OP REIS NEI IERDAPPELLANNEN – MEI INKE EN INKA

2 maaie 2023

Toniel foar groep 7 en 8.
Tekst: Frysk en Frij Kollektyf.

Yn it ramt fan it projekt De keunstmjittige ierdappel?

Doel:
Foarljochting oer de ierdappel fia skiednis, geografy en iten.
It stikje is bedoeld as in ramt, in opset foar tapaste stof foar in spesifike groep. Kin as sadanich oanpast wurde neffens omstannichheden en aktualiteit.

Punten fan besprek
Besprutsen wurde ûnderwerpen dy’t de bern n.o.f. it tonielstikje nei foaren bringe, en fierders tema’s, lykas:
-tiidferskil: anno 1023 tsjinoer anno 2023
-diskriminaasje/útsluting
-ferskillende kultueren, spegele yn ’e ûnderskate gerjochten (sjoch hjirnei)
-it eigen meitsjen fan in nije taal: Frysk en Nederlâns.

Ferskillende ierdappelgerjochten
De bern wurdt frege om in maklik ierdappelgerjocht mei te nimmen, net te folle. Dy hearlikheden wurde keunstich útstald op in tafel midden yn ’e romte. En as it yn ’t stik sa útkomt presinteard.
Suggestjes:
Fryslân: kâlde ierdappelsalade
Somalie: frituerhapke
Suriname: rotihapke
Syrië: pankoekje
Ukraïne: pankoekje.

Twa kear spylje yn ien groep
As de groep sa’n tweintich of mear bern beslacht, kin it stikje twa kear opfierd wurde.
De iene helt is dan publyk foar de oare helt.
Nei it opfieren fan it stik kinne de bern fertelle wat se derfan fine: it spyljen, it snappen fan ’e ynhâld, ensfh.
 
Rollen
-Inka en Inke, indianen út Peru, berne yn 1023, dy’t de ierdappel dêr kweke.
Binne Inka en Inke jonge en famke? Famkes of jonges? Sels mar witte.
Se binne beide toait mei fearren; no út ’e tiid, mar yn om 1000 hinne deistige dracht.
As dy rollen te dreech binne foar learlingen – wol in moaie útdaging oars -, kinne se spile wurde troch twa learkrachten.

-Tsien bern ha in rol. Neist bern út Fryslân, spylje bern mei in oare achtergrûn, it is mar krekt hoe’t de groep gearstald is. Yn ûndersteand stik komme bygelyks bern oan bod út Somalië, Syrië en Ukraïne.
Achtergrûnen binne hjir fierders:
famkes:
Fryslân: Wytske, Tess (Nederlânstalich, besiket no en dan ek Frysk)
Suriname: Sandra
Syrië: Nour
Turkije: Fatma.
Jonges:
Fryslân: Sem (Nederlânstalich, besiket ek Frysk), Sjoerd
Somalië: Jamal
Suriname: Maikel
Ukraïne: Vitaly.

Ferklaaïen
De bern binne ferklaaid neffens eigen ynsichten.
Ferklaaiersklean kinne brûkt wurde fia Frysk en Frij.

Tarieding
De tekst wurdt yngeand mei de bern trochwrotten. Dêrby wurdt dúdlik wat de bern net dúdlik is. It tonielstikje kin dêrneffens moai feroare wurde, sawol fan wurdkar, toan, as ynhâld. Helje eventueel te skerpe kantsjes derôf, fûgje oare skerpe kantsjes ta. De tekst kin allyksa troch de learkracht ynkoarte wurde.
Keazen wurdt foar de ûnderskate talen/dialekten dy’t de bern brûke: Frysk, Nederlâns, Ingels, dialekt (Bildts, Franekers, Hylpers, Luwarders, Stellingwarfs).
By net-Frysktaligen kin besocht wurde har Frysk prate te litten. Meitsje dêr yn dat gefal in grappige fertoaning fan.
De tongslach fan Inka en Inke is wat âlderwetsk Frysk. Learkrachten kinne byneed de wurden ferklearje en/of feroarje: bygelyks eartiids yn froeger.

