Do rinst foarút
op de saken
hâldst net stil
by it feit
dat der earst noch ierappels
kocht wurde moatte
foardatst dy sels tele kinst
dat der earst noch nei it waar
op radars sjoen wurde moat
foardatst de wolken lêze kinst
dat der earst noch jild
fertsjinne wurde moat
foardatst dat net nedich hast
Do rinst foarút
op de saken
fersakest blyn
dyn taken
om’tst mei de fyts
al foarsortearrest
op in lândykje
dat allinnich bestiet
yn in langst nei
in rûch fjild
dat mei skeppe
en bûge rêch
earlik bewurke wurdt
Do ferpânst dyn hert
mei hannen sûnder yl
oan dat wat ûngrypber
tichtby liket
mar oft dat fjild
foar dy noch bestean sil
is deselde fraach
as dy fan de houtkachel
dy’tsto al of net
brâne litte meist
Eelke Veltman