Kocht in kaart fan Azië by Amsterdamsk antikwariaat
sûnder te witten dy letter kwyt te reitsjen,
skûle foar de rein yn katolike tsjerke
sûnder te witten lang stil te wêzen,
rûn fierder en makke selfy mei Spinoza
sûnder te witten him treffe te sillen,
wie eins op wei nei Sintraal Stasjon
sûnder te witten wêr en wêrom,
werkende in gevelnamme, Perdu? Wie dat poëzij?
sûnder te witten nei binnen stapt,
lies dêr in bondel ‘Sneller Langzaam’
sûnder te witten de lânkaartkoker te ferjitten
twongen troch honger op ’n paad nei de Spar
sûnder te witten snert ite te sillen,
siet as kleanmakker op bankje oan wetter
sûnder te witten kont fan beton te krijen,
folge de grêft en begûn te fluitsjen
sûnder te witten dêr fol fan te reitsjen,
sloech Kalverstraat yn, dûnsjend op lûden
sûnder te witten minsken te fermeitsjen,
skrok koart fan besef ‘myn koker is fuort’
sûnder te witten it paad werom nimme te meien.

Eelke Veltman