Peru is it bakerlân fan ’e ierdappel. Sa’n trijehûndert jier lyn komt de ierappel, ierpel, jirpel, rejappel of rjappel, as iten yn Europa op ’e tafel.
Fotograaf: Peter de Ruiter, Een wereld voor kinderen – Opgroeien zonder kinderarbeid, Uitgeverij Elmar B.V., Rijswijk, 2008

Dichtbondel oer de ierdappel
Frysk en Frij jout yn novimber in sammeldichtbondel út mei lyryk oer it tema: Ierdappel. Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne. Soks yn it ramt fan in histoarysk-kulturele manifestaasje, sjoch Erfgoed Fundaasje. It wurk kin gean oer de ierdappel yn alle opsichten en ynstjoeringen yn alle tongslaggen binne wolkom. By guon talen en dialekten is in oersetting yn it Frysk of Nederlâns wolkom, dat kin de skriuwer sels it bêste besjen.
De karkommisje bestiet út twa froulju en twa manlju, dy’t oant de publikaasje anonym bliuwe, itselde jildt foar de karkommisje oangeande de ynstjoerders.
By pleatsing fan in fers wurdt € 75,00 fergoede.
Ynstjoere kin nei: post@frysk-en-frij.nl.

Marijkemuoi (Maria Louise fan Hessen Kassel) sil mei har soan stedhâlder Willem VI as ien fan ’e earsten yn Nederlân seane ierdappels priuwe; Johann Hermann Knoop, har hofker, hat him teeld en biedt de nijichheid oan.
Ytseal yn it Prinsessehof te Ljouwert, 13 desimber 1742.
Boarne: Leeuwarden lonkt. Fotobeelden vanaf de 16e eeuw