Farianten
Boarte wurdt mei ûnderskate synonimen fan ’e Solanum tuberosum, de ierdappel (= in standertfoarm). Ferskillende farianten fan útspraak en stavering wurde brûkt: earpel, ierappel, ierdappel, ierpel, irpel, jerappel, jirappel, jirpel, rjappel, rejappel.
Fatma: kin alle foarmen trochinoar beuzigje
Inka en Inke sizze: ierappel
Jamal, Nour en Wytske: jirpel
Maikel en Sandra: irpel
Sem: earpel, letter jerappel
Sjoerd: jerappel, sjappy
Tess: pieper, rjappel
Vitaly: ierpel.

De bern stean yn in heale sirkel op folchoarder fan foarnamme op alfabet. Dy’t oan ’e beurt west ha, rinne achter Inka en Inke oan.
Inka rint earst by se lâns, mei in ûnbidige yndianetoai en in hele grutte ierdappel (makke fan papiermasjee) en in dito mikrofoan.
Hoe’t it fierder rint? De bern kinne sitten gean, mar ek om ’e tafel mei iten stean. Guon wize lannen op ’e globe oan, oaren op ’e lânkaart.

INKA [batst deryn, bolderet:] Hee! Wêr binne wy hjir?

ALLE BERN [lûd]: Yn Fryslân!

INKA: Wêr leit dat?

ALLE BERN: Yn Europa!

VITALY: Nee, ho even, dat is de E.U.!

INKA: Eeee, Uuuu! Noait fan heard.

SJOERD: Dat binne 27 lannen mei-inoar.
Krekt op internet opsocht. [Sjoerd wiist dat op in globe oan.]

NOUR: En daar hoort Syrië niet bij. [Syrië wurdt troch Nour op in lânkaart/laptop oanwiisd.]

SEM: Ik zou jou er wel bij willen hebben Nour.

VITALY [stellich]: Ja, dat sizze se allegearre, mar as it der op oankomt…

INKA: Leave santjin!
Wat binne jim frjemd oan ’e gong.
Wêrom mei Syrië net meidwaan? Hu’n.

JAMAL: As ík dêr oer meiprate koe, wie ’t okee!

ALLEGEAR: Okee! Okee! Okee!

INKA: Okee!
Mar yn watfoar tiid libje jim hjir eins?
Ik bin berne yn 1023.

ALLE BERN [lûd yn koar]: Wy leve yn 2023!

INKA [ropt]: Tûzen jier letter!
En ik bin der noch! Of nee, ik bin der wer!
[ferstuivere:] Frjemd, evensagoed!

INKE [ferwitende toan]: No Inka, sa frjemd is dat net.
Dat hiest wol witte kinnen, want do en ik binne fan ’e moarn sels yn ’e tiidmasine stapt.

INKA [ropt]: Blikstjinders! Hast gelyk.
Fan ’e moarn betiid wie ’t daliks al bryk: de klok stie op fierhinne 1000 jier fierderop.

FATMA: Hy hat lêst fan in jetlag.

VITALY [op wisse toan]: Dat ferklearret alles.

TESS: Even wennen, toch?

INKA: Hu’n???

SEM [ynfielend]: Ja, dat moet wel wennen hè Inka.
Net maklik, tink ik.

TESS [saaklike toan]: Hij moet zich nog een beetje aanpassen.
Zo zien oorspronkelijke bewoners van Amerika er ook helemaal niet meer uit, met al die gekke veren!

INKA [ropt]: Blikstjinders noch oan ta!
Mei ik myn fearren net mear oan ha? Dy drage wy mei eare!
En wolle jim it net óer my ha?
Mar kinne jim it fatsoen ek opbringe om méi my te praten?

TESS: Hij wil met ons in gesprek.

INKE [op oerdreaun wisse toan]: Inka, omdat se it bêste mei ús foar ha, kinne se ús net aksepteare sa’t wy binne.
En ús fearren út noch yn net.

INKA: Ik wol dochs wol graach bliuwe wa’t ik bin.

TESS: Pleur toch op man!

