wyn fan wylgen
skarrelt om boaten
oer rêsteleaze rivieren
meisto dûnsjend
dyn sydsprongen meitsje
as in wietreinde hûn
dy útskodzje
oant drippen
as letters
foar eagen
út ien falle

wurden foarmje

Tanja van Abbema

tanjavanabbema.nl
Tanja van Abbema – Rixt – Frysk dichterskollektyf.



***

datst de loft
grien, gers blau
it swartste swart
sêft en giel rau

datst lûden
sjochtst, kleuren
hearst, it hert
de maat slacht

dat wurden as
hongerpôlepaad
papillen kitelje

as swiete sjerp
slokterm ynglydzje
mage beflinterje

dat it snijt
ûnder dyn hûd
krûpt en datst

it hieltyd
wer op ‘e nij
en opnij

 … dat

Ypie Bakker

Ypie Bakker – Rixt – Frysk dichterskollektyf

Hoe liket it? – Goeie.FRL

***

Paden                                                       

Reizgers geande oer de paden
fan de libbenswetten frij
ûnderweis nei nije fierten
om wat west hat dêr te litten
frij fan doe en op ’e nij
foet te setten op ‘e paden.

Reizgers geane noait allinne
altyd binn’ guon ûnderweis
mei in rêchsek fol ferhalen
klinkt yn alle minsketalen
de ferwachting fan de reis
gean is noait allinne rinne.

Gean yn ’t spoar fan dy’t al gongen
’t iuwen-âlde paad foarút
mar fan stroffelstiennen witte
links de wierheid lizze litte
sljochtsje mei it wiis beslút
om te folgjen dy’t al gongen.

Meiïnoar oer âlde paden
yn it spoar de nije wei
fan inoar dy talen witte
ûnderweis nei iepen fierten
fan de libbenswetten frij
reizgers geande oer de paden.

Jelle Bangma

Jelle Bangma – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bce9b2
Jelle Bangma – Friese-literatuursite van Jelle van der Meulen
Jelle Bangma – auteur – DBNL
Bangma, Jelle – Frysk en Frij


***

Wêrom net boartsje

Ik soe oerstjoer oer oeren en oeren rinne,
raze en roppe rjocht troch de lûdsbarriêre
de taal skanseare,
as it net nedich wie om klanken sa klinke te litten
as spuibewegings, sa at sy seit.

Dat it dan oan de kultuer, de natuer,
de skiednis of just de takomst leit, wa sil it sizze.

Sille wy it misse,
as der gjin Hollanner mear mei griemt?
It besykjen wat mei ús taal te dwaan
net mear troch de Maas, de Heerengracht, de Hoge Der Aa,
mar allinnich noch troch de Smelle Ie streamt?

Frysk bloed tsjoch op, wol no ris net eamelje
mar grutsk wêze op dy boarterij.
En sels as Kurt Schwitters it mei,
wêrom dan net in Hollanner, in Grinslanner of flechtling.

Erik de Boer

www.erikdeboerart.com
https://www.youtube.com/watch?v=xuOSgknypTc=RDxuOSgknypTc=start_radio=1

***

Talen leare

in taal leare,
wat hâldt dat yn?

wurdsjes stampe
tiidwurden bûge  

en ferjit foaral
de útspraak net

mar der binne
ek oare talen

talen
sûnder wurden

de taal fan it waar
de seizoenen

de taal fan de beammen
de fûgels

de taal fan it lichem
de leafde

de taal fan ferbining
en frede

ik sprek se noch net floeiend
mar al dwaande leart men

it libben is
ien grut talepraktikum

Sietske Boonstra

Sietske Boonstra – Tekst & Vertaling

***

Lytser as trije <3 

Fryslân bop, boppe, raze mar net roppe
Stikstofkealtsje yn ’e groppe
Wy hâlde fan ús Pier, Abe en Foppe
Skoppe tsjin domme hûnekop

Skútsjesile is myn nocht
Hurd onderút. Bearenburchbocht
Sljocht, mar noait wer Alvestêdetocht
Fierljeppe, plons, noait besocht

Grutte grize fûgel, nim mei
Elke dei opnij, sûpenbrij
mei sjerp – pake en beppe wei
faak bin ik bliid mei dy    

Taaiwaar yn Tytstjerksteradiel
Tyt tyt tyt, Piet skyt yn ’t reid
Frambus ljipaaigiel
Do spilest toniel
– Sy keatst, net gek: do ek –

Smûk skaad beamtegrien
Oeral yn ’t rûn ferdwûn
Raaigers stikstof jarre
Alles giet kapot – wy litte it barre 

Heit en mem sa fier fan hûs
prate yn Hoochhollâns
tsjin har kids yn bakfyts
goed foar karriêre net foar ús

Sa sille sy it net leare
mar, it is sa as myn faam sei:
Net alles is sabeare
oranjekoeke, ien ko, twa kij 

Jins taal: oarloch, frede, leafde
Bijke, Syfke, Moarke,
wûnderoalje – Frysk
Do, wy en ik – djippe gjalp –
lytser as trije!

John Bosma


https://studioschuim.wordpress.com/

***

Talen skiede

Soe ik Frysk prate,
Dan wie ’k yn Fryslân frij,
Net ien soe opsjen,
Ik wie gewoan ien fan harsels.
Mar yn Hollân soe ’k al wêze in Fries,
En knipe die ’t noch mear om fierrens,
Dêr waard ik oars net as in frjemd.
Talen skiede, in hân dêrom foar wa’t dit lêst.

Philippus Breuker

Philippus H. Breuker – Wikipedy.

***

Lichemstaal

Mei wurden rûk ik dy leaf.

Do bist in skeetsy.
Har kopke stiet beteutere,
se hellet har noaske op,
krekt as stjonkt myn leafde.

