MANIFESTAASJE OER ÚS ALLER IERDAPPEL
Foto’s en filmkes: Francien Clijsters, Baukje Miedema en Jabuk Kramer.
Dat wie in enervearende manifestaasje oer Us aller ierdappel op sneon 23 novimber 2024 yn it Stedhûs te Frjentsjer.
It wie appetitelik foar sa’n 125 Te Gast-gongers. In treffend Frysk en Frij-allegaartsje mei ferrassende útsochte rjappelhapkes neffens gloednij resept op in pracht plak.
Oanlieding ta dit ierdappelgebeuren is it Projekt Mear as 125 jier ierdappelkeapmanskip – de oprjochting fan Hannelshûs Hettema yn 1898.
De algehele lieding wie yn ’e bekwame hannen fan Margriet Brandsma.
It programma omfieme de folgjende ûnderdielen:
10.30: Ynrin
+ kofje of tee mei oranjekoekje
+ ferkeap dichtbondel Us aller ierdappel: € 15,00 (boekhannelspriis: € 20,00) – m.m.f. asylsikers
11.00: Huub Mous, De knol yn ’e keunst
+ útwikseling mei publyk
11.45: Foardrachten yn it Achterhoeks, Bilts en Frysk
+ sopraan Nataliia Gryshchenko mei Ukrayns ierdappelgesang
12.00: Ierdappelkweker Theun de Jong oer ûnderskate ierdappelrassen en Jacob Jensma fan Restaurant De Swarte Haan oer seis nije ierdappelhapkes
12.10: Skoft
>Ierdappeliten en -drinken
>ferkeap by Boeketafel, û.o.:
-sammeldichtbondel Us aller ierdappel
-nije poëtise novelle fan Peter Popma: De seis fan Gatske
>tentoanstelling yn ’e midsiuske kelder fan it barokke Stedhûs
13.00: Ynlieding fan Tsead Bruinja by dichtbondel Us aller ierdappel
13.30: Foardrachten yn it Katalaans, Limburchs en Stellingwerfs
14.00: Grut- en lytsskalige ierdappelteelt
– Fraachpetear troch Margriet Brandsma mei Jenny Fokkema, Willem Bruinsma en Gerard Backx
+ útwikseling mei publyk
15.00: Ierdappeliten en -drinken
+ útpraterij en útrinnerij
Tusken de bedriuwen troch muzyk fan Hein Jaap Hilarides en Piter Wilkens
+ folksdûnsjen fan ’e Fryske Dûnsers.
PROGRAMMAÛNDERDIELEN:
>IERDAPPELPRIUWERIJ – ITENFEEST
Nij ierdappeliten út de folop fan ’e swiere Biltse klaai. Alles op ’e pof!
1 Koaninklike Hette Hettema’s
pofte ierdappels mei Waadpesto
2 Haar op ’e tannen
irpelsop fan ’e Bildtstar
3 Annabel
ierdappelsalade fan it ras Annabel fan Theun de Jong
4 Sâltige ZPC-setterkes
bitterbal fan it alâlde ras Hermosa fan Herre Kingma mei sâltachtige seekraal
5 Piperige Peru-poaterkes
kroket fan ús Annabelleke, no mei cajun-krûden en swarte pipers, tink derom
6 Hertlik Hettema-honger-hapke
bitterswiet trijehoekich krokant kroketsje, no fan Spunta en cranberry,
priuw no noch foar ienkear it skoandere trijelûk-gebeuren fan:
-Hettema Zonen
-Z.P.C.
-Royal HZPC Group.
>PRESINTAASJE FAN US ALLER IERDAPPEL
Sammel-dichtbondel mei as tema de ierdappel.
Nije ierdappelgedichten yn it Achterhoeks, Bildts, Frysk, Eilanners, Grinslâns, Hollâns, Ingels, Katalaans, Limburchs, Stellingwarfs.
Sjuery: Tsead Bruinja, Doutsen van Gosliga, Albertina Soepboer, Eelke Veltman.
Mei in ynlieding fan Tsead Bruinja, yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands fan Nederlân.
En uteraard deklamaasje yn ûnderskate talen en tongslaggen.
Tsead Bruinja is – beslist – ûnder de yndruk fan it fers fan Jayden, út Groep 8 fan ’e Slotskoal te St.-Anne. Dy syn literêre bydrage kaam ta stân yn in Poëzywurkwinkel fan Frysk en Frij.
Bruinja:
De kundige plysjeman ‘Henk Aardappel’ dy’t yn it jeugdige fers fan Jayden taser en laser oppakt, sil ik ek net gau ferjitte. Jayden lit moai sjen hoe boartlik en prikkeljend absurde kombinaasjes wêze kinne:
DE VERDACHTE AARDAPPEL
De politie zit achter mij aan,
ik ben verdacht,
ik moet mij verstoppen.
