Jo sille gjin stimmen stelle
Myn freondintsje fertelde oait
in ferhaal oer in klasgenoat,
in gedicht oer syn fyts.

No, ik woe dat lêstdeis ek dwaan,
in gedicht skriuwe oer myn fyts,
mar ik koe it net.

Want:
neiaapje is foar in dichter taboe,
jo sille gjin stimmen stelle.

Al is der neat nijs ûnder de sinne, sei Prediker.
Dêr referearre myn dosint altyd oan,
mar hy referearre teminsten.

Wurden meist stelle,
sinnen wurdt al gefaarlik,
tinzen is in probleem,
gedichten kinst net jatte:

de ûnbedimme langst
om poëzij te fangen yn wurden
kin net stille wurde
mei de stim fan in oar.


Fan wa haw ik dat?

Eelke Veltman