***
pylgerje
mei de magy fan sied
yn glêde beane
troch tsjoenderskrêft
sammele
sûnder neitinken
struit har ferskining
wylde wille oer in kuier
sweeft se tûk op ’e wyn
foarsjoen fan wjukken
as ile tinne plúskes
yn ’e keamer swier fan lucht
mei wettertichte hûd
fol fertrouwen nei de rivier
fan ’e fruchtbere thúskomst
Tanja van Abbema
tanja van abbema – t a n j a v a n a b b e m a
abbema
Tanja van Abbema – Rixt – Frysk dichterskollektyf.
***
Klaaifrysk
Frijdom
Dat sielewyt yn snie omgiet
hjir wie en is ta roekeloaze ivichheden
ús stive klaai trochgrûnet sear bewegen
ús sulverslyk genegen golvjende geheimenis
hoe ha wy no ús wersjen sa
dat smetteloas yn frijdom stiet
dêr’t do en ik it no sa mar oer ha
Goasse Brouwer
Freedom
That soul white in snow wanders
here was and is to reckless eternities
our stiff clay deeply moves
our silver slick flowing secrecy in mystery
how have we now seen ourselves so
that it stands spotless in freedom
where you and I can now just talk about
***
Romte
Samar,
om’t hjoed neat mear hoecht,
beklimt er de treppen
fan ‘e âlde toer.
Boppe is einleas sicht,
syn eagen sykje hâldfêst.
Sjoch, hoe’t de linen fan it lân,
it reid, de paden dêr’t er gie,
ien kant út wize.
Dat de linen yn ‘e loft,
fan wolken en fleanferkear,
– wêr hat er al net west? –
krekt nei de oare kant.
Hjir, op it snijflak fan
wat wie, wat komt,
yn fleagen fan wyn,
leit it lânskip iepen,
is neat noch sein.
Dit momint sil er syn libben
net ferjitte,
it lûd fan ‘e skierroek yn ‘e beamkrún,
en hy oan it begjin fan ‘e eachein.
Klaske Dankert
***
Folsleine Frijheid
Griene greide, sleatsjewetter
In skries dûkt djip oer
Do, mei in lange houten pols
sjochst fierder as de hoarizon
lannen dêr’t wy nea komme sille
lykje noch fierder fuort as oars
sa fluch as in hazze, dyn oanrin
de pols oer it skouder
plûmpt krekt op it goede plak
ferstilt yn it wetter
klimst en klimst
hân oer hân
foet boppe foet
heger en heger
Mei al dyn krêft
dyn skonken stiif foarút
sweefst efkes as in fûgel
dizze wrâld út
folsleine frijheid
oant dyn beide fuotten op ‘e grûn
dy weromhelje yn ‘e tiid
Inge Feenstra
***
foar d.a. levy
elegy
– ast frijheid wolst, doch dan net watst diest
dan krijst watst krigest
– ast revolúsje ha wolst, traapje dan it lid fan dyn kiste
tink oan hoe’tst
betink hoe’tst
bepankoekebak hoe’tst
dyn hannen en fuotten út it iis bikke silst
twivelje oan de grûn en reisskema’s en hielendal oan de sin fan saken
in protte hoechst net mei te nimmen, noch minder om fêst te hâlden
rin de strjitte út, troch read as it moat
lit alle taal fuort (dy azemet net mear as maklik jild: HEIL!)
