Рідна Мово
О мово, відкрий свою таємницю,
Свої джерела і свої глибини!
Щоб слово, як зерна пшениці,
Зростало в душі людини.
Рідна Мово – колискова кохання,
Ніжне слово – сонце на небі.
Рідна Мово – шлях до кохання,
Батьківська посмішка в очах матері.
Я хочу, щоб цей вічно молодий світ
Завжди був нерухомим у благоговінні,
Коли чує вітання
Української мови,
Слова з крилатим звучанням.
Відкрий мені, о мово, свій смуток,
І свою променисту, дзвінку радість,
І я понесу тебе, як святиню,
Крізь своє життя – давнє і чисте.
Рідна Мово – колискова кохання,
Ніжне слово – сонце на небі,
Рідна Мово – шлях до кохання,
Батьківська посмішка в очах матері.
Українська народна пісня
у виконанні Наталії Грищенко
на презентації антології
Святкуй свою рідну мову 29 листопада 2025 року
Шох: YNDRUKKEN Feest fan Fier dyn eigen taal 29-11-2025 – Frysk en Frij.
Memmetaal
O taal, iepenje dyn geheim
Dyn boarnen en dyn djipten!
Dat it wurd as weetkerrels
Yn ’e siele fan ’e minske groeie sil.
Memmetaal – widzeliet fan leafde,
Sêft wurd – sinne oan ’e himel.
Memmetaal – it paad nei leafde,
Heites glim yn memmes eagen.
Ik wol dat dizze ivich jonge wrâld
Altyd earbiedich ferstilje sil,
Wannear’t se de groet heart
Fan ’e Ukraynse taal,
De wurden mei fleugele lûd.
Iepenje foar my, o taal, dyn drôvens,
En dyn strieljende, klinkende freugde,
En ik sil dy as in hillichdom drage
Troch myn libben -oerâld en rein.
Memmetaal – widzeliet fan leafde,
Sêft wurd – in sinne oan ’e himel.
Memmetaal – it paad nei leafde,
Heites glim yn memmes eagen.
Ukrayns folkslietsje
songen troch Nataliia Gryshchenko
by de presintaasje fan ’e sammelbondel
Fier dyn eigen taal op 29 novimber 2025
Sjoch: YNDRUKKEN Feest fan Fier dyn eigen taal 29-11-2025 – Frysk en Frij
Moedertaal
O taal, open uw geheim,
Uw bronnen en uw diepten!
Opdat het woord als tarwekorrels
In de ziel van de mens zal groeien.
Moedertaal – wiegelied van liefde,
Zacht woord – een zon aan de hemel.
Moedertaal – het pad naar liefde,
Vaders glimlach in moeders ogen.
Ik wil dat deze eeuwig jonge wereld
Altijd eerbiedig zal verstillen,
Wanneer zij de groet hoort
Van de Oekraïense taal,
De woorden met gevleugeld geluid.
Open voor mij, o taal, uw droefheid,
En uw stralende, klinkende vreugde,
En ik zal u als een heiligdom dragen
Door mijn leven – oeroud en rein.
Moedertaal – wiegelied van liefde,
Zacht woord – een zon aan de hemel,
Moedertaal – het pad naar liefde,
Vaders glimlach in moeders ogen.
Oekraïens volksliedje
gezongen door Nataliia Gryshchenko
bij de presentatie van de verzamelbundel
Vier je eigen taal op 29 november 2025
Zie: YNDRUKKEN Feest fan Fier dyn eigen taal 29-11-2025 – Frysk en Frij