Ik wol it wer goedmeitsje.
Flaainamkes rûke soms net sa fris,
krekt omdat dêr safolle gek op dy is.

Se leaut my net.
Se wit noch net
dat echte leafde stjonkt.

Ik hâld fan him
dy heit fan har.
Moarns betiid
druk ik myn noas tsjin syn liif.
Hy rûkt nei him,
syn minskemannegeur.

Toch wol nuver,
tsjin him sis ik pop,
mar poepy soe ek wol wat wêze.
En sa heart se it
noch in kear
oars.

Leafde giet troch de noas.

Dirkje Brouwer

Brouwer. Dirkje | ensafh

dirkjebrouwer.nl

***

Klaaifrysk

Ta taal

De teare toppen fan ’e reiden
taaste reauntsjend nei ’t onwêzentlike ljocht
en yn ’e wiere fierte winke pearelmoeren kimen.

De sluierjende, nee waaljende,
ja wieljende waadwolken
– dat slút jussys better talich oan bij wetter, toch? –
tippe oan ’t wjerspegeljend azueren skarreslyk,
mank ’t skolferich yndigo wiete skynsel.

Sisoa, meskyn noch krekt net yn te grutte wurden sein
– dankewol Kloas.

Sa´n protte syllaben dy’t je no noch noarich ha.
Fynst it goed?
Do seist hast neat.

Mear.
Dêrom, als foaren.

Underwilens – as opheldering –
even ta ’t bewende minskebrein
beslein yn tsjustre krochten fan ’e griene see-
kearing,
gearslach yn ’e Oasthoek,
desnoads in pear gewinten fierder fierderop
oan ’e drege ontagonkelike Westerdykse klaai,
oersljochte mei wonderlik, hast poarpren tulperead,
weagjende
bij rûzing
as foarsjoch op.

Lakesto dat stege wearelds sels betocht teater út?
Alles altegader goed en wol,
lit ús toch mar dat lette
gouden strykljocht opstrike
dat yn deze drege oarlochsbedeling
even, ja even,
ho!
mar nèt éven
blynslacht.

Slach ta,
bliksem.

Likegoed.

Us aller memmes taal
tutet
tatata
ta.

Goasse Brouwer

***

Ferskûle taal

Hege muorren wurde boud
om sinnen dy’t se sizze wol.
Lytse finsters fan wat wie,
mar wat se ferliest,
har taal,
har tinzen.

Traaljes falle ûnferwrikber del.
Stadichoan,
ien foar ien,
ferdwine ferhalen,
rekket har holle finzen.

Dochs klinkt bytiden,
fan fier ferskûle,
in liet fan lang ferlyn.
De klanken kitelje har tinken,
har stimme siket nei de toan.

O, lit it liet de taal ûntslute,
de wurden út har bernetiid.
Werkent se de wize?
Oer fûgels … striekes …
Se slacht de mjitte mei triljende hân.

Dat it kin,
dat âlde sankjes,
‘Ik wit it net,’ seit se,
mar súntsjes:
‘Dan is de maitiid, maitiid yn it lân.’

Klaske Dankert

***

Taal dy’t sjongt en dûnset

Myn memmetaal fielt fertroud
sa gau’t ik de wurden hear
dêr’t ik de klanken al fan begriep
doe’t ik noch in lytse poppe wie
De taal
dêr’t ik yn jubele, raasd en lake ha
Wylst ik de Fryske wurden yn in podcast hear
is it krekt as sitte se hjir oan ’e tafel
sa tichteby en werkenber
as lei ik op myn luchtbedsje, klearwekker
azemje ik elke sin troch it tinne tintedoek mei
de gesellichheid fan ’e grutte minsken
op it sâlte, sûne eilân, sa ticht by hûs
stoarm fan wyn en wurden, widzje my stadich yn ’e sliep
It is as yn ’t Japansk
byld, foarm, klank en betsjutting
komme gear yn ien wurd
dêr’t nostalgy mei de letters ferraand is
myn eagen ticht
mem har sêfte stim, pake syn wurdgrapke
Myn memmetaal
taal fan it hert
dy’t sjongt en trillet
ritmysk dûnset oer myn tonge
as in Frânsk chanson
taal fan myn dreamen
fan stimmen yn ’e holle
It liket Ingels
tsiis-cheese
dream-dream
Thús stiet de tiid stil
de waarmte
Myn memmetaal
sprekt leafde
sjongt en dûnset
ûneinich yn myn hert

Inge Feenstra

***

In Twalûk fan Edwin de Groot:

Edwin de Groot | Meander magazine

***

fielst it

yn dat skolperjen
fan weach tsjin skou
as rjimmen oerflak ploeikje
yn iere moarnsdau

yn kloften guozzen
har helder gakjen tsjin
skiere hjerstjûnsloften

yn dat reauntsjen
fan readkoperglâns-
reid tsjin reid
sleatskant bylâns

en yn dat siizjen fan izers oer iis
mei lange halen oer Wide Ie

fynst it

mids de ronfels fan
in antlit ferware boppe koweblom-
skelkenskoat

en yn in toskleas bekje
tusken preuveljen en
bûltsjeblaas

fynst it… fielst it
hearst it

sa as fan in lûd
it himpen brekken
en fan in wurd
dat suver sjongen

dy taal

Anne Heegstra

Anne Heegstra – Rixt – Frysk dichterskollektyf.