de myten, ek dy fan de dichters, fuort
drinkst
út de sompige hollen fan ferrotte grinspeallen
ytst
jong fris blêd
pissest
op âlde kranten
dus
fuort
út ’e buert wei
in bûslampe is wol handich, in fjoerstien ek en àst stjerst;
wachtsje dan net te lang
doch dat it bêst yn in ûngeduldige jeugd
ik bin al âld, ik bin te let
wy binn’ al âld en te let: lammen en
de antennes (dy’t wy tinke te hawwen) rustich
en hymjend yn de skarnieren
wy lústerje wol, jawol en besykje it wol, jawol
dat wol
dat wol
mar bang foar de hûn, bang foar de hoeder
Edwin de Groot
www.edwindegroot.nl
Blog: https://aberdeendewmilk.exto.nl/blog.html
Nieuwsbrief: https://aberdeendewmilk.exto.nl/nieuwsbrief.html
Edwin de Groot | Meander magazine
edwin-de-groot-neus-tegen-het-glas-gedichten
Nederlânse ferzy: nederlands-hollands-feest-van-vier-je-eigen-taal
***
ûntweitsjen – ik wol frijheid mei dy diele
– in ûvertuere yn ’e archetypise symfony fan ferlossing en heling –
bedobbe ûnder gewoanten en oplein gedrach
rjochtet in frou har fertwivele nei de himel
ferjou my myn tekoartkommingen
yn ’e betizing fan ’e tiid makke ik my ûnnoarich skuldich
briek in hert, brocht pine
net by steat de skjintme fan it libben yn te sjen
bepaalde wanhoop myn koers
nochteren en wach de betsjutting fan tsjinslaggen trochlibbe
jout har hert geheimen priis
ferskûle achter maskers fan leechte
baarnt aloan in hillich fjoer fan ljocht, krêft en leafde
ûnderdrukking en krinking foarby komt se neaken ta nij libben
– se ferjout
troch de stoarm hinne libbet se har eigen ferhaal
net besweken, sterker as oait
hieltyd mear har Sels
yn ferbining mei de natoer iepenje reewilligens en wiisheid
nije wegen fan bestean
tankber foar fearkrêft en groei
draacht se ûnbaatsuchtich herten op hannen
en jubelet in lofsang foar de beminde
ek al wurdt se krusige
yn dit ûntweitsjen kin se wier frij wêze
happy van der heide
www.hip-happy.nl
Nederlânse ferzy: Nederlands-Hollands-feest-van-vier-je-eigen-taal
***

Lara Kool
Sels net foar dy – Rixt – Frysk dichterskollektyf
De Stadskas: De Moanne – NOORDWOORD
Boekelizzer winter 2023 – Leeuwarden City of Literature
https://www.tresoar.nl/literatuur/biografieen/67cadd7b4823f0b528430a28
***
Op ‘e stream
Ik seach in glinsterjend stientsje yn de rivier en
woe it pakke, dat ik peddele mei de kajak wat
werom, mar al hoe’t ik ek socht neat ljochte op
miskien wie dat krekt wat ik leare moast, om hjir
tusken tusken doe en letter, op dit wetter yn ‘e sinne
te witten: de tel fan sjen is net mear keare kinne
lykas it ljocht dat net oan it swarte gat ûntkomme
kin, dêr’t it libben in gearfallen is mei dysels en alle
dingen sa’t dy yn wêzen binne en as foarm bestean
om sa allinne yn ‘e kajak oer de spegeljende stream
te gean, dêr’t de grûn mar ek de kleare loft yn stie en
it ljocht op in stientsje, om dat dêr te sjen, it dan wer
los te litten.
Remco Kuiper
tresoar.nl/literatuur/biografieen/67e29ca2b28a5268a97e8879r
Tresoar – Inspiratie in de Skriuwersarke
Boektour Gabriëlle Terpstra en Remco Kuiper door Fryslân – GrootLeeuwarden
Orkest – Leeuwarden City of Literature
De Boekentafel van Godert Walter met twee verzen van de Friese dichtersvorst Remco Kuiper » Liwwadders
***
Bolserters
Bolswert
in ut skaad fan de ouwe Martini
myn oren tille ut geluud omlaag
skrikke brônsen klòkken de protters
blive stadichaan groeien
tot un groat spektakel
boven myn eigen stâdsje út
ut plein met un jaartal
de skool ferdwenen
nim ik mar un slukje op Brugman
want de klok fan fader
tikte onferbiddeluk de frijhyd
fan un mooie kyndertiid furt
Rein de Lange
Over mij | Reindelange
Rein de Lange – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Lange. Rein de | ensafh
***
Frijheid
Ik bin net earder frij
As ik frij bin fan tinzen
Dy hâlde my yn ’e besnijing
Dei en nacht sit ik yn it near
Bin ik sûnder tinzen in bist allyk?
In fûgel bygelyks dy’t op
In wûnderlike radar fljocht?
