Snein 21 april 2024 stoarme Fokaal Trijelûk 2024 III – mei as tema de see – los mei in prachtige meartalige útfiering: Sweeds, Fenetiaansk en Frysk.
Dat lêste omfieme poëzy fan Albertina Soepboer út de bondels Herbarium en Delta op gloednije komposysjes fan Rixt van der Kooij.
De útfierenden – sopraan Anitra Jellema, tenor Gerben Houba en pianist Rixt van der Kooij – gong gjin see te heech.
Meast mankelike seeklanken dy’t lang neigalmje en roppe om werkearend nij tij.
Tagelyk waard de nije dichtbondel Delta fan Soepboer presinteard.
Soepboer deklamearde dêrút:
Seereis
1
Dasto yn myn mûle wenne hast
wy appels ieten yn ’e sinne
do myn bewegingen rûn makkest
it sit as bloed oan ’e wyn.
No far ik ûnrêstich fierder
ferken de hurdens fan it lichem
dat sliept as wie it blau glês.
2
Oan board hjir hjit ik brekkeling
se stoke de fjurren heech op
lichte de ankers, raze as seefûgels
oant it skip fan ’e boaiem set.
Seilen klapperje gleonread op ‘e wyn
it giet nei fjirder, djipper oant it
barst, de skuorren fielber wurde.
3
Yn ’e fierte bidde appelbeammen
en at de wyn syn wjukken optilt
glydzje ik yn myn nije namme
stryk ik tarre oer my hinne.
Wekje myn wûnen yn sâltsee
nee, pine sjongt net mear
no’t ik my wer krêftich rûnje.
Op dit konsert yn ’e sfearfolle Fermanje mei in fijne akûstyk kamen sa’n fjirtich belangstellenden ôf.