***

net te temjen

folslein oanein troch hege floed    
fynt har geast rêst op sacht moas 
in aloan moatten fan achterhelle waansin
makket oerbelêstige en murf

ûntwoartele fan lichem, streek en taal
taast se kwetsber en ûnwis
nei ferlerne wurden  

yn soberens foarút betteret se op
folget fertrout it paad
fan har natuerlik wêzen
har frij wûn ynsjoch en wil 

it wantij fan ûnkunde en begrinzging keart
dûnset se harsels de frijheid yn

happy van der heide

www.hip-happy.nl

***

bûten
skraabje reeën steëen
bleat
yn ’e snie
foar in bekfol fretten

it folle libben is ús net allegearre gund
skrikeaget it keal nei syn mem
doe’t er it oerjaan moast
tsjin in ridel dichters
moassige moerasdrinkers
glysterjend op oarlochspaad

it feminine teken yn ’e eagen

ik hear dêr ek by
tocht de amateurdichter dy’t de noppen
fan syn fuotbalskuon
kreas om de nekke bûn
pynlik tsjin syn
tatûearre liif bonken fielde

Tsjisse Hettema

tsjisse hettema | thús
Tsjisse Hettema – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Tsjisse Hettema – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea2c
Hettema, Tsjisse – Frysk en Frij



***

taal fan seelûden

de wyn flústeret my
wurden fan ferealens yn
en widzet muzyk op
rôljende weagen oer myn
wachtsjende teannen
nimt my mei nei in strân
fol leafdeslûden
oant de stoarm oanboazet  
in oare toan oannimt dy’t my
yn ’e holle delslacht en alle sizzen
yn ’e brâning ferdrinke lit
ik net langer de taal fan
oantinken ferstean

ytsje hettinga

Ytsje Hettinga – Wikipedy
Ytsje Hettinga uit Koudum: “Schrijver is zo’n groot woord, het voelt anders” – Groot Fryslan
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea2e



***

Kollumers

Niet thús

Asto seist: ‘Niet bang weze’, durf ik niet meer.
Dat komt niet deur dij.
Pas toen ik…

We kinne niet terug.
We prate noch altyd yn deselde taal,
maar we kinne niet terug.
Ok niet een stukje fan mij.
Pas toen ik…

Do sloegst dyn arm om mij hinne
maar et holp niet.
Tot ik lústerde.
Naar har.

Ik had har dèr laten.
Et was yngewikkeld:
alles wat sij wú
was hier niet.

Dus liet ik har dèr.
Ik ging fut.
Allinnich.
Se probeerde mèt te gaan.
Bleef een bietsje op afstand
Boos. Verdrietig.
Ik had har achterlaten.

Wat kon se doen,
behalve hard gúle.
Raze:
’Ik voel me hier frimd,
et is niet thús,
ik hoor hier niet!’

Et hielp niet.
We konden nou één keer niet terug.
En hier was et ok moai toch,
met lieve ménsen en mooglikheden…

Tot se dichterby kwam en ik lústerde.
‘Ik mis de perenboom’, sei se sacht.
‘Kom mar meiske’, sei ik, ‘niet bang weze’.

Jelly Hogendorp

Jelly Hogendorp




***

Beppes yn Babylon

Dylan seit dat myn taal stom is.
‘Wat moatte jimme mei dy taal. 
Wêrom prate jimme net normaal?’

‘Ik wit it net.’
‘Hâld der dan mei op!’
Ik helje myn skouders op, ‘Okee’,
en hâld op mei myn taal.

Ynienen is it stil en leech.
Gedachten sûnder wurden.
De siden yn myn boeken wyt.
Us mem praat sûnder lûd.
Ik dream plaatsjes sûnder tekst.

Dat ferdúts ik Dylan de oare deis.
‘Ik sei dochs: wêrom prate jimme net normaal?!’ ropt hy.
Ik knik. 
Knikken is yn elke taal itselde.

De oare dei wurd ik wekker mei in oare taal.
Dy normale taal.
Ik kin wer prate, tinke, lêze en ferstean.

Wat bin ik bliid!
Allinnich as ik lilk bin praat ik
per ûngelok
myn eigen taal

Mar,
nei in skoftsje fernim ik dat ik alles wol hear,
mar neat echt begryp.
Dat ik alles sizze kin,
mar noait sa hiel presys.
Wurden hawwe in oar gewicht en guon binne wat ûnwis.
Myn beppes wenje ynienen yn Babylon.
Yn in oare taal bin ik net deselde.

No wenje ik wer yn myn eigen taal.

Foar Dylan bestean ik net mear.

Tialda Hoogeveen

www.tialdahoogeveen.nl  

***

It briefke

mem joech my
in briefke mei wurden
fan ús pake, har heit

se sei: dizze wurden
hear ik net langer om my hinne
miskien kinsto der wat mei?

ik pakte it en beseach
mem har lichte hânskrift

en tocht: in gedicht
is my fierstente stil om taal
yn te bewarjen

dat út en troch
krij ik it briefke derby,
tear it iepen en lês lûdop,
efterstebek, werom yn de tiid

Arjan Hut

Dichter fan Fryslân » Arjan Hut
Arjan Hut – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea43

***

taal is

kabaal
wat in ferhaal
net normaal
sa’n moaie taal

taal is
fataal wartaal
misbegryp en
praat fan neat

taal lêze skriuwe prate
roppe raze balte
lit sjen lit hearre
sprek dy út

taal is macht,
is kennis kunde
tûk tinke tinkst
taal is frjemd eigen

taal is keunst magy
mei en sûnder wurden
laitsje gûle
flústerje lústerje lilk en leaf

taal tsjoene mei wurden
sprektaal skriuwtaal
byldtaal
stille wille

Janna de Jong




***

Taal fan myn hert

De wurden fyn ik net,
se sitte yn myn hert.
Se komme net nei bûten ta,
ik kin der net goed by.

Ik sjoch benaud omheech,
it fielt sa swier, sa dreech.
Hoe kin ik my dochs uterje,
gewoan mei myn gefoel?

Ik kom net fierder mei
wat ik oan wurden sei.
Ik nim de tiid en lit it gean,
dy stream fan enerzjy.

Ik núnderje in liet,
de klank, dy’t yn my siet
komt stadichoan nei bûten ta.
fanút myn djipste sels.

