ik kom net thús seit it bern en hy
leit no yn it skaad fan ‘e beammen
it swit stiet my oeral, ik soe neat mear
leauwe wolle, mar wy geane der oan sa
it bern fluitet de wyn op, de koelte
fan in ysko op in bankje ergens oars
ik hâld ús wekker, waarmte, betizing
op al dy kalme klaai ûnder myn rêch
Albertina Soepboer