De debútbondel It berin fan de dingen fan Peter Popma (Warkum 1941) draacht 32 fersen yn fjouwer skiften oan.
Dit dichtsjen omfiemet omgong mei sibbe en natuer. Yngeande ferhâldingen binne natuerlikwei bêde yn in mingeling fan rêst en tagelyk omdoarmjen, loslitten en ferlet.
De bondel yntrigeart lykas it libben sels, ropt eksistinsjele fragen op, langjen nei oare fierten. Sil it net by dit ripe begjin bliuwe, floeit der in ferfolch út – dat is libbene literatuer.
IT BERIN FAN DE DINGEN
Foar ús
ien tel, net mear
mar fol ûnthjitten
en ienkear yn de stille romte
werhellen wy
bestammeljend
de earste wurden
keazen oer de hoare fjilden
berûne paden
en as lêste
ûntdutsen wy
djip yn ús beskûle
ús namme
wy hawwe heit en mem te hôf brocht
ha it grêf fersoarge
ha ús bern nei skoalle brocht
en letter oerjûn oan it libben
en wy, myn leaf, ha leave
dûnse, lake, leave
al ús dagen
aanst sil de kjeld wol út de muorren slaan
de wyn mei koarten wol it lân berikke
en karboestich troch de gloppen jeie
ús lûd ferdizenje
ús spoar ferwiskje
ús namme út de stiennen skrasse.
It berin fan de dingen.