In klank, in lûd, in wurd,
earst lyts, mar dan ek grut.
Ik lit it streame as in dream
sa wurde klanken taal.

De taal fan Heit en Mem,
ik hear wer harren stim…
De wurden fine no har plak,
’t giet suver as fansels.

Grytsje Kingma

www.grytsjekingma.nl
Samenvatting van de presentatie van de cd ‘Sjong in nij liet’, door Grytsje Kingma
Gjin tsjuster sa tsjuster, by Noardewyn
Ea sjoch ’k jim wer


***

Earne hjir

Earne hjir haw ik
Wjukwylde wurden foar fûgels
Dûkeltsjedraaiers
Sweefswalkers
Wyndûnsers
Smeltswiete wurden foar myn leafdes
Hertefjoerkes
Leaveleafstelingen
Sielestrielers
Gleongleie wurden foar rûkersguod
Fearrefachtwurden foar myn fielen
Leaflangjende wurden foar it langstme
Ferealdreame kin ik
My wuolje yn trieddetinne tekkens fan tinzen
Lidwurdlaitsje, dangelwurddûnsje
Smûksprekke, passyprate

Mar de wrâld wekkert my rûch
Sprekt myn ferkeardferstean
Wurden dy’t tekoart sjitte
Dêr’t gewearen tefolle

Gjin sielestrielers
Gjin wyndûnsers
Gjin ynlibjen foar oerlibjen
Gûlendelûden fan lûdgegûl
Ferlinefertriet, takomstterreur

Weromwuolje wol ik
Earne hjir
De tekken fan tinkeltinzen yn
Dêr’t fielfertellers de rûchrazers stilstelle
Fröbelfantasij de stikkene siel heilhielt
Dûkeltsjedraaiers dûkelje, leaveleafstelingen leavje

Dêr

Sylke Kingma

Diele fan it Waad – Leeuwarden City of Literature


***

oare taal

jimmes is de taal
fan de mychammel
it tsieren fan hûnderten syskes
heech yn ´e toppen, it krassen
fan krieën en raven

jimmes is beheind
ken gjin grinzen
kriget mei de godlike talen
brekt jin de bek iepen, steigert
en skopt, rekket en krinkt

mar at jim taal ferdwynt
yn ’e nacht en yn dit lân
fan sodzen en rinsân
himel en ierde elkoar reitsje
de opgeande moanne
har ljocht struit oer tsjustere paden
dan komme wy
slaan ús taal yn ’e stringen
bringt wat ús driuwt yn beweging
drave wy it moarnsrea temjitte

Jan Kooistra

Jan Kooistra (1959) – Wikipedy
Jan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025 – Europeesk buro foar lytse talen
Jan Kooistra – 1000 Dichters – De Nacht van de Poëzie on Tour – 30-09-2023
https://www.youtube.com/watch?v=pugPXQnvrp4



***

ôfsniene woartels

ûntkymt út fernederlânste âlden
yn it Fiere ‘Hege’ Brabân
bin ik twadde generaasje Fries om utens
by de woartels om ôfsnien

gjin Frysk of sels mar Ljouwerters
gjin Brabants noch gjin Drents
bin ik oeral bûten,
nearne yn ’e grûn

sels net op de lytse mominten
sa as by de blommeman
as myn mem in Fries werkent
en yn it Frysk wat blommen keapet
stean ik der ferdrûge by

pake en beppe ferlearen har bern
pa en moeke ferloaren hun thuus
maar ik… ik verloor mijn bron
mijn aarde om te groeien

oant do!
do dy’t my earst yn it wetter sette,
stekte yn in potsje
en mei my plante yn dyn tún
siedsjes foar it Frysk

al acht jier werom op ’e Klaai
dêr’t ik wurdsje foar wurdsje
myn woartels werom fyn
en no einlings
einlings bloeie kin

Lara Kool

Lara Kool – Rixt – Frisian poets pack

***

Sterker as it swurd

fersnij it wurd leafde en
dea sil der út fuortspringe 

ferweesd bliuwe tekens efter  

fandelje l, f, e en kear 
letters om yn aed  

staverje dan lef, fel, elf  
en blaas it dyn azem yn  

rêd de s noch út it swurd  
en sjoch: in wurd bliuwt oer  

fyn dêr in sprankje leafde foar  
en fitaal sille spraken libje as  

wie it nij sa de wille yn dit fers

Remco Kuiper

tresoar.nl/literatuur/biografieen/67e29ca2b28a5268a97e8879r 
Tresoar – Inspiratie in de Skriuwersarke

***

Eigen

Klisjee fan ‘de brijleppel’ mar ik
ferstoppe it Frysk fluch
fan beuker oant folwoeksene, ferbline troch sjêne
of eins tocht ik simpelwei nea
oan myn woartels

Lyts stimke ûnder it behang
sis mar neat, bist oars

Pesterij op de Frânse camping
it beruchte ‘Waar kom jij weg?’
de eks dy’t de gek hie mei
myn ‘s’ yn sokken 

Stimke ûnder it behang
wês mar stil, bist oars!

Alve alve twaentweintich:
kofje, prate, skriuwe
literatuer, poëzy, flammen
alle barrikaden, ferbrând

Jannewaris trijentweintich:
de weropstanning
de Diva yn de Gouden Liuw
earste Fryske streek fan ’e pinne
gelyk fyftich taharkers

Sprek, do hast in ferhaal!

Do en ik
wy hiene ús eigen taal
it wie lykas himelaaie
nimmen dy’t ús begrypt

Hert fan wurden
lichem fan silikoanen
fleksibel en kûgelfrij

Fertel myn ferhaal no – yn elke taal
taal is alles, alles is taal
taal makket gjin kar

Sprek, ek do hast in ferhaal!

