Medisyn tsjin swierrichheid

Sjoch sjoch der zappe blauwe libellen
boppe in modderpoel yn myn mage
saniis stie ik der noch yn, dêr
sweefden se en bleaunen yn libben
wêze as dy blauwe libellen
in grap fan de blabs meitsje
mei in freulich roeiboatsje
sêftkes laitsjend rioalen bereizgje
sis nochris sêftkes soele zapkes
want sa wachtsje dêr de dagen
de dagen dy’t draachliker wurde
mei blauwe libellen yn dyn mage
lykas mei kalkoenen yn ’e strôt
dy’t swier gekrimmenear licht meitsje
och och it is dochs gedoch om neat



Paradys

Jara wrottet
hannen fan ierde
se groetet mei
sprekkende eagen
fierder fiert de wyn
                  it wurd

sy lit
       radyskes sjonge

wy wurde mei-inoar
wy wurde mei-inoar

slikje fan de loft ’e
fielt frij

radyskes krije in kleur

binne wy
it paradys
of binne we
ûnderweis?


oan ’e ein
wie dêr dy dei


se begjinne te switten
Jara’s tsiisfondu stiet klear
(as in himelske hazze
of in knyn mei kryst)

wy wurde mei-inoar
wy wurde mei-inoar

in bittere neismaak
    sâlt fan ’e ierde

Wat hat opiten wurde
al dy tiid
betsjutten?


Wrachtich! Wrâldnijs

As ien syn hiele libben lang op itselde spultsje buorket

Dan is in foks dy’t by de boskrâne delstrúnt wrâldnijs
want ien sjocht dy foks dêr foar it earst

Dan geane jonge sweltsjes net dea troch de gleone sinne
want ien hellet se ûnder de izeren dakplaten wei

Dan is sliepe yn ’e steancaravan op it hiem as op fekânsje gean karavan
want ien heart dêr gjin gûnzjende lûden fan ’e molktank

Dan is it gjin tafallichheid dat ien trout mei Candy
want, wrachtich, sy jout nammen oan al syn fyftich kij!