Sûnder te tinken fynt er
Syn paad oant yn Afrika
Of bin ik earst frij
As ik sa’n radar bin
Dy’t my fuort te plak bringt
Dan hoech ik noait wer te tinken
Lit my in wûnderlike radar wêze
Jannie Roodhof
***
In wankel wurd
foar eat dat ús op ’e lippen leit
yn tûzen talen itselde seit
dat iene wurd dat kear op kear
syn kearside oan ús opkringt
as wapentúch him jilde lit
dit wankel wurd mei flústerstim
betiden bitterswiet
dat lykwols swijt en sjongt
op pleinen ropt en raast
oerâld langstme nei
in thús yn frijens
Marije Roorda
Marije Roorda – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Vijf winnaars van 72e Rely Jorritsmaprijs voor Friese literatuur – Omrop Fryslân
Zeer geslaagde debuutbundel van Marije Roorda
***
Frijheid
In minske wol frij wêze
frij yn syn dwaan
frij yn syn litten
yn syn praat
yn syn swijen
mar frijheid neistribje
kin net sûnder moed
sûnder kriich
oars is it inkeld
bûltsjeblazen
Anders M. Rozendal
Anders Rozendal – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bceab1
Bespreking van werk van Anders M. Rozendal, bij uitgeverij de KFFB
***
Net dan?
De stille deaden
op ’t saneamde Frijdomsfeest.
Duveldei yn ’t kwadraat.
’t Razen, sûpen, fretten
op ’e nij mandaat.
Jeroen van Merwijk betocht:
‘Dat vinden jongens leuk.’
Yn trije minuten en 22 sekonden
wurdt minske
monster, in gedrocht.
John Stuart Mill iuwen earder yn ús tiid:
frijdom boppe-oan ’e ljedder,
mei morele ferantwurdlikheid.
Wrâldkriich, oarlochsstriid fan hjoeddedei:
net bemetten.
Fuortsjen, skiklikens en ûnferskillichheid,
frij paad foar ’t marsjearen
mei deselde helmen en gewearen
– ûnbekende bern
hjirneist, hjirachter en -tsjinoer
ûnder fjoer,
besketten.
Wa hat dat socht?
Albert Schaafsma
In de Trynwâlden, nr. 134. Albert Schaafsma, Zonder geheugen is het niets gedaan, gedichten – Trynwâlden Online
Een onderduikgeschiedenis tijdens de Tweede Wereldoorlog in de Trynwâlden – Trynwâlden Online
***
ferjou my
och leave, soms
langje ik noch nei dy,
dan bekrûpt my it gefoel
of ha ik myn gelok
fersmiten
mar do easkest my
hieltyd mear op,
do holdst gjin rekken mei
myn belangen
ús relaasje waard
in finzenis
úteinlik hold ik mear
fan myn frijheid
as fan dy
Sipke de Schiffart
Sipke de Schiffart – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea7a
Besprekingen van werk van de Friese auteur Sipke de Schiffart
Sipke de Schiffart schrijft zonder rem – Leeuwarden City of Literature
***
Fryske Frijheid
Wy kinne krekt dwaan as bliuwe wy
âlde Friezen en mar wér ris hifkje wat
soks betsjut. Persoanlik seit it my gâns
minder as dat ik Daihatsu ryd, bi bin
en feganistysk yt. Leaver bin ik in bern
fan skrandere Erasmus as fan ien mei
in Pierbewiis. No’t Macchiavelli yn ús
grutmasters krûpt, blaas ik in broed
komplottinkers út en dis de djerre op.
Dêr sit gjin wurd Frysk by. Ynsjallah.
Fryslân is in dream. Ast wekker wurdst
fregest dy ôf, wie it no in nachtmerje,
in faai teken, in ferkeard boekte reis?
Of leit it as elk skaadryk ree om ús
bestimming stadich út te ljochtsjen?
Wilens hifket it tinken de djipten fan
in rommer fallende wrâld. Do mins,
smyt de stringen fan dy ôf en rop út:
Wat wit ik? Sels wat ik wit bin ik net
langer wis fan. Dêr begjint it muoisum
krewearjen fan wittenskip ta in heger
plan fan ynkear. Yntusken galmet it
útsinnich eigen gelyk. It sit dêr steech
op syn skâns, set it wisse krop wer op
en del flimet syn giftich beskrobjen.
Wa sil de nieren fan dit lân beplúzje?
Mei ús taal kinst in dûnspaleis bouwe,
in barok grêfmonumint, in stilteromte.
Sels in loftkastiel, ast it goed boetsearst,
hat syn sjarmes. Eden leit op ’e pôle, út
útrûpele greiden waakst it, as wy wolle.
Mar net foar’t der in died steld is: langer
gjin oprjochte Fries wêze mei de neilen
yn it pompeblêd, de poat ree foar in wâd
tsjin nijkommers op it hillich hiemstee.
Ommers, de hiele wrâld is ús heitelân.*
Dré Siderius
Siderius. Dré | ensafh.