Daar staat politie Henk Aardappel,
HIJ HEEFT EEN TASER
Bom Bom Bom
MET EEN LASER
Pom Pom Pom.
Hij pakt iets uit zijn zak,
nu zit ik in de bak.
Jayden
Troch in technise tûkelteam passeart it literêr programma oan ien stik yn ’e hal, dat wie oars yn twa aparte geledingen achteryn de Trouseal ordonneard. Dat ferget wat linigens fan auditoarium en liederskip. It sûne boereferstân stiet foarop.
It programma wurdt no needtwongen útfierd pal achter de halsdoar. Middenyn de redes en deklamaasjes kloppet en kloppet sadwaande folk oan de poarte. Aafje Bouwer, eigenmachtich beneamd yn de hege funksje fan Poartewachteres – sels witte – wol dy ynbrekkers net keare, en terjochte. Tsead hat der ek gjin muoite mei: Prima sa.
In inkel skepsel ûnder de taharkers is blau fan ergernis – Moet kunnen. It gros fan it gehoar fynt soks eins wol hilarys. De ynkommers binne uteraard even wat ferstuivere, mar herpakke harsels hânsum en stappe kordaat it semy-plechtige gebeuren troch nei achteren of wurde daliks dêrhinne loadst en te plak set, letterlik dan. It jout yn alle gefallen de gemoedlike sfear wer.
SEIS DICHTERS DEKLAMEARE YN LIKEFOLLE FERSKILLENDE TONGSLAGGEN
It is in lust foar each en ear om de poëten yn eigen taal te smeitsjen.
>Achterhoeks: Else Klomps, Oet Peru
Fragmint:
springlaevend
verborgen kracht
oetlopers reekt naor
de eerde, wilt grond
smach
>Bildts: Hein Jaap Hilarides, Bakspikere
Fragmint:
Ik loop met ’t bakky na de tún.
Ik loop met ’t bakky na de tún en set de irpels in ’n ruchy.
Omdat ’t houtene bakky nou maakt is.
Omdat ’t houtene bakky nou maakt is, set ik de irpels in ’n ruchy.
>Frysk: Lara Kool, Leafde yn ’t fjild
Fragmint:
Al soest letter yn ’t ljocht stean
giftich wurdt se, hieltyd mear
neigeraden de dei oanbrekt
ôfbrekt de nachtskea.
>Katelaans: Ignasi Ripoll, Terra
Fragmint:
Ai, santa patata! puré del Perú!
Que tot l’or dels Inques valgué menys que tu!
Oh, hillige jerappel, puree út Peru!
Al it goud fan de Inca’s jildt minder as dû!
(oersetting út it Katalaans fan Syds Wiersma)
>Weeêrts (Limburgs): Francien Clijsters, Onmisbaar
Fragmint:
Nao ’n lang reis
és hae inne 80-jaorige oorlog
nao Holland gekome
Dao waas hae mieër as welkom:
hae völdje good, waas goodkoup en
ge kosj d’r vol mej aafwissele
>Stellingwarfs: Christine Mulder, Geschiedenis in voegelvlucht.
Fragmint:
Giftige stolonen strekten naor de veerste streken
die – was et gevaor van zeepest weken –
mit de tied naobi’jer bleken
Oorlog en honger verdwienen
Mar brocht de zute smaek ècht pais en vree?
Lara Kool, hat as taalachtergrûn Nederlâns en Luwarders, en in man dy’t Frysk praat: It Frysk jout my in gefoel fan thús.
Margriet: Maar nu even een commmerciële vraag, want ook dichters moeten aardappels eten. Nederland is al een klein taalgebied, Friesland is nóg kleiner; ja het is flauw, maar kun je daar dan een aardappel aan verdienen, een boterham?
Lara: No ik bin wol bliid dat myn man wol in goeie baan hat.
>GRUT- EN LYTSSKALIGE IERDAPPELTEELT, NO EN YN ’E TAKOMST
Bestridingsmiddels? Biologys? Of beide?
Fraachpetear troch Margriet Brandsma
-mei Jenny Fokkema fan Fokkema Farming te Slappeterp en Willem Bruinsma fan Bruinsma Bio te Seisbierrum
-mei Gerard Backx, skiedend direkteur/ceo fan HZPC.
>IERDAPPELMUZYK
Nataliia Gryshchenko
It Frysk Folksliet set de toan
Nataliia Gryshchenko, flechtling út Ukraïne, sjongt It Frysk Folksliet.
Frysk bloed tsjoch op, wol no ris brûz’ en siede.
Klink dan en daverje fier yn it rûn, dyn âlde eare, o Fryske grûn.
Nettsjinsteande de bombastyske tekst, giet de stim fan dizze diva troch ieren en sinen.
