De earste, mei de hân skreaune, pamfletten fan it yllegale Frysk en Frij

5 maaie 2023

Yn 2023 fiert Frysk en Frij har 80-jierrich bestean: it ûntstiet yn 1943 as fersetsblêd, is nei de Twadde Wrâldoarloch in Frysktalich tydskrift en útjouwerij.
Frysk en Frij komt as pamflet yllegaal fan ’e grûn, ferskynt yn 1944 earst yn beskieden beskreaune bôgen en op 1 oktober 1944 sjocht it yn Utrecht en te Bolswert yn druk it ljocht. De namme hâldt yn: frij fan ’e besetter, fergelykje Vrij Nederland.
Frysk en Frij libbet nei de besetting folop en hat op syn hichtepunt mooglik 20.000 abonnees. It blêd krijt yn frijheid allegeduerigen te kampen mei jildkrapte fanwegen it lytse taalgebiet. It ‘sliept’ fan 1966 oant 1972, krijt syn draai wer begjin santiger jierren, groeit en floreart dêrnei as famylje- en opinyblêd.
Mar in tydskrift yn in minderheidstaal kin net sûnder strukturele oerheidsstipe. Frysk en Frij belânet sûnt 1987 yn in tsienjierrige striid om har poarsje mienskipssinten tsjin in ûnberekkenbere provinsjale oermacht, in polityk fan ferdiel en hearskje. It blêd moat it sûnt 1991 alheel sûnder dy stipe stelle. It hat foarearst genôch kriich om op eigen krêft troch te setten, mar as yn 1997 de middels útput binne en de redaksje gjin kwaliteit mear garandeare kin, hâldt dy de eare oan harsels en heft it blêd eigenmachtich op.
De útjouwerij set ûnôfhinklik troch en bestiet Anno 2023 yn alle fleur en tier.

Sjirk Frânses van der Burg nimt de foarstap ta it fersetsblêd Frysk en Frij. Van der Burg is yn 1951 de matsjedoar fan Kneppelfreed.

Lit dan krûpe dat net gean doar,
Lit dan bûge dat net stean doar –
Dy’t gjin krûpen learde giet,
Dy’t fan bûgjen frjemd bleau stiet,

Heech it hert, heech de kop:
Frysk bloed, tsjoch op!
Fedde Schurer, passifist


By de jubileumfiering op sneon 9 desimber 2023 wurdt oan ’e Kommissaris fan ’e Koaning Arno Brok de Kronyk Frysk en Frij oanbean.
En dêrneist de nijste dichtbondel fan Albertina Soepboer: Delta. Dêryn wurde fersen oer oarloch en geweld ferbûn mei it no.
Boppedat ferskynt in blomlêzing út ’e poëzy fan Bert Bakker (fersetsman, meiwurker oan Vrij Nederland en nei de oarloch oprjochter fan útjouwerij Bert Bakker).
Muzyk, ûnder oaren:
-Piter Wilkens, Ballade fan de befrijde ierdappel
Lieten fan Heinrich Heine, oer befrijing fan wrok, yn oersetting fan Fedde Schurer. Rixt van der Kooij, fleugel, Daniël Hermán Mostert, bariton.

Dat wy yn frede foar rjocht en frijdom weitsje!

Ut: Reizigers, Bert Bakker, 1935


Jubeljier
Neist de nije útjeften is 2023 ek in jubeljier omdat it argyf fan Frysk en Frij, dat no by Tresoar is, by de stichting weromkomt. Kultuerdeputearde Sietske Poepjes hat oan Frysk en Frij tasein dat hja dat regelje sil.
Frysk en Frij sil dat argyf dan ûntslute en yn bewarring jaan by de Gemeente Waadhoeke, dêr’t it foar de takomst feilich steld wurdt.
It doel is dat dit mienskipsbesit yn oktober symboalysk yn hannen fan wethâlder Jan Dykstra jûn wurdt. De argiven binne yn it gemeentehûs te Frjentsjer iepen foar ûndersyk.

Lês fierder:
Kronyk Frysk en Frij
Frysk en Frij
Albertina Soepboer
Bert Bakker (Lambertus Jozef * 1912 † 1969, skriuwer en útjouwer)
De keunstmjittige ierdappel?