* Erasmus: Quaevis terra patria

“Het schrijven zit mij ingebakken”, maar Geart Tigchelaar is toe aan iets anders – Omrop Fryslân
***
Utbrekking
we rinne troch de binnenstêd
hjir net fier fandinne
yn boartersplak fan parkje
kaam ôfrûne nacht soer nei bûten
ynhâld fan myn mage
mei lytse omwei kinne we derhinne
ik stel it foar, do fynst it goar
ynhâld fan myn mage
spoar fan swittende moshpit
mei klitten yn it hier head-
bangende bende op
bierflier
symboal foar it ferlitten
fan in tichte studearkeamer
dêr’t ik my wikenlang strang
yn opsluten ha – fêst yn in wrâld
fan ideeën dêr’tsto net samar
nei ta reizgje koest, heechút as
taharker fan in spreekbeurt
do seist: dat is goar
do bedoelst: sels dy kots fan dy
brûkst om oandacht te fêstigjen
op wer sa’n geniaal aventoer
dêr’t ik net oan meidwaan koe
we rinne troch
de binnenstêd út
Eelke Veltman
Eelke Veltman-Tresoar.nl
Eelke Veltman • deBuren
Veelbelovende ‘Receptie voor het gedicht’ in Dokkumer Stadhuis – RTV NOF Nieuws
ViaKluis
Bing Video’s
Bing Video’s
***
Op 33 toeren
I
Nei frijdom yn ’e Midsiuwen
batse Friezen op tsjin in murre.
Hja ferleare har taal te skriuwen,
dy’t oerlibbet yn jister en skurre.
II
Fryslân, útrûpele naasje!
Mei gas út earder pompeblêd
sil De Haach lang sinteklaazje,
benammen yn ’e Rânestêd.
III
Grutte Pier warskôget jim:
‘Bûter, brea en griene tsiis,
wa’t dat net sizze kin,
is gjin oprjochte Fries!’
IV
‘Friezen knibbelje allinnich foar God’
seit Gemme fan Burmania.
‘Bliuwe it jild en de prom bûten skot?’
freget ûndogensk Filips II.
V
Yn ’e tiid fan ’e Republyk
besit Frjentsjer in universiteit.
Binnen it Oranjekeninkryk
wurdt keazen foar uniformiteit.
VI
De skiednislearaar sprekt oer
‘Onze voorouder de Bataaf’,
mar hark, boppe de lapekoer
ropt ien: ‘Leaver dea as slaaf!’
VII
De literatuerlearaar jout les oer
Hooft, Huygens, Bredero, Vondel.
Ien dy’t sutelet mei in lapekoer,
hat lykwols Gysbert yn ’e handel.
VIII
Kulturele autonomy
wjerspegelet as fata morgana:
net allinnich Multatuli,
ek omke Waling Dykstra.
IX
Net langer doart de Afûk
Waling-om syn ‘Fryske taal’
op te nimmen yn it lieteboek.
Dy oade klinkt te radikaal.
X
Omke syn ‘Simmermoarn’
meie wy noch wol bletterje.
Dat liet is fleurich fan toan
mei guoskes dy’t snetterje.
XI
By muoike Rixt docht lyk blyk
dat gloed oer alles leit…
yn ús de klanken, yn ús muzyk,
om ús de ûneinichheid.
XII
De Fryske literêre wrâld
is sawol grut as lyts.
Gelokkich hast greide, wâld,
bou, dún en dyn fyts.
XIII
Tsjong, wethâlders op ’e Jouwer
hawwe sawier in takomstdream:
oeral yndustry by de fjouwer-
baansdyk lâns nei It Hearrenfean.
XIV
Arsjitekten en urbanisten
krije opdracht it lânskip te fernielen.
Hûzen wurde ferkocht oan toeristen
om doarpen te ûntsielen.
XV
Riant wonen in Friesland.
Heerlijk genieten zonder ho.
Wat? ’t Plaatselijk Belang?
Bedoelt u Jumbo en McDo?
XVI
Yn mannich stêd en gritenij
giet it Hollanners foar de wyn.
In protte Friezen leverje frij-
willich de wapens by har yn.
XVII
Mear as ien gleske op?
In flink stik yn ’e kraach?
Achter it stjoer sit Bob,
beskermingel út ’e Haach.
XVIII
Hé, lit de ymport mei rêst
en hâld op fan ouwehoeren.
Wy ha it ommers poerbêst
fergelikene mei Oeigoeren.
XIX
Wy mutte ús ferbrekke
en hast oeral yn it iepenbier
in hol blikken taal sprekke:
één, twee, drie, vier.
