FOTOREPORTAAZJE
OANBIEDING SAMLE WURK JAN WYBENGA
FOTO’S: MARTIN F. LELIE, LJOUWERT
Klik op foto foar fergrutting
Sjoch ek by:
Gelegenheidstoaniel
Ynrinnerij
De famylje.
Koosje, Esther, Annemiek, Sietske Wybenga-Post en har twillingsuster Mieke Oosterhoff-Post
Nynke Eringa-Boomgaardt hat de lieding yn de persoan fan Gysbert Japiks. Se ferfangt Jelle Bangma, dy’t net kin
Akteur Thijs Feenstra, alias Jan Wybenga, en foardrachtkeunstneres Nynke Eringa
Oanbieding fan it Samle wurk fan Jan Wybenga oan Sietske Wybenga-Post en Koos Wybenga, de âldste dochter,
troch de útjouwer Goasse Brouwer
Trijetalich: Nynke Eringa ynterviewt Sietske Wybenga-Post, dy praat Noordwoolders, en Koosje Wybenga Nederlâns
Frou Wybenga docht net oan dichtsjen, se sjongt. Se treedt mei har 85 jier noch geregeldwei op mei har suster Mieke, as sjongduo
Koosje lêst in gedicht fan har soan, Ezra Houtkruyer, skreaun foar syn pake en lêzen by de kremaasje
(Samle wurk-Diel II, s. 401)
De útjouwer en Gysbert Japiks
It iten en drinken wurdt fersoarge troch Marleen Vos en Bendert-Jan van Doorn
De nammen fan it iten en drinken binne ûnder oaren inte op Jan Wybenga. Wartenzer bier, Jan 1 jonge, kowedrinken + kajeetsjes (pasteitsjes) + Griene en koaningsblauwe prinseskes (rys mei beane)
Aniek Mulders en Fera Oppewal yn ‘e betsjinning.
Wybengawyn, Moaiwaarsop, Lange dagensop, Barakkekampkes, lytse fryske deadeboekjes
Jan Wybenga himself
Links de sprekkers: Huub Mous, Jabik Veenbaas, Piter Yedema, Teake Oppewal
Bestjoer Museum Warten: Charles Storm, Grietje van der Velde, Anne Heegstra
Greetje Bijma komt fan boppen by ‘t oargel wei as Antsje mei it tsjil
(út Net fergetten fersen, Samle wurk-Diel I, sjoch ek skôging Albertina Soepboer, Samle wurk-Diel I, s. 847)
En dêr ha je links-achteroan: Folkertsma fan ‘t oargel
Jan Wybenga wít it
Antsje mei it tsjil, ûnder dy prúk sit Jitske Kingma fan Utjouwerij Elikser
Martine Kamphorst lit byldzjende keunst fan Jan Wybenga op ljochtbylden sjen
Nynke Eringa deklameart it gedicht Poepen en Bataven nimme de doarpkes yn, út de fjirde bondel lyts frysk deadeboek dêr’t Wybenga syn twadde Gysbert Japicxpriis foar krige
De earste sprekker Teake Oppewal: Ien en oar oer de poëzij fan Jan Wybenga (Samle wurk-Diel I, s. 839)
Twa sprekkers binne behindere: Albertina Soepboer en Abe de Vries.
Troch tûkelteammen y.f.m. subsydzjes moat de datum fan it eksperiminteel sympoasium ferskood wurde fan 28 septimber nei 24 novimber. In hele protte ekstra geregel om iderien op inselde datum wer byinoar te krijen. Mar dat slagget. Allinne Albertina Soepboer hat mei har famylje al in fakânsje yn Spanje pland. It spyt har o sa, mar se kin dat net mear fersette. Frysk en Frij en Albertina besjogge oft har lêzing fia skype trochkomme kin. Mar dêr wurdt fan ôfsjoen, want soks befoarderet in libbene diskusje yn dit gefal net. Dat in oar har referaat nei foaren bringt, is likemin gaadlik: Albertina kin dan sels net oan ‘e diskusje meidwaan. Likegoed: har lêzing is opnommen yn it Samle wurk-Diel I, s. 847.
