
It is wer sa fier! Op ’e dei fan it Waad, sneon 27 juny om 19:30 sil it heve bij Swarte Haan, Nijebildtdyk 428 onder St.-Jabik.
Mei it libbensferhaal fan leppelbekfûgel Solanum hawwe Tjibbe Stelwagen en Caspar Koolstra in prachtige muzikale reis komponearre mei dichters Elmar Kuiper, Lara Kool, Christa Niklewitcz en Geart Tigchelaar dy’t de reis ferrykje mei har poëzy.
Komst ek? Meld dy oan en flean mei ús oer it Waad!
Solanum is in projekt yn gearwurking mei Frysk en Frij.