Boppe alles: taal bliuwt altyd

EIGEN. 

Marije de Lange

Marije de Lange – Tresoar
Marije de Lange – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Marije de Lange – 1000 Dichters – De Nacht van de Poëzie on Tour – 29-09-2023




***

Bolserters


Taalrestanten

In Bolsert hasto bedocht ju
Harré dat is goeie en ik
hoar it dy weer sêgen

Ut waar noch efkes
krekt as doe
op Bolletongersdei

Daansjend op ut plein
oanze speulende stemmen
as skakels ferbonden

Mar dyn woarden strukele
en fergrieme betekenissen
knakke ut dyn herinnerings weg

De eensame restanten
fan dyn taaltjse doadgaand
tussen ouwe lippen

Rein de Lange

Lange. Rein de | ensafh



***

Fanaf de klei
– Bericht aan Aggie van der Klei fan ’t noardelik Wad

Alles wat blyft, ferandert
omdat ik myn tekens in jou skriif
myn taal bou op dy fan jou
woarden skep út klei
fan oans allemaal
dat wat ferandert, blyft.

Un weefwerk fan eeuwen
insteke, omslaan en wat nyt past
deurhale, sachtjes late gaan
woarden út water, lucht en klei 
un streepke rôze hoarizon 
ik dink ineens: fan jou foar mij 
streepkes in ’e groate rúmte 
dat is hoe’t wij bestaan. 

Of gewoan:
Jou waren hier
Ik bin hier
Wij binne hier.                                                                                                                                        

Alied van der Meer

De Tekstwinkel
Alied van der Meer | Brief aan de Koning | Het voordeel van het nadeel
Alied van der Meer is een half jaar stadsdichter van Deventer: ‘Ik kan met die pet op vrijer bewegen’ | Deventer | De Stentor.nl.



***

Hilligens

Ik bin gjin hillige
It hillige leit bûten myn macht
Hilligens is wer’sto bist

Kinst ús wrâld as dyn bûse
Snapst emoasjes
Brûkst wurden dy’t ik wol begryp
Mar krekt net by komme kin
Fangst my op mei witten

Fynst it paad nei sykjen
Ek al is it kâld en tsjuster
Tusken wyt en swart
Is gjin griis, mar
Dyn hilligens

Christa Niklewicz

tresoar.nl/literatuur/biografieen/6801f8d1de084dab72448774
Sipelskilen



***

grip

yn alle bochten fan it labyrint 
is gjin wurd dat ljocht jout
elke taast wurdt net beleanne
de echo kin gjin klank ferneare
myn twongen tonge út ’e mûle
priuwt inkeld in fersin, gjin rook
te fangen yn ‘e longerjende noas
ik hein taal noch teken

ik bin stil en wachtsje op bewiis 
fan kleur, waarmte en fan wiette
om myn bolster te ferliezen
de earste kreak yn myn hurde húl
jout grif in kier om út te brekken
weagen fan wurden te winnen
lûden te priuwen, wille te hifkjen 
om te dûnsjen op it ljocht fan de nije taal

Froukje Reitsema

***

Frysk 

Dyn twalûd yn ‘leafde’
liedt salang nei
oant lij wetter
my út ’e earen siicht

Jannie Roodhof

Rixt – Frysk dichterskollektyf – Frysk dichterskollektyf

***

Greidhoeks

Alfabet fan it lichem

samar kinst op in dei
de measte wurden kwytreitsje
as dat my oerkomt
en ik der frjemd yn ompraat
wa bin ik noch foar dy

wolsto dan it alfabet
fan myn lichem leare
yn tekens dy’t bewege
as myn earms dy roppe
ûnbegryp yn myn eagen ljochtet

ast my wachtsje litst
earst dyn eigen dingen dochst
ik dy de rêch takear
en in stoel omsmyt

gean dan nei bûten en
sykje in oankrûpwurd foar my

Marije Roorda

Marije Roorda – Rixt – Frysk dichterskollektyf



***

Dongeradeelsters

Klaaikluten

Hij nukte yninoar
de Babelske toer
gjin reden langer
te bliuwen
bij dy krûmpraters

nei dreech sykjen
hawwe se it fûn
ús foarâlden
in eigen plak
oan it slinkewaad

se smieten hichten op
sloegen inoar
út en troch
neffens harren aard
de harsens yn

wrede seewyn
twong
ta lûd praat
mar de taal
joech mienskip

it Klaaifrysk
fan ՚e Dongeradelen
sit ek bij mij
oant de boom
yn it hert

Anders M. Rozendal

Anders Rozendal – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bceab1
Bespreking van werk van Anders M. Rozendal, bij uitgeverij de KFFB


***

Sykje nei wurden

Wurden sûnder kop of sturt bongelje yn ’e romte,
sykje hâldfêst, sykje om in ferlechje
om earne hingjen te bliuwen, angeljend nei gearhing.
Wurd siket wurd om tegearre in sin te meitsjen,
om betsjutting te jaan oan it libben,
útwaakse te kinnen ta in stammerjend gedicht,
in spannend ferhaal, in swietlûdich liet,
in alarmearjend stik yn ’e krante, in hakkeljende rap,
in oertsjûgjend spoken word fan ’e preekstoel,
in ôfwaaid praatsje, in akelich geroft.

Myn wurd tsjin dines, de mûle snuorje,
in woke word om de wierheid út ’e wei te gean,
wreed út in byntliif weiskuorre.
It frije wurd yn ’e kym smoard.

Of siede yn fruchtbere grûn foar alle wurden,
om dêr te ûntkymjen
en fuort te fleanen op sweltsjes’ wjukken,
sykjend nei gastfrije romtes yn ferljochte hollen
om yn nije betsjuttingen oer begripende lippen
de wrâld yn te slûpen.