Abe de Vries mailt op 13-11-2012: Ik sil der net by wêze, de 24ste. Dy jûns is myn âldste soan op tillevyzje mei in dokumintêre fan in healoere.
Omdat Abe syn referaat der net is, kin it net opnommen wurde yn it Samle wurk (Sjoch fierders wol Abe syn skôging yn Diel I, s. 779.)
Gysbert Japiks hat Jan Wybenga op it harspit, of oarsom
Jan Wybenga wit fan oanhâlden
Sprekker Jabik Veenbaas
Dichteres Marijke de Haan
Dichter Jelle Zwart, foar him skriuwster Elske Schotanus
Skriuwster/dichteres Matty de Vries
Filmer Hein van der Vliet moat deroan gelove
Skoft. Amoebesop en Foksejachtsop
Rjochts de skriuwsters Baukje Tsjerkje de Jong en Auck Peanstra
Skriuwers Oebele Vries, Pier Boorsma en útjouwer Robert Seton
Nettsjinsteande it dampe waar is de tsjerke aardich beset
Sietske en Mieke wurdt it iten brocht
Ferkeap
Keunst út 1789 fan ‘e brânskilders Jurjen en Ype Staak
Folkertsma ferheft it folk mei modernistise klanken út it Van Dam-oargel fan 1874
It begjint wer. Antsje mei it tsjil klingelet mei de bel
Deklamaasje
Poeet is pommerant út Wybenga syn earste bondel Amoeben út 1954
Trakl út Wybenga syn twadde bondel, Barakkekamp, dêr’t er syn earste Gysbert Japicxpriis foar krige
Sprekker Jabik Veenbaas: De modernist Jan Wybenga (Samle wurk-Diel I, s. 863)
Jan Wybenga wit it nét
Greetje Bijma fiert it fers P. punt út (Tydskriftekajee, Samle wurk-Diel I).
It gedicht waard as nij eksperimint beskôge yn de Fryske literatuer. It gong foarôf oan de fersesyklus hurrel dat opskuor betsjut en neffens literatuerkenners jóéch it ek opskuor, mar Wybenga sels sei dat er dêr eins oars neat fan fernommen hie as wat argewaasje by mar in pear lêzers.
De oanwêzigen gean har tegoed oan hisse hurrel syn hertkloppinkjes: pittige Italiaanse tsiis.
Sprekker Piter Yedema: Jan Wybenga en it eksistinsjalisme (Samle wurk-Diel I, s. 869)
Sprekker Huub Mous: Modernist fan ‘e blokkedoaze, skôging oer de byldzjende keunst fan Jan Wybenga (Samle wurk-Diel II, s.407)
Greetje Bijma docht Wonderful Warten út de bondel Fergetten Fersen
Yn Museum Warten hat Utjouwerij Frysk en Frij in útstalling ynrjochte Warten en Wybenga: in oersicht fan Wybenga syn byldzjende keunst (gouaches en akwarellen) en syn libben en literêr wurk.
As bliuwend oantinken wurdt in plakette oanbean mei it selsportret fan Jan Wybenga, dat foarop de bondel stiet, en it fers Wonderful Warten. De dochters Annemiek en Esther oerlangje him oan Hermien de Haan-Laagland, wethâlder fan kultuer Boarnsterhim. Dy jout de plakette troch oan it Museum Warten, yn ‘e persoan fan Charles Storm.
Hermien de Haan lêst twa kûpletten fan it fers Wonderful Warten en hat dêrmei de útstalling iepene. Der wurdt n.o.f. in fraach fan Frysk en Frij oan tocht om in strjitnamme nei Jan Wybenga te neamen, yn Warten fansels. Mar dat kin net, want der komme op ‘t stuit gjin nije strjitten by. It idee is opnommen mei Doarpsbelang.
Neitiid skriuwt se:
Dag allemaal, Mijn man en ik hebben genoten afgelopen zaterdag. Wat zat het programma goed in elkaar, wat een prestatie die twee boeken en wat vertederend zo’n familie van wie de man/vader wordt geëerd. En wat een goede bediening met lekkere hapjes. Heel mooi. Bedankt, Hermien de Haan, Wethouder gemeente Boarnsterhim.
Nei it tankwurd fan Koosje Wybenga
Utrinnerij