WYTSKE: Tess!

TESS: Ja, sorry hoor. Hij lokt het toch zeker zelf uit.

SANDRA [sprekt Inka oerdreaun stellich ta]: Inka, wy wolle jim beslist net diskrimineare.

INKA: Dêr hoege jim net oer yn te sitten.
Ík lit my net diskrimineare.
Troch gjinien.
Blikstjinders!

JAMAL [spytgnyskjend]: Inka moat noch heel wat leare.
Hy komt der noch wol achter as er hjir wat langer is.

FATMA [freget Inka en Inke, nijsgjirrich]: Wa bínne jim eins?

INKA [grutsk]: Wy binne Inka’s.
Minsken fan ’e oerbeskaving.
Wy teagen yn Peru yn keningsklean mei ús prachtige kûtsen al oer hearlike berchwegen doe’t jim hjir it tsjil noch útfine moasten en yn ’e drek ommodderen.

JAMAL: Eeh, Peru, wêr leit dat eins ek al wer?

WYTSKE: Yn Súd-Amearika.
Se ha dêr hele hege bergen, ja.

INKA: Ja, ús Andesbergen.
En dêr ferbouwe wy al mear as tûzen jier de poerbêste ierappels, hu’n.
Dat is ús goud. Us goud, dat is it! Goud!

INKE [sjocht Wytske meilijend oan]: Mar Wytske bern, jim ha ús 800 jier lyn pas ûntdutsen.
Dat tinke jim, teminsten.

SJOERD: Untdutsen?

TESS: Ontdekt!

SJOERD: O ja, fansels, op dy manier.
Ontdekt troch Columbus, yn 1490, nee 1492.

INKE: Dat miende dy Columbus mar.

MAIKEL: Hat Columbus jim dan net ûntdutsen?

INKE: Nee, dat wie in oare fantast.
Mar wa’t dat wie, kin my neat skele.

WYTSKE: Wêrom net?

INKE: Wy hoegden net ûntdutsen te wurden, want wy wienen der al.

INKA: Jim oerpakes en -beppes beskôgen ús as ûnbesnoeide [ûnbeskaafde], achterlike tintbewenners.
Ja tintbewenners!
Komt it jim bekend foar?
Jim wienen poerbang fan ús.
Jim beskôgen ús as fijannen.

TESS: Bang?
Ha!
Wy stalen alles wat van jullie was.
Jullie zogenaamd goud!
Die primitive puikbeste piepers van jullie!

WYTSKE: Dit is net mear grappich Tess.

TESS: O sorry hear.

NOUR [probearret Frysk te praten]: Se roofden jim jirpels.

SANDRA: Ja, en se ha jim ek noch in ferkearde namme jûn.

JAMAL: Ja, dy ûntdekkingsreizgers tochten dat se yn Indië te lâne kommen wienen.

FATMA: Mar se sieten yn Amearika.

MAIKEL: En doe neamden se de bewenners fan Amearika by fersin Indianen.

SANDRA: Nei Indië dus.

SEM: Wat in lachertje.

INKE: Presys!
Jim ha goed by de les west.
No de ekskuzes noch.

SJOERD: Ekskuzes!
Sykje ik op.

INKE: Inka, dizze bern witte nó wat méár as ús, sa te sjen.
Se kinne ús fan alles leare.

INKA: Leare?
Ík fan dizze bern wat leare?

INKE: Presys!
Sille wy se freegje at se mei ús op reis wolle?
Se hawwe it hjir prima foarinoar, mei al dy achtbaans sneldiken.

TESS [kwazy ynteresseard]: Echt?
Jullie zijn toch van die echte oermensen?
Dus van de oernatuur of zo?
Van het klimaat of zo?
Sorry hoor, maar dan is dit niet zo’n goed idee voor het milieu.

VITALY: Tess, do seist my wat te faak sorry.

INKE: Kin ’t skele.
Elkenien fljocht hjir ommers dochs al gewoan oeral hinne.
Stjonkend en ronkend en wol, troch fersmoarge loften – yn ús tiden, eartiids himelsblau.
Inka, sille wy dizze bern freegje om mei nei oare ierdappellannen?

