Gedichten op Tsjisse

By de dea fan in skaakfreon – Sipke de Schiffart

net ien fan de pionnen
wol in plak foarút,
lit stean twa,
de hynders wegerje te springen
op it boerd,
de lopers ha gjin nocht
oan it rinnen,
binne net foarút te bârnen,
de tuorren fiele alhiel gjin oanstriid
om út harren hoeke te kommen,
de dame, dy’t alle kanten op mei,
faak oan de râne fan it boerd ta,
is no te lamliddich om har ek mar ien fjild
te ferpleatsen,
de kening stiet mat
tusken syn eigen stikken –
ja, dat bart allegear
as dyn bêste skaakfreon
stoarn is

Tsjisse Hettema ta oantinken – Goasse Brouwer

DAT DIT DAN KIN
Dit leaf beding dat is der no net mear
dêr kin gjin Bitgumer tsjinoan regeare
at ik dan net onwennich wie
o leave Heare
dan binne Jo it wol

wy meitsje der mar wer in moaie dei fan
en priuwe altegader boppedat
dat wat ús ierde no ferskaffe kin
yn ditte deagewin
– evensagoed sa klear as rjappelskea.

OERLADEN DIT EN DAT
Ferplichte bin ik ta it stil gebed
by dit oansette miel net nee
want Tsjisse is der net
ik kôgje alle kweekte setters troch dat wol

wy geane doarmjend oer dit stee
gjin wurd ferlet
want yn dyn dagen binne wy.

DAT IVIGE GOEDKEAPE GRAPKE
Hoe soe ik dan in fleuriger gesang útstjitte
ta dizze himel fan it deagewisse

wat sil ik misse
dat is dan dit
en dat is Tsjisse.

EN BOPPE-AL DAN DAT
Do hast it sein, sa net,
dy oargelwurden binne yn dyn mûle lein

– hoe ha ik Heare allerwegen,
yn Jo myn Goede Hoeder fûn –

do lakest no alwer
yn wite klean?
wy witte seker dit net dat
dêrom
dat wy inoar bestean
hoe tichteby is dat
no Tsjisse?

Onder de streep – Edwin de Groot

FEANHOOP & LOVE – Arjan Hut