleurich

It libben is sa hiem by dy
sa ien en mien mei dy
it is alhiel teplak by dy
do bist sa fleurich


Utstallingen


FILT EN FERSEN

Filtwurk fan Aafje Bouwer mei fersen fan Tsjisse Hettema
dit wurk hat resulteard yn ’e bondel Hewwy dàt, lês en sjoch de hiele bondel



HANNEL FAN HETTEMA

Yn ’e midsiuske kelder histoarysk oersicht famylje Hettema, saaklik en persoanlik as Ierdappelhannelshûs Hettema Zonen (1898), sûnt 1999 HZPC – 125-jierrich jubileum 2023.
Sjoch:
Hettema famylje
Hettema bedriuw
Sûnt 1999 HZPC, sjoch ZPC