INKA [swaait mei syn ierdappel, raast:]: Oare ierappellannen?
Blikstjinders!
Perú is ít ierappellân!
Binne der mear dan?

INKE: Inka jonge, ferpleats dy no ris yn dizze bern en har tiid!

SEM: Bist Anno No yn Nederlân Inka.

VITALY: Yn it alder-álderbeskaafdste ierpellân fan ’e hele weareld.

MAIKEL: En it alderbekéndste irpellân.

NOUR: En België dan?

TESS [besiket Frysk te praten, mar in bytsje út ’e gek/gekoanstekkerich]:
Dêr meitsje se fan alle rjappels fryt.
En dy fryt frette se allegear lekker daliks op.

SANDRA [string]: Tess!
Generalisear net sa.

TESS: Grapke.

SJOERD: Nee, mar dy Belgen hâlde har werkelik wier allinne mar by fryt.
Wý litte út ús rejappels ek wer nije komme.
Goed foar de eksport.
Prima ferdynmodel foar de B.V. Nederlân.

SEM [suchtet; besiket Frysk te praten]: Sjoerd wit alles!

SJOERD: Ja!
En wy dogge oan keunstmjittige feredeling.
Sadat de jerappels hyltyd better wurde.

SANDRA: Better?
Better as de irpels fan tûzen jier lyn?

SJOERD: Ah ju, folle better as dy primitive sjappys út Peru!

VITALY: Dat is noch mar de fraach Sjoerd.
Dy sieten net fol fergif!

INKE: Presys.
Mar wy sille nó earst ris wat óárs ûntdekke.
Wat sízze jim tsjin de ierappel?
Hokke leuke nammen ha jim dat rôversguod jûn?

SEM: Rôversguod?

WYTSKE: Dat is spul wat je heel graach ha wolle.

SEM: O. En dat binne by Inka en Inke dus earpels.

SJOERD: Wy sizze net earpel, mar jerappel.

SEM: No, jerappel dan.

TESS: Ik sis rjappel.

MAIKEL: En wy irpel.

WYTSKE: Ik sis jirpel.

NOUR: Hoe neame jimme de jirpel Inke?

INKE: No wy ha in soad talen.
Yn ’t Spaans is it Papata.
Yn ’e taal fan ’e Aymara-stam by ús is it Ch’uqi.
En yn myn eigen taal is it wer heel oars.
Dan hyt er Paper. Begjint der al wat op te lykjen dus.
Myn memmetaal is it Quechua.
Sis it marris nei: Quechua! [Kè-sjû-à].

ALLEGEARRE: Hat-sjû-wa. Hatsjû! Hatsjû!

INKE: Nee, gekoanstekkers! Noch in kear: Kè-sjû-à!

ALLEGEARRE: Kè-sjû-à!

INKE : Presys! Kè-sjû-à!

INKA: Inke, dy bern koenen wol famylje fan ús wêze.

INKE: Hoesa?

INKA: No, sa goed at se Quechua útsprekke.

FATMA: Wy ha gewoan de earen iepen.

MAIKEL: En wy brûke ús ferstân.

JAMAL: Dêrfoar hoege je gjin famylje faninoar te wêzen.

INKE: Nee Inka, do moatst no ynienen net sa de oare kant út oerdriuwe.

INKA: No freonen dan.

VITALY: Dat is ôfwachtsjen.

NOUR: Dy sit.

INKE: Eeh, Nour, hoe neame jim de ierappel yn it Syrys?

NOUR: Yn ’t Arabys neame se de jirpel: Albatatis.
Yn ’t Armeens: Kartofil.
En yn ’t Koerdys: Kartol.

VITALY: Hee!
Yn Ukraïne sizze wy tsjin de ierpel Kartoflya.
Dat liket in soad op Kartofil en Kartol.

FATMA: Wy sizze yn ’t Turks: Patates.
Dat liket op Papata.
Sil ek wol wer famylje fan Albatatis wêze.

SEM: Papata liket in bytsje op omdraaid Ingels: Potato.