XX
Ja, ek elke Fries
folget it lêste nijs op tillefoan;
nee net de skries,
mar de tinbekwylp is útstoarn.
XXI
Hjoeddedei wit in Fries
alles oer klimaatferoaring,
etnise suverings en tsiis-
blokjes yn ’e oanboaring.
XXII
Cool, de vibe yn it gea:
Jerne is Jens no
en Beitske Bea.
Hja melke in firtuele ko.
XXIII
Iis smelt, mar raant
net mear yn it gea,
münne wurdt maand
en Teatske Thea.
XXIV
Al liket it heitelân
op stjerren nei dea,
ús oerjaan oan ’e fijân?
Noait! Nea!
XXV
Al binne wy sa stadichoan
in minderheid op eigen grûn,
it findel wurdt ek hjoed en moarn
achter de lapekoer trochjûn.
XXVI
Heiten en memmen, ’t is saak
de ûntfrysking op te kearen.
Sjoch it dêrom as Hillige Taak
jim bern Geef Frysk te learen.
XXVII
Feinten en fammen, stean op!
Meitsje jim boarst mar wiet
lykas Arno Brok, dy’t yn galop
de grutte einstriid oangiet.
XXVIII
Brok, ferlos ús
út apokaliptys jûntydslân
en bring ús thús
yn in federaal steatsferbân.
XXIX
Brok, brek ús frij
út wetten fan grutkaptaal
en kulturele barbarij.
Jou ús toch jo striidsinjaal.
XXX
Wa sprekt oer ynboar-
geringskontrakt? Brok?
Hjir syn biedwurd foar
alle Stânfriezen: rock!
XXXI
Fryslân – say it loud
and there’s music playing,
say it soft
and it’s almost like praying.
XXXII
Fryslân was my first love
and it will be my last.
Fryslân of the future
and Fryslân of the past.
XXXIII
Oft de wyn antwurd jout?
Dat is in rake ferûnderstelling
meidat er ús tabetrout:
‘The times they are a-changin’’.
Foppe Venema
***
Loftich
Dyn wjukken tommelje
in frijeflechtfantasij
en jeie my de gek oan:
Sjoch my ris swiereswaaien
wylsto dêr knoffelest
oer grauwe grûn
Om termyk te brekken
goai ik rym en ûnrym
nei dyn kritend wite lyfke:
Sjoch my ris dûnsjen, draaien
sweevjen, pierewaaien
pak my dan ast kinst
Skimpskoaten sjitte
mar ik roai mis;
reitsje inkeld kleare loft
Elbrich Vreeling
Portretten van leergierige schrijvers – Leeuwarden City of Literature
Me time – Ferstival
Nieuw verschenen bij de Afûk: Ate en de seeheks » Afûk
Elbrich Vreeling uit Eastermar wint gedichtenwedstrijd Friesch Dagblad: ‘De strjitten dampe triedsjefleis en reade biten út’ – Friesch Dagblad
***
har stimme
it is in grize dei
sa’n dei dy’tst dy foarstelst nei
raketten en drones
alles wat ljocht heint
stiet stiif yn it gruzelemint
sy komt fan fier
sy sjongt my ta
yn myn eigen taal dy’t faak fielde
as in gammele brêge
fan de beammen swart
achter de hege ruten fan it koar
nei de sprakeleazen
yn it skip
in swiere barte
slacht har stimme
oarloch woartelet yn skraal
en te min
leare wy mear
tongslaggen ferstean
Syds Wiersma
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea63
Syds Wiersma – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Wiersma, Syds – Frysk en Frij
***
Frijheid
It tilt hjir op fan moaie plakjes en it is sa hiel tichtby
do kinst der samar komme en om der hinne bisto frij
bosken, fiergesichten, in eilân oan it Waad
marren, monuminten of nim in kuierpaad
asto opgroeid bist yn Fryslân dan hasto inkeld lok
dus wês wat mear tefreden en meitsje dy net drok
berne hjir yn Fryslân, waakst op Fryske grûn
yn de prachtige natoer ha ik myn frijheid fûn
Yn frijheid bin ik berne, yn frijheid waard ik âld
mar dat is net fansels mei oeral oarloch op ’e wrâld
de generaasjes foar ús ha boud yn iuwen tiid
oan wolfeart en oan frede, it wie in hiele striid
wy libje hjir yn alle rêst mei yn alles ús gerak
wy ha iten, wy ha drinken, wy hawwe ûnderdak
berne hjir yn Fryslân, waakst op Fryske grûn
en foar safier ik noch net frij wie ha ik hjir myn frijheid fûn
