Yn 2025 organiseart Rixt van der Kooij wer har Fokaal Trijelûk, yn gearwurking mei Frysk en Frij dat resulteart yn nije komposysjes op poëzy fan dichter ‘in residence’ Margryt Poortstra út har bondel Nomade.
It tema is it omdoarmjen – das Wandern. It omreizgjen troch it lânskip of it omdwalen yn gedachten, it ferdwalen yn gefoelens of it je ferliezen yn tiid en oantinkens.
I Snein 26 jannewaris: Lieder eines fahrenden Gesellen
II Snein 16 maart: In der Fremde
III Snein 27 april
: Der Wanderer.
Fermanje, Wurdumerdyk 18, Ljouwert, – 15.00 oere – entree € 17,50.
www.vocaaldrieluik.nl en www.rixtvanderkooij.nl

Net los komme kinne fan gedachten, dreamen en oantinkens en it lûd fan tsjerkeklokken is de reade tried yn it earste Trijelûk. De muzykstyl giet fan ’e Dútse nei de Frânse romantyk en komt fia it ympresjonisme út yn spesjaal foar dit konsert makke eigentiidse Frysktalige lieten yn neo-ympresjonistise styl.

Yn ’e lieten fan Johannes Brahms is de haadpersoan lokkich mei syn leafste, syn tinzen rinne lykop mei klokkelûden. Oanslutend klinkt it pianosolostik Abendglocken fan Franz Liszt, dat wif begjint, yn mineur einiget en dêrmei de lokkige tiid ôfbeakenet.
Yn ’e ferneamde syklus Lieder eines fahrenden Gesellen fan Gustav Mahler doarmet in jongfeint om nei’t syn leafste it mei in oar oanlein hat. Syn ûnbeäntwurde leafde, soe stean foar Mahler syn eigen ûnderfining, dy’t sels ek de teksten skreau.
Nei it skoft stiet it programma yn it teken fan foarbije tiid en it lân fan dreamen.
Yn ’e trije lieten fan Gabriël Fauré drôget de haadpersoan oer lok en ûnk, oer ferealens en ferlieding, oant er syn leafste allinne yn in dream sjocht.
It pianosolostik Rêverie van Claude Debussy is in deidream en yn ’e Deux Romances fan deselde spylje oantinkens oan foarbije leafde op by it deabelet.
Yn ’e syklus Tiid fan Rixt van der Kooij stiet de tsjerketoer symboal foar foarbygeande tiid. Elke toer hat syn eigen wjerklang. By it deadebeliden, hoopje wy dat ús rou de tiid beswart. De trije lieten wurde oaninoar rige troch solopianospul mei in yntroduksje, twa yntermezzo en in koda.
Yn ’e tajefte De swannen driuwe dy mânske fûgels tiidleas op ’e fiver fan it bestean.

Yn dit resital is de haadpersoan fier fan hûs, hat er heimwee en belânet er yn in mearkewrâld. Dúts, Frâns, Noars, Ingels en Frysk binne de sjongtalen.
Nei Dútse romantyk fan Robert Schumann folget de nasjonalistise Noarse romantyk fan Edvard Grieg, de Frânse elegante romantise styl fan Charles Gounod, it Ingels nasjonalisme fan John Ireland en by einbeslút trije Fryske eigentiidse lieten fan Rixt van der Kooij.

Nei de trije lieten fan Schumann út de Eichendorff-syklus op. 39, dêr’t de haadpersoan yn fredige, mankelike stimming tinkt oan thús en syn eardere leafste, folgje twa pianosolostikken fan Grieg Der einsame Wanderer en Entschwundene Tage út de Lyrisiche Stücke; dy omfiemje de mearke-achtige ballade Den Bergtekne dêr’t de haadpersoan betsjoend is troch elfedochters en syn paad nei hûs bjuster is.
Yn it liet fan Charles Gounod, Le vallon, skôget de haadpersoan op syn libben werom en freget er syn hert om werom te tsjen nei de delling fan syn jongereintiid.
Nei it skoft doarmet de haadpersoan by nacht “With silent melancholy” troch in tsjustere delling yn Songs of a Wayfarer fan John Ireland en it pianosolostik The darkened valley fan deselde, dat in ferbining is mei it earste liet Memory út de Songs of a Wayfarer.
Yn ’e syklus fan trije lieten Underweis wurdt it libben mei in lânskip fergelike. De haadpersoan lûkt troch in wreed en rotsich lân, pleage fan ’e miggen.

Robert Schumann (1810-1856) In der Fremde / Mondnacht / Schöne Fremde  / In der Fremde 
Edvard Grieg (1843-1907) – Der einsame Wanderer (1886) foar pianosolo
Edvard Grieg (1843-1907) Den Bergtekne (1877/1878)
Edvard Grieg (1843-1907) – Entschwundene Tage (1893) foar pianosolo
Charles Gounod (1818-1893) Le vallon (1840/1842)
Skoft
John Ireland (1897-1962) – Songs of a Wayfarer (1903/1911)
John Ireland (1897-1962) – The darkened valley (1920) foar pianosolo
Rixt van der Kooij (1968) – Underweis (2024/2025) – nije komposysjes op poëzy fan Margryt Poortstra.

Yn ’e lieten fan Franz Schubert wurdt de ûnrêst fan ‘der Wanderer’ tear ferklanke en freget de haadpersoan lang om let, wurch fan alle smert, om ‘swiete frede’.
Franz Liszt makke in pianotranskripsje fan it liet Ich weil in tiefer Einsamkeit fan Eduard Lassen. Yn ’e iensumens wurde oantinkens wekker en de eardere leafde wurdt yn in liet besongen.
Yn Le vieux vagabond skilderet Liszt in stjerrende âlde man, yn in grippel oan ’e dyk bemimerjend syn libbensrin.

Nei it skoft de syklus Songs of travel  fan Ralph Vaughan Williams. De sfear fan útbundich lok feroaret yn sachte mankelikens.
Yn ’e nije syklus fan Rixt van der Kooij siket de haadpersoan doel en sin, en dêrmei is er ûnderweis noch wol even besteld – oerdei wize rjochtingoanwizers him syn paad en yn ’e neare nacht ljochtsje de stjerren by. En dat mei ien foet yn ’e klaai en ien yn it woestynsân. Hy klimt, mar wurdt dwyl – jou him mar de stevige grûn ûnder de fuotten en wurden swart op wyt.

Franz Schubert (1797-1828) – Der Wanderer (1816) / Der Wanderer an den Mond (1826) / Wanderers Nachtlied D 768 op. 96 no 3 (1823) / Wanderers Nachtlied D765, op. 4 no 3 (1815).
Franz Liszt (1811-1886) – Ich weil in tiefer Einsamkeit (Eduard Lassen) (1872) foar pianosolo.
Franz Liszt (1811-1886) – Le vieux vagabond (1848)
Skoft
Ralph Vaughan Williams (1872-1958) Songs of Travel (1904)
Rixt van der Kooij (1969) Sykjen (2025) – nije komposysjes op poëzy fan Margryt Poortstra.