WYTSKE: En de Dútsers sizze wer Kartoffel.

TESS: Ja, dat komt, dat binne twa ferskillende taalfamyljes: it Anglo-Frysk en it Heechdúts.
Mar dat wit ik fierders ek net, sykje dat ek mar op Sjoerd.

MAIKEL: Anglo-Frysk. Ja, it Ingels en it Frysk lykje opinoar.
Sa as cheese en tsiis.

NOUR: En church en tsjerke.

MAIKEL: Mar potato en irpel dan wer net.

SANDRA: Nee, ik fyn Potato trouwens leuker.
Grappich!
[sjongend:] Albatatis, Patates, Papata, Paper, Pataat, Potato.

NOUR: Mar it alderlekkerst is patat.

JAMAL: Of Belgise friten.

SEM: Ho!
Sjoerd hat even wat mear synonimen opsocht.

SJOERD: Yn Ierlân sizze se Práta.

WYTSKE: En witst sûnder opsykjen wat se yn Frankryk sizze?

SJOERD: Pommes de terre fansels.

SEM: Wat noch mear Sjoerd?

SJOERD [rapt dizze tekst heel fluch]:
Yn it Yslâns is it Kartöflu; yn it Russys Kartoshka; yn ’t Poals Ziemniak; yn ’t Japans Jagaimo en yn ’t Sjinees Tǔdòu!

TESS: Houd maar op Sjoerd, dit onthouden ze toch niet.

INKE: Presys.
Wy binne al oer de hele weareld hinne.
Sille wy mei ús allen no ris ûntdekke hoe lekker at ierdappels oeral wol net binne?
Hoe keunstich wy dêr hearlik iten fan meitsje kinne?
Ja, want dat is in keunst op himsels.
Wy sille se bakke, frituere, roasterje, poffe, siede, en kreatyf stampe, stampe, stampe…

WYTSKE: Siede?

MAIKEL: Koken! Omkoal!

WYTSKE: O, kôkje. Pûdsek!

INKE: Presys!
Jamal, trouwens noch even, hoe neame jim de ierpel yn Somalië?

JAMAL: Baradho!
Wy ha hele lekkere Sambuus of Samosa.
Dat binne swiete jirpels mei gehak!
En sipels en sa. Ut ’e frituer, ja.

TESS: Pataat!
Swiete [Tess sprekt it sa út: swiite] rjappels.
My te swiit.
Zo zeggen jullie dat toch? Ha, ha, ha!

INKA [raast]: Swiete ierdappels?
Us gewoane ierappel is it kroanjuwiel!

FATMA: Wat in klown man!
Tûzend jier âld en hy wit noch net wat in swiete irpel is.
[ropt:] In Bataat is folle lekkerder as sa’n gewoan sjappy Inka!

INKA: Wol sa lekker?
En se binne net iens famylje fan ús ierappel!
Bataat! Bataat!
De namme allinne al!
Ik meitsje der gehak fan, smots, nee puree…

INKE: Presys!
[Inke triuwt de mikrofoan ûnder Maikel syn noas]:
Maikel jim ite swiete ierdappels op syn Surinaams net?

MAIKEL [sjocht Inka brutaal oan en ropt]:
Pataat hyt dat by ús Inka, net Bataat!
[sjocht Inke poesleaf oan:] Ja Inke, wy meitsje dêr Surinaamse Pom fan.

WYTSKE: Wat is dat Maikel?

SANDRA: Sa út de oven, fet man!

WYTSKE: Ik frege Maikel wat.

SEM [besiket Frysk te praten]: Bataat ha wy juster ek hân.
Mar dan rau, as snack mei dipsaus.
Cool man.

TESS: Ze zijn nog supergezond ook, zitten bomvol vezels.
En overvol met suiker – maar dan natuurlijk natúúrlijke suikers.
Absoluut. Hele natúúrlijke suikers.
Ook even opgezocht.

JAMAL: Klinkt goed.
Mar wat is dat dan foar soarte fan sûker?

TESS: Weet ik veel. Heb ik geen herinnering aan.
Zoek jij dát ook even op Sjoerd?

