ÚTNÛGING
PRESINTAASJE FAN DELTA, DE NIJSTE FERSEBONDEL FAN ALBERTINA SOEPBOER
NIJE KOMPOSYSJES FAN RIXT VAN DER KOOIJ OP POËZY FAN DESELDE DICHTERES
Sykly: By de oseaan en Seereis.
Anitra Jellema, sopraan; Gerben Houba, tenor, Rixt van der Kooij, piano.
Snein 21 april 2024, 15.00 oere, Fermanje, Wurdumerdyk 18, Ljouwert.
Yntree: € 17,50.
Stichting Welmoed – www.vocaaldrieluik.nl
Utjouwerij Frysk en Frij – www.fryskenfrij.nl
Mei stipe fan: Provinsje Fryslân, Lammert Koopmans Stichting, Gemeente Ljouwert
Yn gearwurking mei De Harmonie, Ljouwert
OER DE SEE, dat is it tema fan ’e rige fan ’e trije konserten yn Fokaal Trijelûk 2024.
Utjouwerij Frysk en Frij hat komponist Rixt van der Kooij frege om nije komposysjes te meitsjen op fersen fan ’e dichteres Albertina Soepboer – yn har lyryk is de see in trochgeand elemint.
Foar de syklus By de oseaan – toanset foar tenor – keas Van der Kooij seis foarse fersen út de bondel Herbarium: By de oseaan, Dôf koper, Tekens, Yn it swart, Geheim, en De haaietosk.
De trije gedichten yn ’e syklus Seereis – foar sopraan – komme út Gearslach: Dasto yn myn mûle wenne hast, Oan board hjir en Yn ‘e fierte.
Ut de nije útjefte Delta is De seedyk is geel hjoed komponeard, duet foar sopraan en tenor.
De twa eardere útfieringen wienen al in genot foar de earskelp.
En oantrún ta mear nij poëtys en muzikaal seewurk.
Yn dit tredde konsert wurde de nije Frysktalige komposysjes kombineard mei twa oare grutte sykly:
>Venezia – seis Frânstalige lieten fan Reynaldo Hahn (1874-1947) op teksten fan Pietro Pagello, yn belkanto-styl
>Hafvets Sommar (Simmersee-lieten) – tsien lieten yn it Sweeds fan Ture Rangström (1884-1947), yn in let-romantys idioam.
Elkenien is natuerlik wolkom!
Foar de aginda: sneon 23 novimber 2024: Us aller ierdappel