Albert Schaafsma



***

lof fan triennen

doe’t it âldminske
myn ferhaal
in leafde sûnder ein
foarlies yn it paviljoen,
hie ik it sicht op
in jonge frou

se wie yn it swart,
in brede, griene hierbân
joech har wat
artistyks

yn it begjin harke se mei in glimke
nei de frêle, âlde frou

dêrnei earnstich

oan de ein fan it ferhaal
hold se it net drûch,
se fage mei beide hannen
de triennen
fan har wangen

sa wat moais hie ik as skriuwer
noait earder meimakke

myn hert dûnse,
in geloksgefoel streamde
troch my hinne, dat te ferlykjen wie
mei wat ik lang lyn fielde
doe’t ik as bokser
foar it earst in tsjinstanner
knock-out sloech 

Sipke de Schiffart

Sipke de Schiffart – Wikipedy
tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea7a
Besprekingen van werk van de Friese auteur Sipke de Schiffart
Sipke de Schiffart schrijft zonder rem – Leeuwarden City of Literature

***

wa?

is der ien dy’t it gedicht lêst
yn de lytse taal ek noch?
 wa maalt derom?
it sil dy mar oerkomme
rinst op ’e dyk
der falt dy in gedachte yn
de wurden gripe
en grypst werom
as hong it libben der fanôf
falt it steil achteroer
rekket it út ’e tiid
nei’t it fike en ferealje liet
sûnt leist in wale oer dyn wiere aard
behalve ast om wurden sikest
dan dochst autopsje
op it lyk

Dré Siderius

Siderius. Dré | ensafh.

***

tin  

fergielt papier skimeret 
as rikke fiskehûd oeral
troch evenredige wurd
rigels skeane kapitalen

as oerkommelingen let
yn nachtlike oeren dyn

wrakseling mei pixels
op gradaasjes wytgriis

sjochst tiidrek oergean
ferdwinen streekrjocht

bylâns ferlitten fingers

einen 

Bauke Terpstra

Bauke Terpstra – b.A.ukE



***

Moedertaal

ik dreamde fan in kwelderboer
mei driuwpôlen as fingers
syn faam, redens om ’e nekke
hold it izer tsjin myn hert
is frysk wol jo memmetaal?

ik fertelde fan myn bernetiid
makke fan ús stedspark in pleats
ik tute mei in boeresoan
tusken waarme koweliven

praatst te geef, rôp de faam
de kwelderboer krige my beet
spuide seadden yn myn kiel
ik koarre gooischke r’en út
de faam kleaude myn tonge       

út de spjalt woeks in pompeblêd  

Myrte Marije Veenbaas

https://afuk.frl/wa-winne-de-gjalp/ 
Myrte Veenbaas – 1000 Dichters – De Nacht van de Poëzie on Tour – 25-09-2023
Myrte Marije | ensafh 

               

***

Súdhoekster almenak

1. Simmerlok
Op it program yn ’e Tour de Frise
stiet hjoed de tiidrit Sleat-Starum
oer Wikel, Sondel, Nijemardum,
Aldemardum, Murns en Laaksum.

‘It is slim simmer’ ropt op ’e berm
by it Wikeler Hop Tsjêbbe Hettinga.
Ja oké, mar ik sol earst as de bliksem
nei Suderseepearel Starum ta.

2. Hjerstlok neffens Li Po:
Wêrom ik op ’e griene berch hûzje?
Glimkjend swij ik mei it hert yn rêst.
As wer blêden falle en beken brûzje,
is gjin minsk my mear ta lêst.

3. Winterlok
‘Bonken op ’e ierde, noch’
hearst yn it dampich búthús no.
’t Is diskear fannijs Tsjêbbe
syn stimme en net dy fan Li Po.

Le Grand Meaulnes jout langst, al
sit it smûk mei heitehynder binnen,
nei in wrâld dy’t dúdlik súdliker leit
as de rij besnijde Ardinnen.

4. Maitiidslok  
Yn it Maigrethotel praat de hospita
oer har eftertún, stil oan it dreamen
tusken wyt pleistere balstienmurren.
Hja besiket de floara te beneamen.

Wurden binne soms lang ûnderweis:
‘Perces-neige, pensées, primevères…’
Krookjes en koweblomkes hâlde hoek
en jawis, oui bien sûr, bloeie dêr.

Wylst it petear as in berchbeek
meänderet lâns sa mannich blom
driuwe myn tinzen ûnwjersteanber
nei it bútlân by de Tsjûkemar werom. 

Winterdeis wurdt der riden,
simmerdeis wurdt der haaid,
hjerstdeis is it lân ûnderstrûpt,
maitiids mei dotterblommen besaaid.

Foppe Venema

tresoar.nl/Foppe Venema
Venema, Foppe – Frysk en Frij

***

Súdwesthoeks

Nei swemles

Har rich widzet
myn holle en liif bij   
it trapjen

Linnen núnderet
sacht lâns futten op
steuntsjes

De hannen dy’t
doe stjoerden, flústerje
mij no

De taal fan de skulleslach yn
om my te hoedzjen foar it gewaaks
fan weagen en wyn

Elbrich Vreeling

Portretten van leergierige schrijvers – Leeuwarden City of Literature
Me time – Ferstival

***

merke fan langstme

om’t ik op dy tarûn bin
kitele troch dyn lûd, tongslach fan wêzen
antwurde ik wurdleas – op dyn resitatyf
doarde ik neist dy te stean by de bots weinen
mei it lûd fan ‘I Was Made For Loving You’
draafdest nei in reade en ik nei in pearsen
mei learen jaske jagest troch de bocht
krych ik fan dy de klap fan foar
ynkassearre sûnder wurden
seach as klongel mei in kanielstôk
‘I Was Made For Loving You’

by de gripers
dy’tsto dyn spegelbril op
draaidest dy om nei my
rûktest nei kaugom
myn kaam yn dyn glês
wachtsjend op in aria
‘dy klap hiest fertsjinne!’

