DAT DIT DAN KIN
Dit leaf beding dat is der no net mear
dêr kin gjin Bitgumer tsjinoan regeare
at ik dan net onwennich wie
o leave Heare
dan binne Jo it wol
– wy meitsje der mar wer in moaie dei fan
en priuwe altegader boppedat
dat wat ús ierde no ferskaffe kin
yn ditte deagewin
evensagoed sa klear as rjappelskea.

OERLADEN DIT EN DAT
Ferplichte bin ik ta it stil gebed
by dit oansette miel net nee
want Tsjisse is der net
ik kôgje alle kweekte setters troch dat wol
– wy geane doarmjend oer dit stee
gjin wurd ferlet
want yn dyn dagen binne wy.

DAT IVIGE GOEDKEAPE GRAPKE
Hoe soe ik dan in fleuriger gesang útstjitte
ta dizze himel fan it deagewisse
– wat sil ik misse
dat is dan dit
en dat is Tsjisse.

EN BOPPE-AL DAN DAT
Do hast it sein
sa net, dy oargelwurden binne yn dyn mûle lein
– ik weet ook wel getrouwe Heer,
dat Gij hebt overwonnen –
do lakest no alwer
yn wite klean?
wy witte seker dit net dat
dêrom
dat wy in-oar bestean
hoe tichteby is dat
no Tsjisse?

Goasse Brouwer