SJOERD: Ja, boeie.

SEM [giet wer oer op ’t Nederlâns en dan wer oer yn ’t Frysk]:
Maar ónze aardappel is het beste middel tegen de honger in de wereld.
Want jerappels ha minder lân noarich.
En se groeie folle hurder as rys en soja.

JAMAL: En jirpels groeie ek noch prima yn hele waarme lannen.

SANDRA: Krektsa goed as yn bibberlantsjes, sa as hjirre.
Brrrrrrrrr.

FATMA: En je kinne earpels alhelendal opite. Mei skyl en al. As se net besproeid binne teminsten.

NOUR: Ek wol lekkerrrrrrrrrrrrrrrrrrrrrr!

SEM: Ja, graan, nôt meist mar foar de helt.
Mei al dy drûge, taaie stâlen.

JAMAL: Dêrom wurde jirpels no yn earme lannen noch méár ferboud as hjirre!

MAIKEL: Ja, sadat se har dêr allegearre sêd ite kinne. En gjin honger mear ha.

WYTSKE: Oe, wat wit Maikel in soad. Likest Sjoerd wol!

MAIKEL: Wytske! Toe!

INKE: Ja, ferskriklik.
Dy drûchte, gjin wetter, lit stean cola.
En gjin iten, lit stean patat mei mayo.

[It is even stil.]

INKA: Ja, wy hienen froeger wolris hónger.
Ja hónger, seinen wy dan.
Mar dat wie gjin hónger.
Dat wie: sin oan wat hawwe. Sin oan wat lekkers.
Wy woenen altyd wol wat lekkers ha.
En dat lekkers wienen tûzen jier lyn ierappels foar ús.
Pofte ierappels, wol te ferstean. Op in read flamjend kampfjoer, gesellich foar de wigwam mei op feilige ôfstân jankende hyena’s, tochten wy. Mar dy hienen ek sin oan wat lekkers, en doe…

VITALY: En dat binne gjin indianeferhalen, Inka?

INKA: Hu’h?

NOUR: It alderlekkerste fan jirpels fyn ík Batata Harra.
Dat ha wy yn Syrië.   

VITALY: Wat is dat dan?

NOUR: Dat binne hele sterke lytse jirpelblokjes.
Kinst sa út ’e hân opite.

VITALY: Oe, lekker pittich.
By ús yn Ukraïne meitsje wy fan ierpels Deruny.
Wy raspje ierpeltsjes fyn, bakke der in sipeltsje by en klear is kees.
Hearlijke pankoekjes.
En lekker hertlik. Ha wy wol noarich.
En dy fan ús heit smeitsje wer heel oars as dy fan ús buorman.

SANDRA: Us dapîr yn Suriname hat ek in soad ferskillende irpelresepten.
Roti, stoofd – hyltyd wer in bytsje oars.
Of soerkoal op syn Surinaams, mei knoflook en tomatesaus.

WYTSKE: Ja, dat krije wy ek by ús beppe, potiten fan soerkoal, hearlik.
Mar dêr hoecht om my gjin knyflok yn.

MAIKEL: Do kinst hjir fan alles wol fertelle Wytske, mar do komst net út in knoflooklân..
Jim wítte net wat lekker is.
Stamppot, bah.
Kâlde kikkert!

WYTSKE [sjocht Maikel in bytsje lilk oan en toch ek wer net]:
Maikel!

MAIKEL [sjocht Wytske in bytsje ferlyfd oan]:
Doei!

SANDRA [ropt lûd]: Mar it alderlekkerste is patat!

ALLEGEARRE: Ja! Patat, patat, patat!

INKA: Blikstjinders, nee!
Oe nee!
Dat is no krekt ongesond! Ongesonder! It ongesondst fan alles!

ALLEGEAR [lûd, allegear mei it gesicht nei it publyk ta]:

Wy meie o sa graach patat
in pûdefol patat,
in hele bak patat,
noch folle mear patat,
neat oars mear as patat, patat, patat!

Hjirnei komt subyt in les oer sûn iten.