Filmke mei Christine Mulder en Nataliia Gryshchenko
Christine Mulder fertsjintwurdiget it Stellingwarfs.
Margriet: Het gaat niet zo goed met het Stellingwerfs?
Christine: Spitiggenog niet nee. Ik bin ’n beetj’ somber. Ik dink dat wij ten dode opskreven binne.
Publyk: Nee!
Meartalige projekten as dizze, kinne helpe.
Fierderop yn it filmke ferskynt Nataliia Gryshchenko yn folksdracht, rynsk behongen mei bloedkralen: Die bloedkoralen hebben jullie hier ook! – se jout foar de fûst wei in oanset ta Ukraynse ierdappelresepten.
Mei har ierdappelfolkslietsje ferklankt se har grinzeleas berik. Dat sjongen yn eigen taal ferdriuwt heimwee en oarsoartich hertsear – even.
Rjochts: twa kostúms fan ’t Amelân
Hein Jaap Hilarides
De klassiker:
–Lofbaarne fan Douwe Tamminga
En twee Bildtse rakkerts fan ’e dichter sels:
–Bakspikere
–Nije eerpels
– skjin útferkocht fansels
Hilarides en Mous-filmke
Op it earste part fan dit filmke deklameart Hein Jaap Hilarides de klassiker Lofbaarne fan Douwe Tamminga.
Dêrnei komt Huub Mous yn ’e kiker mei syn eigenaardige eksegeze oer de keunstmjittige Knol yn ’e keunst. Under syn referaat oer de mytology fan dizze ierdfrucht, oanhelle en opsierd mei de Inka ierdappelgoadinne Axomama – okkerjiers yn ’e Bildtse Eerpelweken opfierd yn Hilarides’ toniel – komt der alwer publyk ynwaaien en wurdt in lûdsprekkerobstakel, dat hinderlik yn ’t sicht stiet, op fersyk fan ’t publyk kreas oan ’e kant set.
Dat deart de gemiensume stimming allegearre neat.
Sjoch hjirûnder de byldrige: De knol yn ’e keunst.
Piter Wilkens
-Hy sjongt ûnder oaren syn nije Ballade fan de Befrijde Ierdappel, de ienige echte, spesjaal skreaun foar dit rjappelgebeuren. Sjoch it filmke fierder hjirûnder Wilkens, Ripoll anneks Ierdappelfrommeske Tsjikke Andringa
Klik op ’e foto fan Piter Wilkens foar muzykfragmint.
Opname: Pieter Meindertsma – AD-Productions.
Filmke – Wilkens, Ripoll anneks Ierdappelfrommeske Tsjikke Andringa
Op it foarste part fan dit filmke it aventuer fan Piter Wilkens mei De Ballade fan de Befrijde Ierdappel, eksklusyf skreaun en komponeard foar dit wjerfarren, fragmint:
By honger bin ik no it antwurd, jim fraach? Ik pas my oan
ik kin oeral aardzje, ik sit oeral yn, jim ha my yn ’e grûn bedoarn
jim wurde sels hast ierdappels, sûnder erch, dat giet stiltsjeswei
want je binne dat wat je ite en jim ite my elke dei
faaks dêrom woll’ jim sûner tele, frij fan gûchelerij
dan wurd ik de befrijde ierdappel en draait alles om it sied fan my.
Dêrnei is Ignasi Ripoll yn byld, Katalaans dichter, mei syn fers Terra, de oersetting wurdt spontaanwei lêzen troch it Ierdappelfrommeske Tsjikke Andringa, yn har blauwe overal, reade bûsdoek om ’e hals, stik hoarntou om ’e mul, sek oer de kop as soe it binnen begjinne te reinen en op klompen. In opmerklik typstra. Sa net, tipelsinnich, yn ’e sin fan frjemdsoartich – mar goed, sokken rinne der hjir yn dizze fertoaning wol mear om.
It mins trakteart de gasten geandewei samar op in stek-yn-’e bûse mei aforismen fan Gys Miedema.
Ripoll sil yn 2025 by Frysk en Frij in blomlêzing yn it Katalaans útjaan mei Fryske oersettingen fan Syds Wiersma.
>TENTOANSTELLINGEN 2023-2025 op ferskillende lokaasjes, û.o. yn ’e midsiuske kelder fan it Stedhûs fan Frjentsjer.
De Stichting Frysk en Frij-Erfgoed Fundaasje hat yn 2023-2025 útstallingen oer mear as 125 jier partikulier ierdappelkeapmanskip, n.o.f. de oprjochting fan Hannelshûs Hettema yn 1898 te Bitgum.
