Kulturele Manifestaasjes

Foto´s: Willem Mook 

Op sneon 13 septimber 2014 hie in literêr-kulturele manifestaasje plak ûnder de namme
K-onTOER

in nij konsept dat op reis giet troch Fryslân.

K-onTOER brocht op sneon 13 septimber yn en om de Laurentiustsjerke yn Kimswert kontoeren fan Keunst yn kaart, foar jong en âld (10.00 – sutelaksje yn ’e mande mei pleatslike sutelders – oant 21.00 oere).

Twa kear yn ’t jier giet útjouwerij Frysk en Frij nei in doarp ta – tenei trouwens wer ûnder de namme Frysk en Frij, omdat dy bekend en betroud is. Yn ‘e mande mei kulturele kommisjes, de doarpsmienskip, skoallen en oare gadingmakkers út de omkriten wurdt in kulturele manifestaasje opset.

Foar fynpriuwers binne der cross-overs: poëzij, proaza, muzyk, film en teater fine inoar op it poadium. De eigen kultuer en skiednis fan it doarp krijt rom omtinken. Ek byldzjende keunst ûntbrekt net. Neist dat grut ferskaat is der foar de bern in poëzyworkshop, toaniel, spultsjes en in lesbrief foar de skoallen.

Yn 2015 binne de manifestaasjes yn
-Bûtenpost op freed 29 maaie yn ’e Mariatsjerke, 15.00-21.00 oere
-Warns op freed 18 septimber yn De Spylder, 15.00-21.00 oere.

De organisaasje is yn hannen fan Stichting Utjouwerij Frysk en Frij, dat hâldt lykwols net yn dat de bydragen allinne komme fan skriuwers/keunstners út it fûns fan Frysk en Frij, krektoarsom: dit konsept beëaget in sa breed mooglik Frysk literêr en kultureel grienmank út ûnderskate rûnten en ferbannen.

Kimswert 13 Septimber

Herke Tigchelaar sjongt eigenmakke teksten.
Byldzjend wurk is te sjen fan Sytse Jansma (audio-fideo), Elmar Kuiper, Reinder R. van der Leest, Aggie van der Meer, Margriet Reinalda (audeo-fideo), Matty de Vries en Gryt Witbraad

Kimswert 13 Septimber

Hoite Pruiksma jout in taljochting op syn oratoarium dat er komponeard hat op poëzy fan Aggie van der Meer – ûnder oaren út de bondel De Sneinen. Underwilens lit er dêr fragminten fan hearre

Kimswert 13 Septimber

Aggie van der Meer, dichter fan De Sneinen

Kimswert 13 Septimber

Elmar Kuiper fertelt oer syn film Stoarm
Sytse Jansma (links) hat de middeis de lieding

Kimswert 13 Septimber

Underskate skriuwers en dichters komme foar it buordsje mei in fers inte op it tema ‘lânskip’, ûnder oaren de Kimswerter Meindert Bylsma.
En fierders: Sytse Jansma (mei oargel fan Jaep Meems), Elmar Kuiper, Remco Kuiper, Albertina Soepboer (út har nije bondel herbarium, dy’t yn desimber 2014 ferskynt) en Gryt Witbraad.
Leo Popma lêst út syn nije roman dy’t op kommende wei is

Kimswert 13 Septimber

Jaep Meems bespilet it oargel, makke troch Willem Hardorff yn 1858, restaureard yn 2013

Kimswert 13 Septimber

Reinder Politiek liedt in histoarise kuier oer doarp en tsjerke

Kimswert 13 Septimber
Kimswert 13 Septimber

Muorrenfol ferhalen

Kimswert 13 Septimber

Dûbelkwartet Jubilate Teatske sjongt twa gedichten: Kastanjes fan J.H. Brouwer en Thalassa (yn Fryske oersetting) fan Geerten Gossaert

Kimswert 13 Septimber

Presintaasje fan twa nije útjeften: Matty de Vries har nij berneprinteboek Piter, Pom en pake Pleister, Marijke de Haan har nijste dichtbondel De Brekken. Albertina Soepboer ynterviewt de skriuwsters

Kimswert 13 Septimber
Kimswert 13 Septimber

Willem Schoorstra bringt flambojand wurk út syn roman oer Grutte Pier dy’t er op priemmen hat

Kimswert 13 Septimber
Kimswert 13 Septimber

Oan ’e ein fan ’e kulturele jûn wurdt troch tsien dichters ta oantinken oan Tsjits Peanstra har fers In memoriam lêzen.
Tsjitske Jonkman-Nauta, berne Poetsmastate op Pean yn ’e Suorein ûnder Grou 6 novimber 1926, ferstoarn Drachten 28 febrewaris 2014.

IN MEMORIAM
út Neierhân, Samle fersen, Frysk en Frij, 1999 – manuskript 6 augustus 1987 (wie net earder publiseard)

Jelle Bangma:
Wy wienen bern, wy boarten yn it sân,
ús heit siet yn ’e jister op ’e tuolle

Meindert Bylsma:
of wie mei hynders earne yn it lân,
wy soene altyd fierder boartsje wolle.

Marijke de Haan:
Sa op in pleats joech dat in hechte bân,
as om ús hinne de swart-bûnten weiden.

Sytse Jansma:
Dat is it byld fan ’t Fryske wetterlân,
it reid, de mieden en de griene greiden.

Remco Kuiper:
Der is sa’n soad wat no de tiid net seit,
ik ha dêrfoar net folle wurden nedich,

Leo Popma:
ús bliuwt it byld fan doe mei mem en heit
en ús bestean dêr, goed en evenredich.

Willem Schoorstra:
No’t letter stoarmen kamen oer de mar,
moasten wy wol de heger wâl beroeie

Albertina Soepboer:
en yn de noeden om en foar elkoar
ek yn it leed elkoar ferstean en groeie.

Matty de Vries:
Wy wienen bern, wy boarten yn it sân
en yn it lân it fee: de kij, de bolle;

Gryt Witbraad:
dêr is ús heit, hy nimt my by de hân,
sa soe ik altyd mei him kui’rje wolle.