Projekt Frysk en Frij

Tema
Wrâldwide frede en frijheid – sûnder honger en toarst.
Paadwizer
Neffens Psalm 103
Sa’t sterke hannen fan in mem allinne
har eigen bern yn leafde drage kinne,
sa tilt Hja ús troch wâld en wyldernis.
Ut stof fan d’ ierde hat de Mem ús makke.
Har soargen gean oer ’t lytse en oer ’t swakke,
want Hja betinkt, hoe tear ús libben is.
Wol hast universeel geheel
Hoite Pruiksma komponeart oer alle sneinen fan it tsjerklik jier syn oratoarium It lân achter it each fan de nulle – op teksten fan Aggie van der Meer. Dat n.o.f. de útjefte fan De Sneinen – het land achter het oog van de naald, in twatalige bondel dy’t yn 2022 ferskine sil. De Nederlânske oersetting is fan Catrinus Corporaal, Tytsje Hibma en Jan Popkema. Frysk en Frij nimt de foarstap om de organisaasje fan ’e grûn te tillen.
Yn 2002 ferskynde by Frysk en Frij de inkeld Frysktalige útjefte fan De Sneinen.
Pruiksma hat in tredde part fan it oratoarium al op muzyk set (útfierd yn 2015), dat sil noch op ’e nij op ’e helling en as it troch fûnsen mooglik makke wurdt, krijt it oare part allyksa syn beslach en sil dat folslein te hearren wêze – ynearsten troch hiele Nederlân; mar as it even kin ek dêrbûten, want it geheel is fan ynhâld en klank hast wol universeel.
Ynhâld en ynhouten
It lân achter it each fan ’e nulle wurdt in jûnfullend muzyk-teatraal oratoarium, gaadlik foar in grutte (tsjerke)romte of foar in lytsere teaterseal mei lûdsynstallaasje.
It is in poëtysk ferhaal fan twa sjongers: in frou en in man, yn ûnienigens oer ‘it lân achter it each fan ’e nulle’. Bystien troch twa akteurs: de ferteller en de sûndebok. Der binne fiif ynstrumintalisten: piano, slachwurk, harmoanium en sopraansaksofoan.
It publyk om de spilers hinne soarget foar in yntime sfear en setting. De teksten binne ynkringend, en bliuwe je by. Om it publyk hinne klinkt it monumintale lûd fan koaren, tsjerke-oargel en slachwurk. Muzyk dy’t reageart, antisipeart op de hanlingen en klanken fan ’e muzisy en spilers fóár it publyk yn ’e skynwerpers. Yn lytsere rûnten wurdt gebrûk makke fan lûdsynstallaasjes.
Men is yn ’e besnijing fan in minskelibben, in tocht troch in betiizjende weareld. Altyd wer gean dingen mis, ferliest de ferwachting har glâns; hâlde wy ússels foar dat it oan de oare leit, de sûndebok. En as wy dy net binnen hânberik ha, kreëare wy him wol. Mar as hy ús in spegel foarhâldt, sjogge wy in lân dat neat taseit, braak leit. Wy sille kieze moatte.
It ferhaal ferwiist nei de sneinen fan it tsjerklik jier, sinnedagen dy’t oeral skine.
Skriuwer en komponist
Aggie van der Meer debuteart yn 2000 mei 63 jier by Frysk en Frij mei eksperiminteel dichtwurk, in ‘balladeske’: De stêd, it bist, de ingel en jout dêrnei ferse- en ferhalebondels út, novelles, romans en toniel.
Yn 2011 krijt se de Piter Jellespriis foar de roman Oerfeart en yn 2019 wurdt har de Gysbert Japicxpriis taskikt foar har hiele oeuvre.
Aggie van der Meer
Hoite Pruiksma wie û.o. artistyk lieder fan ’e Nederlandse Bach Academie, is dirigint, programmeur, komponist en betinker fan bysûndere muzikale projekten.
Hoite_Pruiksma
Mei-inoar de skouders derûnder
Dit projekt fertsjinnet in breed draachflak – mei-inoar de skouders derûnder, neffens draachkracht.
De Stichting Frysk en Frij-Erfgoed Fundaasje wol dêrom dit oratoarium fan frede yn frijheid fan ’e grûn tille yn oparbeidzjen mei ynstellingen, ynstânsjes en partikulieren út de hiele mienskip, lykas:
Afûk, J.H. van Aismastichting, St. Anthony Gasthuis, P.S. Bakker Fûns, Stichting Ritske Boelema Gasthuis, Boelstra Olivier Stichting, Boersma-Adema Stichting, Stichting Herbert Duintjer Fonds, CulturEU for the Cultural and Creative, Feitsma Fûûns fwar it Frysk, Stifting FLMD, Van Heloma Stichting, Hettema Fûns, HZPC, Iepen Mienskipsfûns, P.W. Janssen’s Friesche Stichting, Stichting Juckema-Siderius Fonds, Douwe Kalma Stifting, Keunstwurk, Koninklijke Academie voor Wetenschappen/De Academie van Kunsten, Jacob Krol Fûns/Stifting Fryske Akademyfûns, Krúspunt, Nijkleaster, Stichting Het Old Burger Weeshuis, Oranje Fonds, Ottema-Kingma Stichting, Pollema-Tromp Stichting, Prins Berhard Cultuurfonds, Protestantse Kerk Nederland, Provinsje Fryslân, Rooms-Katholieke Kerk Nederland, Tresoar, Tryater, Stichting Uitzonderlijke Projecten, VSB Fonds, Wendelaar Bonga Stichting, Stifting Arjen Witteveen Fûns.
Projekt Frysk en Frij
Frysk en Frij ûntstiet yn 1944 yn ’e Twadde Weareldoarloch as fersetsbled út de yllegaliteit; sadwaande de namme, dat in tautology is, twa wurden mei deselde betsjutting: frij.
Frysk en Frij as motto stammet út de iere Midsiuwen. Yn ’e mytology komt frij fan Freya, de Germaanske goadinne fan striidberens en frijheid, leafde en ferbining; fergelykje de tiidwurden (werkwoorden) befrije, dat besettende bannen ûntbynt; en leafhawwe, leavje en frije, dat ferbynt.