bytsje by bytsje ferdieste
mar ik waard ‘Paul’
fan de Fryske ‘Kiss’ coverband

Jetze de Vries

Jetze de Vries – Rixt – Frysk dichterskollektyf
Bondelpresintaasje Jetze de Vries – Leeuwarden City of Literature
BoskLab – Jetze de Vries – Gedichten voor Bosklab – Arcadia



***

each fan ’e nuddel

ik borduer de wolken
beammen, sinne, it hiem, it hûs 
stistadichoan komt alles werom
ik helje de kasten leech
stean yn de ea fulde keamer
helje heit út de tún
mem út de keuken
set har deastil yn ’e stoel en
begjin te praten yn de taal
dêr’t wy inoar nea yn ferstienen –
memmetaal út it heitelân

frjemd ferdwaald yn eigen wêzen
libben wy de dagen byinoar del
yn it hûs dêr’t
de buorren de buorren
de wei de wei
tiid de tiid

ik in oar wurden bin

Matty de Vries

Home – Matty de Vries
Matty – Matty de Vries
Matty de Vries: “Eenheid en schoonheid zijn precies de dingen die ik belangrijk vind in het leven” – Kerk in Stad
Matty de Vries, Kunst – de brug naar mijn leven – luxe editie | Philip Elchers



mom

de maskers wurde wei
ien foar ien yn ’e
trachter fan ’e tiid
as útkotst útskot
wat bliuwt is spoarepoëzij
ik ha dy leaf, myn alderleafste
mear as my leaf is 

de maskers verdwijnen
een voor een in de
trechter van de tijd
personae non gratae
wat blijft is sporenpoëzie
ik heb je lief, mijn liefste
meer dan me lief is 

the masks disappear
one by one in the
gateway of time
scum of the earth
what’s left are
short tracks of poetry
i love you my dearest
more than you hold dear

Griet Westra

https://www.gabriellewestra.com/paintings-1?lightbox=dataItem-ius3njko: dit skilderij is de ynspiraasjeboarne
Griet Westra – Rixt – Frysk dichterskollektyf

***

huihui! ropt de taal

it is noait klear, ik moat noch hiel wat fine:
mear wurden dy’t de wrâld fan ’t each ferbine
mei dy fan ’t oare each, in wurd as fear
sêft dûnsjend op ’e wyn, in wjok, in kear

tinkst dat sa’n fers himsels hast skriuwe kin?
fan dichtsjen is ’t datst wachtsjen learst,
oars stûket it en fynt it krêft te min,
dat ja, asto dyn geast omploegest earst

soms kom ik by in taal dy’t mear oantsjut –
in âld begryp, de grûntoan fan in wurd –
en kin in klank my ta myn stimme bringe,
sa’t op hui hui! it fee draaft nei de finne

nim bygelyks it tritske: weach, wei, wein –
in fleach troch ’t reid, ’k bin wach, ferweech, ûntweitsje
en de frekwinsje fan itjinge sein,
dy rôlet troch om ’t skerpe ear te reitsjen

sa fier ik eltse dei myn eigen taal,
net om it eigene, om it ûnthaal
fan ’t witten dat ik inkeld lûd jaan kin
mei wurd en sin dêr’t ik in bern fan bin

Syds Wiersma

tresoar.nl/literatuur/biografieen/64133b667611185f13bcea63
Syds Wiersma – Rixt – Frysk dichterskollektyf

Wiersma, Syds – Frysk en Frij

***

 

***

Nije Taalballade    

Ja, wier it is in wûnder dat wy ús taal noch ha
wy snije der bot ûnder en it falt net mear sa ta
de kwaliteit draaft efterút, oare krêften binn’ te grut
as ik sa om my hinne hear, giet dat wol tige hurd
de spraak dy’t ús ferbynt, it giet my oan it hert 
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert 

Der wurdt hyltyd briker Frysk praat, nim it wurd: ‘Iederien’
‘hurd’ wurdt ‘snel’, ‘tûk’ wurdt ‘slim’ en ‘daalk’ wurdt ‘sa metien’
‘betinke’ wurdt ‘fersinne’ en ‘fersinne’ wurdt ‘fergist’
en as ik der wat fan sis fynsto my in sjauvinist
mar mei dyn ûnferskilligens rêde wy it net 
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert

Refrein:
It Frysk rint nei de ein, hoe faak is dat net sein
mar it is ús allikefolle, no, oan my hat it net lein

Friezen prate Frysk, mar hjoeddedei prate guon ‘Friejus’ 
‘stân’ wurdt ‘stand’, ‘lâns’ wurdt ‘langs’ en fan ‘wiis’ meitsje sy ‘wiejus’
ús rike taal ferearmet, it wurdt in Hollâns dialekt  
wy wolle der net genôch foar dwaan en dat is wat my stekt
der wurdt hyltyd mear brijke en oars wol ‘Goois ge-ejt’
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert

As der ien fan ús gjin Frysk praat, mar it wol ferstiet
dourret it net sa lang foar’t alles yn it Hollâns giet
wy ferbrekke ús mar al te graach, wylst it net nedich is
en do fynst my mar wat lestich as ik der wat fan sis
wat hast der foar oer, hoe fier bisto beret? 
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert

It Frysk rint nei de ein, hoe faak is dat net sein
mar it sil myn tiid wol duorje en oan my hat it net lein

Hasto in aardich plan om mei ús taal ris wat te dwaan?
dan binne der ynstânsjes om dy rie te jaan 
mar sy binne sa fersplintere en wurkje amper gear
en troch alle burokrasy hasto al gau de moed net mear
wy sille it sels dwaan moatte, in oar dy docht it net
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert

