30 maart 2023
By it projekt oer De keunstmjittige ierdappel? – of ierappel, irpel, jirpel, rejappel, rjappel, likegoed hokke eigenaardige ferskynselsfrucht dan ek – komt altemets it ûnderwerp taalnoarm op ’t aljemint, wat is goed en fout Frysk?
Begjin maaie 2016 hat Utjouwerij Frysk en Frij kundskip dien fan de saak dat hja har belied oangeande taalnoarm bystelt.
Sûnt is de reade folchoarder as libbene taal yn ’e beskreaune risping te uzes húsriem, ûnwjersteanber út de mûle opheind, lykas Wy meie ús stem litte hearre neist Wy meie ús stim hearre litte. ‘Hollanismen’ binne yn ’e miene omgong betroud: Sy hat sich toch net fergist neist Hja hat har dochs net fersind. Dêrmei ynherint is gender neutrale taal.
Tagelyk docht it fertoan him foar dat guon hele jonge skriuwers neist âldere konfraters ‘argayske taal’ hanthavenje of op ’e nij optocht betinke omdat se fan betinken binne dat dy wurdkar goed is en oare foarmen net geef, min Frysk betsjutte, sa as earne ynstee fan erges, efter ynstee fan achter, master ynstee fan meester, nea ynstee fan noait. Auteurs dy’t soks opteare, freegje wy nei de ynhouten fan har taalbehâld, it klear neitinken en kedizen oer har wurdkar: stiet har skriuwtaal winliken net te fier ôf fan har mûlriem sizzenskip, har eigenste belibbing?
Party lju steure har oan oarfrous-oarmans eigen lûd, oer en wer; beklinke dat as kramtried, skrassen yn ’e earen. Ja, feroaringen kinne slim sear dwaan. Lykwols, as taal ferfrjemdet, is de slimmere pine jitte skrinender.
Wy wolle it dêr jerne graach oer ha: post@frysk-en-frij.nlFrysk en Frij lit taalnoarm los
Ljouwert – De taalnoarm fan it Frysk Wurdboek en de Afûk slút net mear oan by it deistige taalgebrûk. Dat fine se by Frysk en Frij. De útjouwerij hat dêrom it beslút nommen om by takomstige útgaven wurden en sinskonstruksjes ta te stean dy’t oant no as ‘hollanismen’ te boek stiene en korrizjearre waarden.
Dat makke de útjouwerij bekend op in literêre feestjûn yn it Ljouwerter Koepelteater, op 20 maaie. Wurdfierdster en presintatrise Janna van der Meer liet de goed hûndert oanwêzigen witte dat tenei de saneamde reade folchoarder yn sinsbou net mear taboe is, likemin as ‘sich’ en oare wurden dy’t al lang ynboargere binne, mar yn it skreaune Frysk noch net tastien waarden.
Johan Oppewal, Webside Frysk en Frij, 20 maaie 2016