Op sneon 29 oktober hie de presintaasje plak fan sân Frysk en Frij-projekten. Jan Dijkstra, wethâlder fan kultuer fan ’e Gemeente Waadhoeke, iepene dit Literêr te gast yn it âlde Stedhûs fan Frjentsjer. De manifestaasje stie ûnder lieding fan Nynke Andringa, foarsitter fan ’e Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij.
Dêr kamen sa’n hûndert minsken op ôf.
Klik hjir foar in ympresje fan Literêr te gast.

Wethâlder Jan Dykstra wurdt fleurich fan ’e grutte opkomst

Wethâlder Dykstra beljochte it belang fan it krewearjen fan ’e stichting, dy’t syn statutêre sit midden yn syn gemeente hat: te Bitgum (kantoar te Ljouwert). Dykstra achte it beskriuwen en behâld fan famylje- en bedriuwsargiven hjoeddedei fan grutte wearde. En benammen dat Erfgoed Fundaasje it histoarys guod net ferburgen hâldt, mar sjen lit.
De Stichting Erfgoed Fundaasje is op 30 septimber 2021 fuseard mei de literêre útjouwerij Stichting Frysk en Frij, omdat gearwurking yn personiel en bestjoer inoar al jierren oerlapen.
Nynke Andringa neamde sprekkende foarbylden fan projekten op it mêd fan skiednis èn literatuer. Hja seach dêryn fruchtbere krúsbestowings, en kaam mei aktuele foarbylden.
Sa is by de digitale útjefte yn septimber fan 2022 fan iepenloftspul Golf fan Onrust fan Simy Sevenster gâns achtergrûnynformaasje te finen yn de Genealogy Van Tuinen oer Gêrm van Tuinen, foarsitter fan Broedertrouw – it earste Nederlânse arbeidersfakbûn – en de skrinende earmoed fan ’e njoggentjinde iu yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik.
By de te ferskinen roman fan Bert Bakker, In gesprek met mijn moeder, binne de Genealogy Bakker VII.16 en de Kronyk Bakker nuttige hâldfêsten.

Dykstra riede de oanwêzigen oan om de tentoanstelling oer Ierdappelhannelshûs Hettema by dit enervearend fol programma foaral net oer te slaan. Hy helle even in persoanlik oantinken op doe’t er as jongfeint de ierdappelbalen fan Hettema op ’e rêch hie. Dy útstalling is yn ’e midsiuske kelder fan it Stedhûs, dêr’t de Stichting yn ’e mande mei it Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene permanint erfgoed sjen lit.
De grutte opkomst beskôge Dykstra as in utering fan ’e fitaliteit fan ’e stichting.