Dichtersleafde,
Heine-oersettingen fan Schurer
op muzyk fan Rixt van der Kooij

Frysk en Frij fiert in Heine-projekt út. Rixt van der Kooij set oersettingen fan Fedde Schurer fan lieten fan Heinrich Heine op muzyk.
Dêrby wurdt it Fryske keunstliet útwreide yn ’e tradysje fan Paulus Folkertsma en Aafke Komter-Kuipers.
De syklus omfiemet sechstjin lieten foar bariton en piano ynspireard troch Dichterliebe fan Robert Schumann. Van der Kooij komponeart yn in let-romantysk ynspirearde styl dy’t betiden dissonant útfalt al nei’t de ynspiraasje út de tekst wei dêrta útnûget.
De útfierenden binne Daniël Hérman Mostert, bariton, en Rixt van der Kooij, piano.

De pianiste en komponiste Rixt van der Kooij lit har graach ynspireare troch de fertalingen fan Schurer. Sa skreau hja sykly fan trije lieten ûnder de titel Earme Peter (2009) en Trije blommelieten (2009) foar middenstim en piano. Op it stuit is hja te set mei syn Heine-oersettingen – in klasse apart.

Heinrich Heine (1797 – 1856)
Fedde Schurer (1898 – 1968)

Foar dizze syklus keas hja sechstjin lieten út Heinrich Heine – Gedichte Dichtwurk – Oersettings fan Fedde Schurer.

Fûle ferealens, bewûndering, tearens, lilkens, sarkasme, berêsting, iensumens en nije moed nimme de harker no en te nimmer yn ’e besnijing, hy ferliest himsels lykwols noait.