Der is ús hiel wat oanrikt, wat ús noch mear kânsen joech
ik keas foar de muze mei inkeld frijheid foar de boech
no fol ik al myn dagen mei wurden en muzyk
it is myn eigen frije kar en myn libben is sa ryk
wy libje hjir yn weelde, hawwe sûnenssoarch en jild
wy meie sizze wat wy wolle yn rom en iepen fjild
berne hjir yn Fryslân, waakst op Fryske grûn
yn wurden en muzyk ha ik myn frijheid fûn
Wy binne allegearre minsken, ha fan itselde ferlet
der is fan alles genôch, der om fjochtsje hoecht dus net
in soad ha je net nedich, in eigen plakje docht der ta
ik lit in oar gewurde, wol elk syn rjocht ta ha
ien syn frijheid gunne makket dy ek frij
en hâld no doch ris op mei dat lêbich praat fan dy
berne yn ús Fryslân, waakst op Fryske grûn
yn it dielen en ferdraagjen ha ik myn frijheid fûn
© wurden en wize: Piter Wilkens
Piter Wilkens – Wikipedy
Muziek is de grootste passie voor Piter Wilkens: “Wat ik het liefste doe? Liedjes maken in mijn eigen taal” – Omrop Fryslân
Piter Wilkens
Wilkens, Piter – Frysk en Frij
***
Lân fan libben
It lân leit iepen,
mei fjilden dy’t sykhelje
en wetter dat syn eigen paad fynt.
De loft draacht stimmen fan fûgels,
âld en nij, in koar sûnder grinzen.
Hjir groeit it libben yn stilte en yn lûd,
yn it wurk fan hannen en yn it dreamen fan bern.
It lân fan libben is gjin plak allinnich,
mar in gefoel dat troch ús streamt,
in ûneinige beweging fan tiid en bestean.
It fee, it wyld, it gefûgelte,
allegearre libje se yn frijheid,
yn it ritme fan seizoenen en it ljocht fan de sinne.
Oant it momint komt dat de frijheid brekt,
as eagen eagen moetsje,
mei de kâlde stielen loop fan de jager syn gewear.
It lân hâldt de azem yn,
en de stilte wurdt swier,
as libben en dea yn ien tel gearfalle.
Jan Hendrik Woudstra
tresoar.nl/literatuur/biografieen/67f3c9285c652c33992db5c0
Literal translation:
Land of Life
The land lies open,
with fields that breathe
and water that finds its own path.
The air carries the voices of birds,
old and new, a chorus without boundaries.
Here life grows in silence and in sound,
in the work of hands and in the dreams of children.
The land of life is not just a place,
but a feeling that flows through us,
an infinite movement of time and existence.
The cattle, the game, the birds,
all of them live in freedom,
in the rhythm of seasons and the light of the sun.
Until the moment comes when freedom breaks,
when eyes meet eyes,
with the cold steel barrel of the hunter’s rifle.
The land holds its breath,
and the silence becomes heavy,
when life and death coincide in one count.
***
Nederpop
Ik dûnsje op gefoel
Sûnder neitinken de Quickstep
Op ’e dûnsflier fiel ik de romte
Yn ien floeiende beweging
Twist ik Freestyle
Myn eigen poëzy
It Nederlânsk en Frysk
Hân yn hân
Mei wat Koelewijn
Sygrid van ’t Zet/Letterisno
Sygrid van ‘t Zet – 1000 Dichters – De Nacht van de Poëzie on Tour – 29-09-2023 – YouTube
http://linkedin.com/in/sygrid-van-‘t-zet-11741b2b7Sygrid van ‘t Zet – 1000 Dichters – De Nacht van de Poëzie on Tour – 29-09-2023 – YouTube
http://linkedin.com/in/sygrid-van-‘t-zet-11741b2b7
***
Finzen of frij
Yn ‘e nederklits rekke,
fertutearze.
Ik sjoch him oan,
fiel my weak as in kwal.
Jou ik him jild.
Nim ik him mei nei hûs.
Keapje ik iten foar de man.
Wêr soe er sliepe.
Soe er him finzen fiele.
Of is er krekt frij?
In pear stappen fierder
binne myn gedachten
al wer ergens oars.
Carla van der Zwaag
Carla van der Zwaag – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Fryske Poëzyslam: Carla van der Zwaag – Prr Tuu
Mika-eagen