Fan ’t jier krijt Leo Popma de Rink van der Veldepriis foar syn roman It sket fan Toussaint.
De sjuery bestie út Marijke de Boer, Gerrit Breteler en Ale S. van Zandbergen. De priis – makke troch byldhouwer Anne Woudwijk – wurdt útrikt op 18 juny o.s. yn Restaurant It Polderhûs op ’e Feanhoop troch boargemaster Jan Rijpstra of de wethâlder fan kultuer Robin Hartogh Heys van de Lier.

It sket fan Toussaint is te krijen yn ’e boekhannel of rjochtstreeks by Utjouwerij Frysk en Frij.