Dêrneist binne der fitrines oer de Z.P.C. fan 1919 en nei de fúzje yn 1999 oer HZPC, sûnt 2023 Royal HZPC Group. De stichting wurke mei oan it jubileumboek fan HZPC en oan it takennen fan it predikaat Keninklik fan ’e multynasjonale ûndernimming yn 2023.
Dêroerhinne binne der besichtigingen fan oare ierdappelmaten, lykas Braaksma, Cultura, Fobek, Runia-Van der Schaaf, Westra, Zijlstra, ensfh.
It ûntstean fan ierdappelhannel út gerniersbedriuwen wurdt fierders yngeand yn byld brocht.
>IERDAPPELDÛNSEN
Fryske Dûnsers, swierende libbene fitrines.
Griemmank fan ferskes.
Simmermoarn – ’k Woe foar gjin gûne dat ’k jit te sliepen lei
Silerssankje – Krêftich waait de bolle wyn. Stap mar yn!
Ierdappeldûnsje.
Dûnsje fanke, dûnsje
In jong pear yn ’t gewear
Fryske Dûnsers yn klaaiïng út ûnderskate tiidrekken – fan ’e fêstewâl, ûnder oaren Hylper klean,
en Schylger kostúm.
>DE KNOL YN ’E KEUNST
–Huub Mous, as keunsthistoarikus oer de – keunstsinnige? – ierdappel.
Prikeljende teksten mei dito ljochtbylden fansels.
Sjoch foar syn referaat it filmke hjirboppe
Hilarides en Mous
–Douwe Idema, nij wurk, yn it ramt fan Us aller ierdappel:
2.20 x 1.60 meter
oaljeferve op kanfas
>DE RJAPPEL OP ’T TONIEL ÈN BY DE LES
–Op reis nei Ierdappellannen mei Inke en Inka, toniel foar bern.
–De ierdappel – Lês- en lesbrief, apetitelik foar jong en âld.
–Teneelstikky over de eerpel – kines fan ’e Slotskoal in St.-Anne speule hur aigen Eerpelteneel
in ’n werkwinkel fan Frysk en Frij
-Folksmiel – Ierdappeliters fan Vincent van Gogh: ûnbeslipe boeren en boerinnen behimmelje it streksum folksmiel út ien panne mei kofjesurrogaat ûnder de oaljelampe yn har klinte
-De delikatesse – fine fleur by Marijke Muoi: prinses Maria Louise van Hessen-Kassel – se hat in rjappel yn ’e kiel en mar ientsje as delikatesse op har gouden boardsje, beselskippe fan trije soarten wyn ûnder de kristallen kroanljochter yn ’e ytseal yn it Prinssessehof te Ljouwert
Weem zien moôdertaal verloochentj, raaktj zien eîge kwiêt.
’t luiptj toch ânges.
Delta, dichtbondel fan Albertina Soepboer;
De seis fan Gatske, poëtise novelle fan Peter Popma;
Us aller ierdappel, sammeldichtbondel mei as tema de ierdappel;
Hewwy dàt, dichtbondel fan Tsjisse Hettema, mei filtwurk fan Aafje Bouwer;
De ierdappel, Lês- en lesbrief foar jong en âld.
Bestelle? post@frysk-en-frij.nl
YN BEWEGING
Us aller ierdappel set dichters yn beweging. Underskate dialektrûnten wurde ynspireard troch de manifestaasje en de sammelbondel. Sa skriuwt Francien Clijsters:
U merkt, de Manifestaasje Us aller Ierdappel heeft veel indruk gemaakt en werkt nog even door.
In Weert (Limburg) hebben we Veldeke Weert Home Nieuw – Veldeke Weert.
Eens in de 6 weken komen we met zo’n 8 personen bij elkaar om ons verhaal of gedicht in het Weerts voor te lezen en te delen.
Er is ook Veldeke Limburg Veldeke Limburg – Veldeke Limburg.
Verder komt er elke maand vanuit hun een digitale gedichtenbundel uit, genaamd Veldgewas: Welkom bij Veldgewas – Veldeke Limburg.
Ik heb mijn beleving van de Manifestaasje Us aller Ierdappel, in het Weerts opgeschreven en ga dat t.z.t. delen met de beide Veldekes, evenals de nieuwe datum en het thema voor volgend jaar.
Hartelijke groet,Francien Clijsters
> Totsiens – Duidelijke Taal
> Tot_Siens
> TotSiens | Duidelijke taal! Voor bedrijven en particulieren. (wordpress.com)
De organisaasje wie yn hannen fan:
Stichting Erfgoed Fundaasje–Frysk en Frij,
Klaas van Zandbergenstraat 28, 9076 GB St.-Anne.
Mei tank oan:
Boersma-Adema Stichting
Stifting Douwe Kalma Fûns
Stifting Arjen Witteveen Fûns.
Sjoch foar filmkes ek: YouTube Kanaal Frysk en Frij.