Hoefolle Frysk ha wy op skoalle hân, sis mar rêstich: neat
de tryste slotsom is, wy ha ús eigen taal nea leard
Der binne wol ris plannen en der wurdt in hiel soad praat
der is wol ris in aksje, mar wêr hat it ta laat?
ja, ek troch de polityk wurde gjin grutte stappen set
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert

It Frysk rint nei de ein, hoe faak is dat net sein
mar de wrâld dy draait wol troch en oan my hat it net lein  

Ja, wier it is in wûnder dat wy ús taal noch ha
wy snije der bot ûnder, it falt net mear sa ta
troch ús eigen sleauwens, ha wy de slach ferlern
wy litte it fersloere en prate Hollâns mei de bern
fan in lytse taal hat ommers nimmen eins ferlet 
dit is net in taal dy’t feroaret, dit is in taal dy’t stjert

It Frysk rint nei de ein, hoe faak is dat net sein 
ik lis der net mear wekker fan, oan my hat it net lein

It Frysk rint nei de ein, ik ha myn sechje sein

It Frysk giet nei de bliksem, mar oan my hat it net lein

Wurden en wize: Piter Wilkens

Piter Wilkens                                            

                              

***                

Morsige man

Dah dit dit dit dah dah.
Dah dit dah dah dah dah.

‘Hij staat daar maar te zenden’,
knypeaget de rymeljende taaltoerist.
‘Maar van de morsige man
komt geen enkele boodschap an.’

Meneuveljend, rourânich,
yn it ljocht fan ’e fjoertoer,
fingers oer de baltsjes 
op ’e bline muorre.
Alle dagen wer:
brochjes as Rorschachtest,
aaigiel drip drip drip
op syn grize joggingbroek.

Wat ha se sein, is dit it sein?
Reade flaggen, wite flaggen.
Hy taalt net nei de glimkes,
of reekplommen út ’e fierte.
Dizze dei, de perfekte 
rekkensom, roman,
in falske toetseboerdsymfony.
Oerweldige troch lilke emotikons.

Koe hy himsels mar echt útdrukke, 
lykas it swiere sjekje
dat bongelet en sêft trillet
yn syn snorrige mûlshoeke.

Dah dah dit dit dah dah dit.
Dit dah dit dah dah dah dah
.

Marten Winters

www.martenwinters.nl.

***

Taal fan bûter

Mei ik dy wat freegje?
Kinst noch sprekke fan frije bûter
Of hat Poetin troch te spyljen mei gas
De bûterberch ferdampe litten ta…
Wêr is dy Boeren Burger Partij
Binne se sels ferstrikt rekke
Yn it web fan stikstofregels
Lit ús weromgean nei earlike
Ruilhannel
Te begjinnen mei bûter, tsiis en aaien
Jaa, kom, lit ús mei syn allen
Sykje nei dy frou of man
Dy’t ús werom bringt
Nei bûter, brea en griene tsiis

Jan Hendrik Woudstra

***

Bolserters

Thúústaal

in disse taal foël ik my thúús
ik hou fan alle woarden
ik leef derin, ik woan derin
bin wiis met elke sin

in disse taal foël ik my thúús
bij alles wat ik sêch
ik dink derin, ik droom derin
ik kom der goed met wêch  

in disse taal foël ik my thúús
ik kom der op ferhaal 
ik sing derin, ik juich derin
ut is un warm onthaal

in disse taal foël ik my thúús
de taal dy’t ik bemin
en as ut even noadich is
dan swiich ik der sels in

Ronald Wijnia

www.taaltriggert.nl

Met dank an Dicky Bosma-Faber

***

Yntegraasje

Myn taalregels rinne geregeld trochinoar hinne
Soest it stroffelje neame kinne
It Nederlânsk giet oer yn it Frysk
It Frysk giet oer yn it Nederlânsk
En soms brûk ik beide tagelyk
Guon neame dat fout
Ik neam it yntegraasje
Se meitsje my ta ien gehiel

It moat fan beide kanten komme
Met wie heb ik het genoegen kennis te maken?
Harkje, fertelle en begripe, de wurden sykje en fine
Folje ik tefolle yn, dan is de oar fuort
Dan steane wy foarinoar oer
En as dat gebeurt sûnder dat ik der erch yn ha
dan wol ik dêr by stilstean
mar dan moatsto der net foar weirinne

It leafst hâld ik my oan ’e regels
mar ik krij it net altyd op in rychje
Meist my ferbetterje
mar ik ha leaver datst mei boartest
Dat we loslitte en iepen stean sadat wy
mei-inoar ûntdekke kinne wat der te rêden is
Lit ús dêrtusken bewege
Ik vraag je ten dans, ik krij dyn hân

Aangenaam


Sygrid van ’t Zet

Sygrid van ‘t Zet – 1000 Dichters – De Nacht van de Poëzie on Tour – 29-09-2023 – YouTube

http://linkedin.com/in/sygrid-van-‘t-zet-11741b2b7



***

Wurden

Dyn wurden rekken my mei iispegels
Myn wurden ferkrommelen yn ’e mûle.
Trochslokt ferwurden se ta klompe 
as wie it in ûlebal.
Utspuie wie my net mooglik
It fertarren duorre jierren.

No misbrûk ik wurden 
om te sizzen
wat ik net sizze wol.

Carla van der Zwaag

Carla van der Zwaag – Rixt – Frysk dichterskollektyf

***

Krûp

Nei in tiid fan ôfstân krûpst my oan
Mei de jierren hieltyd tichterby

It fielt fertroud
Ik hear dyn wurden
Dyn sinnen dûnsje om my hinne

Us ferhaal rekket my

Myn gisteren wurdt juster
Myn donker wurdt tsjuster

Do klinkst as thús
Ik wol allinne mar mear fan dy
Op ’e nij fereale
Op de Fries yn my

Durkje Zijlstra